De âlde earetsjinst is in byld fan it offer fan Kristus
1No wie it wol sa, dat it earste ferbûn ek ynsettings foar de earetsjinst en it hillichdom hie. It wie in ierdsk hillichdom: 2Der waard in tinte opset, mei yn ’e earste ôfdieling de kandler en de tafel foar it útstallen fan ’e breaën; dy ôfdieling wurdt it hillige neamd. 3Achter it twadde kleed lykwols wie in ôfdieling dy’t it Alderhillichste neamd wurdt. 4Dêr hearden by: it gouden rookalter en de arke fan it ferbûn, hielendal mei goud beslein, en dêryn in gouden krûk mei manna en de stêf fan Aäron dy’t bloeid hie, en de platen fan it ferbûn. 5Boppe de arke stienen de hearlike kearûb-ingels, dy’t har wjukken útspraten oer it soendeksel. De bysûnderheden dêrfan kinne wy no net fierder op yngean. 6Nei’t alles sa klearmakke is, geane de prysters it hiele jier troch yn ’e earste ôfdieling om har hillige tsjinst te folbringen. 7Yn ’e twadde ôfdieling lykwols komt allinne de hegepryster mar, en ek mar ien kear yn it jier. Dan hat er bloed by him, dat er offeret foar himsels en foar de misstappen fan it folk.
8Dêr makket de hillige Geast dúdlik mei, dat de tagong ta it hillichdom noch net oan it ljocht brocht is, salang’t de earste tinte bestean bliuwt. 9Dy is in gelikenis dy’t slacht op ’e tsjintwurdige tiid. Yn ferbân dêrmei wurde jeften en offers opdroegen, dy’t him dy’t de Heare oanbidt, inerlik net folslein meitsje kinne. 10Dy offers hawwe allinnich te krijen mei iten en drinken en allerhanne plechtichheden by de suvering. It binne foarskriften foar de bûtenkant, dy’t oplein binne oant der in better bestel komt. 11Mar no is Kristus kommen as hegepryster fan ’e goede dingen dy’t der al binne. Hy gong troch in tinte, grutter en folsleiner as de eardere: net mei minskehannen makke, dat is: net fan dizze skepping. 12Doe’t Kristus ienkear foargoed yn it hillichdom yngong, naam Er ek net bloed fan bokken en keallen mei (om te offerjen), mar syn eigen bloed. En sa hat Er in ivige ferlossing bewurke. 13Want as it bloed fan bokken en bollen en de jiske fan it rier dy’t sprinkele wurdt oer har dy’t ûnrein (wurden) binne, (al) sa hilliget, dat se uterlik rein binne, 14hoefolleste mear makket dan it bloed fan Kristus suver! Hy hat Himsels troch de ivige Geast oan God offere as in offer sûnder wryt of slyt. Dat offer suveret ús gewisse fan weardeleaze dieden, dat wy kinne (no) de libbene God tsjinje. 15En dêrom is Er Middeler fan in nij testamint. Syn dea wie de ferlossing fan ’e sûnden dy’t ûnder it earste testamint begien wienen. Sa soenen sy dy’t roppen wienen, it ivige erfskip krije dat har tasein is. 16Dêr’t in testamint is, moat ommers de dea fan ’e erflitter fêststeld wurde. 17Want, sil in testamint jilde, dan moat hy dêr’t fan urven wurdt, earst stoarn wêze. Salang’t dy noch yn libben is, jildt dat ommers noait. 18Dêrom is ek it earste testamint net sûnder bloed ynwijd. 19Want nei’t Mozes alle geboaden neffens de wet oan it folk foarlêzen hie, naam er it bloed fan ’e keallen en bokken, die der wetter by en besprinkele mei in kwast fan reade wolle en hyzop it (wet-) boek sels en it hiele folk, 20wylst er sei: Dit is it bloed fan it ferbûn, dêr’t jimme jim yn opdracht fan de Hear oan hâlde moatte. 21En allyksa besprinkele er de tinte en alle ark foar de earetsjinst mei bloed. 22Ja, omtrint alles wurdt mei bloed reinige, sa’t de wet dat foarskriuwt, en der is gjin ferjouwing of der moat earst bloed stoart wurde.
It iene folsleine offer fan Kristus
23De ierdske ôfbyldingen fan himelske dingen moasten dus troch sokke middels reinige wurde. Mar dan freegje de himelske dingen sels offers dy’t dêr boppe útgeane. 24Want Kristus is gjin hillichdom yngien dat troch minskehannen makke is en oars net is as in ôfbylding fan it wiere hillichdom. Nee, de himel sels is Er yngien om dêr no ta ús bêst foar God te ferskinen. 25Ek is it net de bedoeling dat Er iderkear wer Himsels offeret, lykas de hegepryster alle jierren weroan it hillichdom yngiet mei bloed dat net syn eigen is. 26Oars hie Kristus iderkear wer lije moatten sûnt de wrâld skepen is. Ynpleats dêrfan is Er ien kear ferskynd op it hichtepunt, om troch syn offer de sûnde ôf te skaffen. 27Foar de minsken stiet it fêst, dat se mar ien kear stjerre en dan komt it oardiel; 28sa is ek Kristus mar ien kear offere, om de sûnden fan gâns minsken op Him te nimmen. As Er foar de twadde kear ferskynt, sil dat wêze sûnder dat it mear wat mei de sûnde te krijen hat, mar om heil te bringen oan allegearre dy’t nei Him útsjogge.