Net bang wêze mar fertrouwe
1Yn ’e dagen fan kening Achaz fan Juda, soan fan Jotam, soan fan Oezzia, sette kening Resin fan Aram mei kening Pêkach fan Israel, soan fan Remalja, op Jeruzalem ta om dêr de striid tsjin oan te gean. Mar hy koe der neat tsjin begjinne. 2Doe’t Davids hûs trochdien waard: De Arameeërs binne op Efraïm delstrutsen, doe trille de kening en syn folk it hert, sa’t de beammen fan ’e bosk trilje yn ’e wyn. 3Mar de Heare sei tsjin Jesaja: Gean Achaz yn ’e mjitte, do en dyn soan Sjeär – Jasjûb, oan de ein fan ’e wetterôffier fan ’e boppeste fiver ta, dêr’t de hege wei nei it Blikkersfjild begjint. 4Dêr moatst tsjin him sizze: Nim jo te wacht en hâld jo kalm, wês net bang en lit de moed net sinke om dy twa smeulende stikken brânhout, om de gleone grime fan Resin mei syn Arameeërs en dy soan fan Remalja. 5Wis, de Arameeërs en de Efraïmiten ûnder Remalja syn soan binne fan doel jo kwea te dwaan en sizze: 6‘Lit ús op Juda ôfgean, de skrik deryn jeie, it dan ynpalmje en de soan fan Tabeal der kening oer meitsje.’
7Mar dêr hat God de Heare dit op te sizzen:
Dat giet net troch, dat sil net wêze.
8-9Al is Damaskus de haadstêd fan Aram
en Resin haad fan Damaskus,
al is Samaria de haadstêd fan Efraïm
en de soan fan Remalia haad fan Samaria,
it duorret gjin fiifensechstich jier mear,
dan is it dien mei Efraïm en is it as folk wei.
As jim sels net fêsthâlde,
wurde jim net fêsthâlden.
De Immanûel-profesij
10Fierder sei Jesaja tsjin Achaz: 11Freegje jo God, de Heare, mar om in teken, oft it no djip út it deaderyk wei komt of heech út ’e hichte. 12Mar Achaz antwurde: Ik sil de Heare net fergje en nearne net om freegje. 13Doe sei er: Harkje noris goed, hûs fan David: Is it jimme net genôch, dat de minsken skjin har nocht krije? Wolle jimme safier gean, dat myn God ek syn nocht kriget? 14Dan sil de Heare jim út Himsels in teken jaan:
Sjoch, de jonkfrou is yn ferwachting,
hja sil in soan krije en him de namme jaan: Immanûel – Mei ús is God.
15Molkenbrij en hunich sil er te iten krije; oant er sa wiis is, dat er it ferkearde fersmyt en it goede kiest. 16Want ear’t it jonkje safier is, sil it lân fan de twa keningen dêr’t jo foar yninoar dûke, in ferlitten oarde wêze. 17De Heare sil foar jo en jo folk en foar jimme heite hûs in tiid komme litte sa’t der gjint west hat, sûnt de dei dat Efraïm him fan Juda losmakke.
De ferwoesting komt
18Dy deis komt it sà:
De Heare sil de miggen byinoar fluitsje
by de úteinen fan ’e rivieren fan Egypte wei
en de bijen út Assyrië.
19Dy sille komme en mei-inoar delstrike
yn ’e djippe dellings en rotsravinen;
de toarnebosken en de stikelpôlen sille der swart fan wêze.
20Dy deis sil de Hear
mei in skearmes dat Er oare kant de rivier hierd hat
– de kening fan Assyrië –
de holle en it hiele lichem glêdskeare;
it burd giet der ek skjin ôf.
21Dy deis komt it sà:
Se hâlde de man noch in jonge ko
en in pear skiep oer,
22en dy jouwe sa’n soad molke,
dat se kinne mar molkenbrij ite;
ja, molkenbrij en hunich sille se ite al de lju dy’t noch yn it lân oer binne.
23Dy deis komt it sà:
Elk stee dêr’t earder tûzen
wynstokken stienen,
dy’t tûzen sulverstikken wurdich wienen,
wurdt dan ien grutte toarne- en stikelbosk.
24Men sil der allinne noch hinnegean mei pylk en bôge,
want it hiele lân is ien grutte toarne- en stikelbosk;
25Alle lân yn ’e bergen, dat se earder mei de lodde omhakken,
sil men gjin foet mear op sette
fanwegen de toarnen en stikels;
der sil nochris wat fee yn jage wurde
en de skiep sille der noch wat yn omwâdzje.