It liet fan ’e wyngerd
1No wol ik sjonge fan myn freon,
in liet oer myn freon en syn wyngerd.
Myn freon hie in wyngerd,
tsjin in hichte mei bêste grûn.
2Hy hie him omhakke, de stiennen derút helle
en him mei útsochte wynstokken beplante;
Hy hie der in toer midden yn set
en der ek in parskûpe yn úthoud.
Doe ferwachte er, dat dy wyngerd goede druven jaan soe,
mar hy joech allinne wylde.
3No dan, folk fan Jeruzalem,
en jimme, mannen fan Juda,
besljochtsje dochs it pleit
tusken myn wyngerd en my.
4Wat hie der noch mear oan myn wyngerd dien wurde kinnen,
dat Ik der net oan dien haw?
Wêrom hat er, wylst Ik goede druven ferwachte,
allinne mar wylde jûn?
5No dan, Ik sil jim fertelle wat Ik mei myn wyngerd dwaan sil:
de ôffreding weinimme,
dan kinne se him mar ferrinnewearje;
de muorre ôfbrekke,
dan kinne se him mar platwâdzje.
6Ik meitsje der in wyldernis fan,
hy sil net mear opsnoeid of omhakke wurde,
en oergroeid reitsje mei toarnen en stikels.
Ik ferbied de wolkens der rein op falle te litten.
7Wolno, dy wyngerd fan de Heare Almachtich,
dat is it folk fan Israel;
dy oanplant dêr’t Er sa wiis mei wie,
dat binne de mannen fan Juda.
Hy ferwachte goed bestjoer, mar it waard bloedbestjoer,
Hy ferwachte rjochtsbedieling, mar it waard rjochtsfernieling.
De seis ferflokkings
8Wee de lju, dy’t it iene hûs nei it oare ynpalmje,
en ikker nei ikker byinoar skuorre,
oant der gjin hoekje mear oer is
en jim allinne it lân yn hannen hawwe.
9Mei eigen earen haw ik de Heare Almachtich sizzen heard:
Ik stean der jimme foar yn, dat wit-hoefolle huzen deroan geane,
prachtige grutte huzen komme leech te stean.
10Want tsien pûnsmiet wyngerd sil mar ien fet wyn opbringe,
en in mudde sied jout mar it tsiende part oan nôt.
11Wee de lju dy’t der moarns ier en betiid ôfgeane
om mar oan drank te kommen;
en oant let yn ’e jûn omhingje mei in holle, gleon fan ’e wyn.
12Liere en lytse harp, hântromme en skalmei
hearre der op sokke drankfeesten by,
mar it wurk fan de Heare hawwe se gjin each foar,
wat syn hannen dogge, sjogge se neat fan.
13Dêrom giet myn folk de ballingskip yn
– se witte ommers fan neat –.
Dêrom komt de hegerein om fan ’e onger
en fergiet it sljochtwei folk fan ’e toarst.
14Dêrom rekt it deaderyk de swolge fier út
en set syn ûnbidige bek wiid iepen;
dêr sille de lju fan oansjen út ’e stêd
en it sljochtwei folk yn weisinke;
mei al har droktemakkerij en wyld getjirch.
15Dan krûpe de minsken en moat elkenien him bûge,
de heechmoedige kin de eagen mar delslaan.
16Mar heech troanet de Heare
Almachtich yn rjochtfeardichheid
en de hillichheid fan de hillige God komt út yn gerjochtichheid.
17Lammen sille dêr weidzje, as wie ’t har eigen lân,
en fette skiep fine op ’e púnbulten har iten.
18Wee de lju dy’t de ûngerjochtichheid
mei koarden fan bedroch nei har ta skuorre
en de sûnde oanlûke mei sterke sylstringen;
19dy’t sizze: Lit Him oanmeitsje,
lit Him mei hasten dien wurk meitsje, dan kinne wy it sjen;
lit it riedsplan fan de Hillige fan Israel
mei gauwens folbrocht wurde,
dan witte wy wêr’t wy oan ta binne.
20Wee de lju dy’t it kweade goed en it goede kwea neame,
dy’t tsjusternis trochgean litte foar ljocht
en ljocht foar tsjusternis;
dy’t wat bitter is swiet neame en wat swiet is bitter.
21Wee de lju dy’t harsels wiis achtsje
en miene dat se sa ferstannich binne.
22Wee de lju dy’t baasmannen binne yn it wyndrinken
en dy’t sa sterk binne yn it mingen fan dranken,
23dy’t har omkeapje litte en dan de skuldige frijsprekke,
mar wa’t yn syn rjocht stiet, syn rjocht ûntkeare.
24Dêrom, lykas tongen fan fjoer de stoppel fertarre
en sa’t hea yn ’e lôge ferskronfelet,
sa sil har woartel fermôgje,
har bloei as stof ferstowe,
om’t se de wet fan de Heare Almachtich fersmiten hawwe
en it wurd fan de Hillige fan Israel ferachte.
It folk fan fierrens
25Dêrom is de grime fan de Heare oplôge tsjin syn folk
en hat Er de hân tsjin har ûnderhelle en har slein,
dat de bergen derfan skodzje
en har liken as ôffal midden op ’e strjitte lizze.
En nòch is syn grime net belune
en hâldt Er de hân yn ’e hichte.
26Hy sil in sein jaan oan in folk fan fierôf,
fan ’e úteinen fan ’e ierde sil Er har byinoar fluitsje;
en sjoch, dêr komme se oan, rêd en mei faasje.
27Gjinien dy’t wurch is of stroffelet,
gjinien dy’t slommet of sliept;
gjinien mei de mulriem los,
gjinien mei in stikkene sandaalriem.
28Har pylken binne op it skerpst en har bôgen steane allegear spand;
de hoeven fan har hynders binne hurd as fjoerstien
en de tsjillen fan har striidweinen giselje deroer.
29It is in brinzgjen sa’t in liuwinne docht,
as jonge liuwen brinzgje se;
gromjend gripe se de bút,
tôgje dy fuort en gjinien dy’t him harren ûntskuort.
30Gromjend geane se deroer gear,
gromjend as de see.
As men it lân oer sjocht, dan is it allegear neare nacht,
it ljocht is weiwurden yn it tsjuster fan ’e wolkens.