Gods leafde sterker as Israels ûntankbrens
1Doe’t Israel noch in bern wie, haw Ik him leaf krige
en haw Ik myn soan út Egypte roppen.
2Mar hoe’t Ik ek rôp, se joegen har fan My ôf;
se offeren oan ’e Baäls
en brochten rûkoffers oan houde bylden.
3En dochs wie Ik it, dy’t Efraïm rinnen learde,
Ik naam him op ’e earm,
mar se woenen it net wêze, dat Ik it wie, dy’t op harren paste.
4Ik stjoerde him mei in beachje fan minsklikens,
mei koarden fan leafde.
Ik wie foar harren as immen dy’t in berntsje oanhellet;
Ik bûgde my del om him iten te jaan.
5Ja, hy moat werom nei Egypte
en Assyrië sil kening oer him wêze,
want se woenen har net bekeare.
6It swurd sil derop ynrame yn syn stêden,
it lit him troch gjin skoattel tsjinhâlde;
it sil har fersline, om wat se fan doel wienen.
7Myn folk rekket ynein troch syn ôffal fan My;
hoe’t se Baäl ek oanrôpen,
dy kin harren net op ’e kluten helpe.
8Hoe soe Ik dy opjaan kinne, Efraïm,
dy oerleverje, Israel?
Hoe soe Ik dy meitsje kinne as Adama,
dy lyksette mei Seboïm?
It hert keart My om,
it begruttet My troch alles hinne.
9Ik sil myn gleone grime net syn gong gean litte,
Ik sil Efraïm net wer ferdylgje,
want God bin Ik en net in minske,
de Hillige yn dyn fermidden,
Ik kom net as in grimmitige.
10Achter de Heare sille se gean.
Hy brinzget as in liuw,
ja, brinzgje sil Er,
en syn soannen sille triljend fan ’e seekant komme.
11Triljend as fûgels sille se út Egypte komme,
as in do út Assyrië.
Ik sil har wenje litte yn har huzen
– de godsspraak fan de Heare.