Byldetsjinst te skande makke
In weelderich wreidzjende wynstôk wie Israel,
en syn frucht wie dêrneffens.
Wat mear frucht dat dêroan kaam,
wat mear offers dat er brocht.
Wat better har lân derfoar stie,
wat moaier wijstiennen dat se makken.
Har hert giet stikken,
as se har trekken thúskrije.
Hysels sil har alters delhouwe,
har wijstiennen oan grús slaan.
Dan kinne se wol oankomme mei:
‘In kening hienen wy net,
want as men gjin ûntsach foar de Heare hat,
wat soe in kening jin dan jaan?’
Moaie wurden ha se brûkt,
falske eden ha se sward en se binne mar ferbûnen oangien,
mar it rjocht ferwyldere ta fergiftich ûnkrûd
yn ’e fuorgen fan ’e ikker.
It keal fan Bet-Awen,
dêr sille de ynwenners fan Samaria oer yn noed sitte,
it folk dêr sil derom rouje mei de ôfgodsprysters;
dy sille deroer jammerje, dat syn hearlikheid harren ôfnommen is.
It keal sil ek nei Assyrië brocht wurde,
as in presint foar kening ‘Striidnocht’.
Efraïm sil himsels te skande meitsje,
Israel smoarch weikomme om wat er fan doel wie.
Samaria sil omkomme
en syn kening sil weidriuwe as in houtspoen op it wetter.
Dy ûngelokkige offerhichten,
de sûnde fan Israel, dy sille ferrinnewearre wurde;
toarnen en stikels sille har alters oerwreidzje.
Tsjin ’e bergen sille se sizze: Bedobje ús!
en tsjin ’e heuvels: Fal oer ús hinne!
Wapens bringe gjin út komst
Sûnt de dagen fan Gibeä hasto al mis west, Israel.
Fan datoangeande binne se neat feroare.
Grif sil om Gibeä de oarloch harren oer it mad komme.
Ik bin fan doel dat ferkearde folk ôf te straffen;
folken sille tsjin har gearbrocht wurde,
om’t se fertiisd sitte yn har dûbele skuld.
En dochs wie Efraïm in beleard rier,
dat graach terskje mocht.
Ik wie it, dy’t har it jok op ’e sierlike nekke lei,
Ik haw Efraïm ynspand,
Juda moast ploegje, Jakob moast sels foar de eide.
Siedzje gerjochtichheid foar jimme eigen bêst,
en helje de frucht fan trouwe leafde yn;
brek jimme grûn iepen,
want it is no de tiid om de geunst fan de Heare te sykjen,
dat Er komme mei en syn heil oer jim reine litte.
Mar jim hawwe ûngerjochtichheid ynploege
en ûnrjocht ynhelle;
de frucht dy’t jimme ieten, wie leagen.
Omdatsto alles ferwachte hast fan dyn macht
en fan ’e mannichte fan dyn striders,
dêrom sil it oarlochsgeweld tsjin dyn folk losbarste;
al dyn festings wurde mei de grûn lykmakke;
lykas Salman mei Bet-Arbel die de deis fan ’e striid,
doe’t mem en bern yn ien slach ferplettere waarden.
Sa sil Hy mei jimme dwaan, folk fan Israel,
om’t jimme troch-ende-troch ferkeard binne;
al yn ’e iere moarn sil it mei Israels kening fergoed dien wêze.