Jakobs bern net better as har stamfaar
1Dy fan Efraïm hawwe leagens om My hinne spand,
it folk fan Israel falske streken.
Juda bliuwt wif foar God oer,
foar de Heechhillige, dy’t sa trou is.
2Efraïm siket gedoente mei de wyn
en sit oan ien stik wei achter de eastewyn oan;
leagen en geweld helje se mear en mear oan,
se geane in akkoart oan mei Assyrië,
fiere oalje út nei Egypte.
3Mar de Heare hat in rjochtsaak tsjin Juda,
Hy sil Jakob straffe foar syn dwaan en litten,
him syn dieden yn rekken bringe.
4Yn ’e memmeskurte hied er syn broer al te pakken,
yn ’e krêft fan syn libben wraksele er mei God.
5Ja, hy wraksele mei in ingel en oerwûn,
hy skriemde en smeekte Him om genede;
te Bet-El hat Er him fûn
en dêr hat Er him te wurd west,
6Hy, de Heare, God Almachtich;
Heare is syn namme.
7Kom do dochs werom troch de help fan dyn God,
nim leafde en rjocht yn acht
en hoopje aloan op dyn God.
8As in keapman mei falske skealjes yn ’e hân,
sa is Efraïm derop út om de lju ôf te setten.
9En dan tinkt er: ‘Ik bin dochs mar ryk wurden,
in fermogen haw ik my wûn;
al myn gewin beswierret my net mei skuld
dy’t sûnde hjitte kin.’
10Mar Ik bin de Heare, dyn God, al sûnt Egypte,
Ik sil dy op ’e nij yn tinten wenje litte
lykas yn ’e dagen fan ’e ‘moeting’.
11Ik sil tsjin de profeten sprekke,
har hieltyd wer fizioenen jaan
en gelikenissen yn ’e mûle lizze.
12Mei al har ûngerjochtichheid yn Gileäd
hawwe se neat bedijd;
al offerje se bollen te Gilgal,
har alters wurde likegoed stienbulten yn ’e fuorgen fan ’e ikkers.
13Jakob socht ûntwyk yn it lân fan Aram,
Israel tsjinne om in frou te winnen,
ja om in frou hat er de skiep hoede en noede.
14Mar troch in profeet hat de Heare Israel
út Egypte hjir hinne bringe litten
en in profeet hat harren hoede en noede.
15Efraïm hat syn Hear bitter kronken,
dêrom sil Er syn bloedskuld op him delkomme litte
en Hy sil syn skande op him ferhelje.