Offal fan God betsjut de dea
1As Efraïm it wurd naam, joech dat in opskrik;
hy wie heech yn oansjen yn Israel,
mar hy hat him besûndige oan ’e Baäl en dat waard syn dea.
2Se gongen mar troch mei sûndigjen
en makken harsels in getten byld;
ja, fan har sulver makken se ôfgodsbylden nei eigen begryp,
allegearre smidswurk.
Dêr, seinen se, moatte jimme oan offerje;
en minsken tuten keallen!
3Dêrom sille se wurde as in moarnsdize,
as dauwe dy’t yn ’e iere moarn ferfljocht;
as tsjêf dat fan ’e terskflier ôfwaait
en as reek út in traaljefinster.
4Mar Ik, de Heare, wie dyn God al sûnt Egypte;
in God bûten My koesto net
en der wie gjin oar as Ik, dy’t dij befrije koe.
5Ik, Ik koe dy al yn ’e woestyn,
yn it lân fan ’e gleone hjitte.
6Se weiden en krigen sêd;
mar doe’t se sêd wienen, waarden se heechmoedich;
sadwaande forgeaten se My.
7Sa sil Ik as in liuw foar harren wurde,
as in panter op ’e loer oan ’e kant fan ’e wei.
8Ik sil op harren oanfalle as in bearinne dy’t de jongen ôfstellen binne,
en harren de ribbekast iepenskuorre.
Ik sil har fersline as in liuwinne,
de wylde bisten sille har ferskuorre.
9As ik dij de ûndergong doch, Israel,
wa soe dan dyn helper wêze?
10Wêr is dan dyn kening, dy’t dij yn al dyn stêden befrije soe?
Wêr binne dan dyn bestjoerders,
dêrsto fan sein hast:
jou my in kening en lieders?
11Yn myn grime joech Ik dy in kening,
yn myn grammoedichheid nim Ik him dy wer ôf.
12Efraïm syn ûngerjochtichheid is goed opburgen,
syn sûnde wurdt sekuer bewarre.
13As fan him de berteweeën komme,
blykt it in sleau bern te wêzen;
as it syn tiid is, giet it der net goed foar lizzen.
14Soe Ik harren dan rêde út ’e macht fan it deaderyk,
harren loskeapje fan ’e dea?
Dea, wêr bliuwsto mei dyn pestsykten?
Deaderyk, wêr bliuwsto mei dyn goarre?
Begrutsjen wit Ik net mear fan.
15Al stiet er yn ’e fleur ûnder de bruorren,
de eastewyn sil komme, de wyn fan de Heare,
dy’t út ’e woestyn wei opstekt.
Dan sil syn boarne opdroegje,
syn welle droech komme te lizzen.
Dy sil syn skatkeamer plonderje,
dat der gjin kostber stikje oerbliuwt.