Gjin earetsjinst yn ballingskip
1Meitsje dy net bliid, Israel,
en jubelje net lykas de oare folken;
want yn ûntrou hasto mei dyn God brutsen,
do hast op huorrelean longere,
op alle flierren dêr’t nôt terske wurdt.
2Terskflier of wynkûpe sil harren net sêdzje,
it druvesop sil harren slim ôffalle.
3Hja sille net yn it lân fan de Heare bliuwe,
mar Efraïm moat werom nei Egypte
en yn Assyrië sille se ûnrein iten krije.
4Se sille de Heare gjin wynoffers bringe
en har fleisoffers sille se Him gjin deugd mei dwaan.
Har iten sil wêze as leedbrea,
elkenien dy’t derfan yt, makket himsels ûnrein.
Want har brea sil inkeld de eigen mage stopje,
yn it hûs fan de Heare komt it net.
5Wat sille jimme begjinne as it hjeldei is,
in feestdei fan de Heare?
6Se binne wol oan ’e útroeging ûntkommen,
mar Egypte sil harren byinoar driuwe,
Mof wurdt har grêf.
Brannettels sille har sulverskatten oerwoekerje,
stikels sille yn har tinten waakse.
7De dagen fan de straf komme,
de dagen fan de ôfrekken.
Israel sil it gewaar wurde!
‘Dy profeet is net wiis,’ sizze se,
‘en dy man fan ’e Geast is oan ’t dwyljen!’
Om’t jim ûngerjochtichheid sa grut is,
is jim fijannigens sa grut.
8Dy’t by myn God oer Efraïm de wacht hâldt, de profeet,
fynt op al syn wegen it flapnet fan ’e fûgelfanger,
fijannigens yn it hûs fan syn God.
9Se hawwe it slim bedoarn
lykas yn ’e dagen fan Gibeä.
Hy sil har ûngerjochtichheid ûnthâlde,
har sûnden sil Er op har ferhelje.
Fergiene gloarje
10As druven yn ’e woestyn,
sa haw Ik Israel fûn,
as ierripe fruchten fan ’e figebeam yn ’e earste pluk,
sa haw Ik jimme foarâlden sjoen.
Mar hja gongen nei Baäl-Peör ta,
wijden har oan dy skande-god,
en binne in ôfgriis wurden,
lykas it ding dêr’t har leafde nei útgong.
11Efraïm syn gloarje fljocht as in fûgel foarby:
bern komme der net mear, froulju binne net mear swier,
reitsje sels net mear yn ferwachting.
12En al bringe se har soannen grut,
Ik nim se har ôf, dat der gjin mins mear oerbliuwt.
Mar sels binne se der ek ûngelokkich oan ta,
as Ik My fan harren ôfkear.
13Efraïm, sa’t Ik it seach,
wie in jonge palmbeam, set yn in leaflike lânsdouwe;
datselde Efraïm moat no syn soannen nei de slachtbank bringe.
14Jou harren, Heare,
– o wat sille Jo jaan? –
harren in ûnfruchtbere memmeskurte
en boarsten dy’t gjin tate jouwe.
15Al har ferkeardens is te Gilgal oan ’t ljocht kommen,
dat dêr haw Ik al in haat tsjin harren krige.
Om har min dwaan sil Ik harren út myn hûs weireagje.
Tenei haw Ik har net mear leaf:
al har liedslju binne rebellen.
16Efraïm is oantaast:
syn woartel is útdroege, frucht komt der net mear fan.
Sels al soenen se noch bern krije,
Ik sil har leave skatten stjerre litte.
17Myn God sil harren ferstjitte,
om’t se net om syn sizzen jaan wolle;
it wurde omstippers ûnder de oare folken.