De pryster Melchisédek
1Want dy Melchisédek, kening fan Salem, pryster fan God de Allerheechste, gong Abraham yn ’e mjitte doe’t dy op ’e weromreis wie nei’t er de keningen ferslein hie, en hy segene him. 2En Abraham joech him fan alles in tsiende part. De namme Melchisédek betsjut foarearst: kening fan gerjochtichheid, fierders wie er ek kening fan Salem, dat is kening fan frede. 3Hy hat gjin heit, gjin mem, gjin stamlist; syn libben hat begjin noch ein. Hy is krektlyk as de Soan fan God: foar altiten bliuwt er pryster.
4Tink no ris ta, hoe’n grut man as dat wie: Abraham, de aartsfader, joech him it bêste fan ’e bút as tsiende part. 5De soannen fan Levy dy’t it prysteramt ûntfange, hawwe neffens de wet wol opdracht om tsienden te nimmen fan it folk, dat wol sizze fan har eigen bruorren, dy’t dochs ek fan Abraham ôfstamme. 6Hy lykwols, dy’t net fan har skaai wie (Melchisédek), hat tsienden nommen fan Abraham en him dy’t de beloften hie, segene. 7No kin net ien ûntstride, dat de legere troch de hegere segene wurdt. 8En yn it gefal fan ’e prysters binne it stjerlike minsken dy’t tsienden nimme, mar yn it gefal fan Melchisédek is it ien dêr’t ús fan sein wurdt, dat er libbet. 9En – om sa te sizzen – troch Abraham hat ek Levy, dy’t tsienden nimt, sels tsienden jûn, 10want hy wie noch yn it lichem fan syn heit Abraham, doe’t Melchisédek dy yn ’e mjitte gong.
Kristus heger as Aäron
11Op grûn fan it levityske prysterskip hat it folk de wet krige. As dat levityske prysterskip no de folsleinens brocht hie, wat wie der dan noch ferlet fan dat der in oare pryster opstean soe op ’e wize fan Melchisédek en net op dy fan Aäron? 12Want as it prysterskip feroare wurdt, moat ek perfoarst de wet feroarje. 13Hy dêr’t ommers hjirmei op doeld wurdt, heart ta in oare stamme; net ien (lid) dêrfan hat mei it alter te krijen hân. 14It is elk dúdlik, dat ús Hear út Juda fuortkommen is, en wat dy stam oangiet, hat Mozes mei gjin wurd fan prysters sprutsen. 15Dat Er neat mei it alter te krijen hie troch ôfstamming, wurdt noch helte dúdliker as wy betinke, dat der in nije pryster opstiet op deselde wize as Melchisédek, 16dy’t gjin pryster wurden is neffens de wet dy’t foarskriuwt, fan hokker komôf in pryster wêze moat, mar út krêft fan in libben dat net fergiet. 17Fan Him wurdt ommers ferklearre: Do bist foar ivich pryster op ’e wize fan Melchisédek. 18Want it âlde foarskrift wurdt wol oan ’e kant dien om’t it gjin macht en gjin nut hie, 19– de wet hat ommers neat folslein makke – mar de wet hat dochs in bettere hope brocht, dêr’t wy tichter troch by God komme. 20En dit is net gien sûnder it swarren fan in eed. Dy oaren binne sûnder eed pryster wurden, 21mar ús Hear mei in eed. Dat waard dien troch God, dy’t tsjin Him sein hat:
De Hear hat sward en it sil Him net muoie:
Do bist pryster foar ivich.
22Safolste trefliker is dan ek it testamint dêr’t Jezus boarch fan wurden is. 23Boppedat wienen dy oaren wit-hoe machtich pryster wurden, om’t de dea har ferhindere it te bliuwen. 24Mar Hy hat in prysterskip dat net op in oarenien oergiet, om’t Er yn ivichheid bliuwt. 25Dêrom kin Er de minsken dy’t troch Him ta God geane, foar altyd rêde, om’t Er altiten libbet om foar har op te kommen. 26Sa’n hegepryster hienen wy no krekt ferlet fan: Ien dy’t hillich is, sûnder skuld, sûnder wryt of slyt, ûnderskieden fan ’e sûnders, oant fier boppe de himelen ferhege. 27Ien dy’t net alle dagen earst foar syn eigen sûnden hoecht te offerjen en dan foar dy fan it folk, lykas de hegeprysters. Want dat hat Er ien kear foargoed dien troch Himsels te offerjen. 28Want de wet stelt minsken as prysters oan, dy’t mei swakkens oanhelle binne, mar it wurd fan ’e eed, dat nei de wet kommen is, stelt de Soan oan, dy’t foar ivich ta de folsleinens kommen is.