Lean nei wurken
1De rammehoarn oan ’e mûle!
Ien as in earnfûgel stoart him oer it folk fan de Heare,
om’t se myn ferbûn ferbrutsen hawwe
en har net hâlden hawwe oan myn wet.
2Al roppe se noch sa:
‘Myn God, wy, Israel, kenne Jo!’ –
3Israel hat it goede fersmiten,
de fijân sil him hjitfolgje.
4Se hawwe guon ta kening útroppen,
mar bûten My om;
oaren in foaroanplak jûn,
mar Ik mocht der net fan witte.
Fan har sulver en goud hawwe se harsels ôfgodsbylden makke,
mar dy sille fernield wurde.
5In ôfgriis haw Ik fan dyn keallebolle, Samaria,
myn grime is oplôge tsjin syn ferearders.
Hoe lang moat it noch duorje, dat se rein binne?
6Unskuld leit Israels folk fier.
Om’t er mar smidswurk is en gjin god,
dêrom giet er finaal oan grús, dy keallebolle fan Samaria!
7Want: siedzje se wyn, stoarm helje se yn.
Al sjit it nôt heech op, ieren komme der net oan;
moal komt der net fan.
En mocht der al wat fan komme,
dat wurdt troch frjemden ferswolge.
8Ja, ferswolge wurdt Israel;
en no steane se tusken de folken as in stik ark, ta weismiten keard,
9want út harsels binne se nei Assyrië gien.
Mar wylst in wylde ezel him kalm hâldt,
hat Efraïm mei leafdejeften frijers keapje wollen.
10Mar al krigen se by de folken leafdejeften,
Ik sil harren likegoed byinoar driuwe,
dat se mei koarten yninoar krimpe ûnder de lêst fan de kening fan ’e foarsten.
11Wol hat Efraïm gâns alters set,
mar allinne om te sûndigjen;
sûnde-alters binne it.
12Al skriuw Ik him tsientûzen kear myn wetten foar,
hy sjocht der frjemd tsjin oan.
13Hja meie graach fleisoffers bringe
en dat dogge se dan ek,
hja meie graach fleis en dat ite se dan ek,
mar de Heare hat der gjin gefallichheid yn.
Wannear’t Hy oan har ûngerjochtichheid tinkt
en har foar har sûnden straft,
dan moatte se nei Egypte werom.
14Om’t Israel fergetten hat, Wa’t him makke,
en paleizen boud hat;
om’t Juda syn tal festingstêden ferdûbele hat,
slingerje Ik fjoer yn syn stêden,
dat syn stinzen fertarre sil.