De ropping fan Jesaja
1Yn it jier dat kening Oezzia stoar, seach ik de Hear op in hege en ferhevene troan sitten en de timpel waard fol fan ’e seamen fan syn mantel. 2Boppe Him stienen searafingels ree, dy’t allegearre seis wjukken hienen, ien pear om it gesicht en ien pear om de fuotten mei te bedekken en noch ien pear om mei te fleanen. 3Se rôpen inoar oer en wer ta:
Hillich, hillich, hillich is de Heare Almachtich
al wat op ierde is, bewiist syn gloarje.
4Fan dat lûde roppen begûnen de doarren te ratteljen en it hûs kaam fol reek te stean. Doe sei ik:
5Wee my, ik moat my stilhâlde,
want ik bin in man mei ûnsuvere lippen
en ik ferkear ûnder in folk mei ûnsuvere lippen;
en no haw ik mei eigen eagen
de grutte kening, de Heare Almachtich sjoen!
6Mar ien fan ’e searafingels fleach op my ta mei in gleone koal yn ’e hân, dy’t er mei in tange fan it alter krige hie. 7Dêr roerde er my de mûle mei oan en hy sei:
Sjoch, dit hat dyn lippen oanroerd,
dyn skuld is weinommen en dyn sûnde is útsoend.
8Doe hearde ik de stim fan de Hear sizzen:
Wa moat Ik stjoere,
wa sil ús boade wêze?
en ik antwurde: Hjir bin ik, stjoer my mar. 9Doe sei Er: Gean hinne en sis tsjin dit folk:
‘Harkje mar mei sân pear earen,
sûnder dat jim der begryp fan krije;
sjoch mar goed út ’e eagen, sûnder dat jim wat fernimme.’
10Meitsje de geast fan dit folk staf,
meitsje har de earen doof en stopje har de eagen ticht,
dat se mei de eagen net sjen, mei de earen net hearre
en mei har geast net begripe kinne;
oars mochten se har ris bekeare en wer better wurde.
11Doe frege ik: Hoe lang moat dat duorje, Hear? Hy sei:
Salang dat de stêden yn pún lizze
en der gjin mins mear wennet;
de huzen leech steane
en it lân der foar wyld hinne leit,
12en de Heare de minsken hjir weijage hat fier fuort,
en it ek midden yn it lân ien grutte ferlittenheid is.
13Al bliuwt der ek mar in tsiende part fan it folk oer,
dan sil sels dat noch wer opromme wurde.
Mar lykas by it roegjen fan in ikebeam of terebint
in stobbe sitten bliuwt, dy’t wer útsprút,
sa sil ek út dizze stobbe wer in hillige neiteam sprute.