Kristus is hegepryster fan it nije ferbûn
1It punt dêr’t it yn ús petear op oankomt, is dit: Wy hawwe sa’n hegepryster dy’t sit nommen hat oan de rjochterhân fan ’e troan fan ’e Majesteit yn ’e himel. 2Hy tsjinne yn it hillichdom, yn ’e wiere tinte, dy troch de Heare set is en net troch de minske.
3No is elke hegepryster oansteld om jeften en offers te bringen. Dêrom moast ek Dizze wat hawwe om te offerjen. 4Wis, as Er no op ierde wie, soed Er net ienris pryster wêze: der binne (ommers) al guon dy’t neffens de wet de jeften offerje. 5It hillichdom dêr’t hja tsjinje, is mar in ôfbylding en skaad fan dat yn ’e himel. Doe’t Mozes de tinte meitsje soe, krige er dan ek befel fan God: Tink derom, datsto alles makkest neffens it model datsto op ’e berch sjoen hast.
6Mar no hat Jezus in trefliker tsjinst krige, lykas Er Middeler is fan in nammerste better ferbûn, ien dat op bettere beloften berêst. 7As ommers dat earste ferbûn sûnder lek en brek west hie, dan soe der gjin plak foar in twadden ien socht wêze. 8Want God lekket har mei dizze wurden:
Der komme dagen, seit de Heare,
dat Ik mei it folk fan Israel en mei it folk fan Juda in nij ferbûn slute sil.
9Dat sil oars wêze as it ferbûn,
dat Ik mei har foarfaars sletten haw,
de deis dat Ik har by de hân krige om har út Egypte te lieden.
Want se hawwe har net hâlden oan myn ferbûn en sa haw Ik de hannen fan har ôflutsen,
seit de Heare.
10Want dit is it ferbûn, dat Ik nei dy dagen mei it folk fan Israel slute sil, seit de Heare:
Ik sil myn wetten har yn it ferstân jaan
en se har op it hert skriuwe;
dan sil Ik har God wêze
en sy sille myn folk wêze.
11Dan sil net ien mear syn lânsman of syn broer beleare, mei de wurden:
Ken de Heare. Want allegearre,
lyts en grut, sille se My kenne.
12Want Ik sil har de ûngerjochtichheden ferjaan
en har sûnden sil Ik net langer oan tinke.
13Mei’t Er fan in nij ferbûn sprekt, hat Er it earste foar ferâldere ferklearre. En alles dat âld en griis wurdt, is oan it ferdwinen ta.