De hearlikheid fan ’e nije timpel
Yn it twadde jier fan kening Daríus, 1op ’e ienentweintichste fan ’e sânde moanne, krige profeet Haggai dit wurd fan de Heare: 2Sis dochs tsjin Serûbbabel, de soan fan Sjeältiël, de lânfâd fan Juda, en tsjin hegepryster Josjûa, de soan fan Josadak, en tsjin al it oare folk: 3Wa is der noch ûnder jimme, dy’t dit hûs yn syn eardere gloarje sjoen hat? En hoe sjogge jimme it aanst? Moatte jimme dan net sizze: It liket nearne nei? 4En dochs, hâld moed, Serûbbabel – is de godsspraak fan de Heare – hâld moed, hegepryster Josjûa, soan fan Josadak, en hâld moed, jimme, mannen fan it lân – is de godsspraak fan de Heare – en gean oan ’e slach, want Ik bin mei jimme – is de godsspraak fan de Heare Almachtich – 5neffens de belofte dy’t Ik jimme by jim úttocht út Egypte dien haw; myn Geast hat him yn jim fermidden set, dat haw mar gjin noed.
6Want dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Noch ien lyts skoftsje en Ik bring de himel, de ierde, de see en it fêste lân yn ûnstjoer; 7ja, Ik bring alle heidenfolken yn ûnstjoer, dat de skatten fan al dy folken hjir ynkomme. Dan meitsje Ik dit hûs fol hearlikheid, seit de Heare Almachtich. 8Mines is it sulver en Mines it goud – is de godsspraak fan de Heare Almachtich. 9De kommende hearlikheid fan dit hûs sil grutter wêze as dy fan earder – seit de Heare Almachtich, en op dit eigenste stee bring Ik heil en frede – is de godsspraak fan de Heare Almachtich.
In gelikenis fan rein en ûnrein
10Op ’e fjouwerentweintichste fan ’e njoggende moanne yn it twadde jier fan Darius, liet de Heare profeet Haggai dit wurd takomme: 11Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Freegje de prysters dochs ris om in wetsútspraak oer dit gefal: 12Bywannear’t immen hillich fleis yn ’e tippe fan syn mantel hat en hy komt mei dy tippe oan bôle, waarm iten, wyn of oalje, of hokker oare itenswaar, sil dat dan ek hillich wurde? De prysters seinen fan nee. 13Doe sei Haggai: Bywannear’t immen ûnrein wurden is troch oan in lyk te kommen en hy roert dan ien fan dy dingen oan, sil dat dan ek ûnrein wurde? De prysters antwurden: Jawis! 14Doe naam Haggai wer it wurd en sei: Sa stiet it no ek mei dit folk, sa stiet it mei dizze naasje hjir foar My – is de godsspraak fan de Heare. Sa stiet it mei alle wurk dat har út hannen komt, en wat se hjir offerje, is dan ek ûnrein.
Treastwurden by it lizzen fan ’e earste stien fan de timpel
15No dan, slaan der fan dizze dei ôf goed acht op, hoe’t de dagen wurde, no’t se stien op stien lizze foar de timpel fan de Heare. 16Hoe stienen jimme der eartiids foar? Kaam immen by in nôtbult dy’t tweintich mjitte wêze moast, dan wienen der mar tsien; kaam er by de wynparse om fyftich fet út ’e kûpe te skeppen, dan wienen der mar tweintich. 17Ik sloech jimme mei brân yn ’e nôten, mei hunichdauwe en mei hagel yn alles wat jim hannen beskrept hienen. En lykwols binne jim net by My kommen – is de godsspraak fan de Heare. 18Slaan der fan dizze dei ôf – de fjouwerentweintichste fan de njoggende moanne, fan ’e dei ôf dat de timpel fan ’e Heare opboud wurdt –, goed acht op, 19oft der noch sied yn ’e skuorre is om te siedzjen. De wynstôk, de figebeam, de granaatappel en de olivebeam dy’t net droegen hat, sil Ik fan dizze dei ôf segenje.
Unthjit oan Serûbbabel
20Doe liet de Heare foar de twadde kear Haggai syn wurd takomme op ’e fjouwerentweintichste fan ’e moanne: 21Sis tsjin Serûbbabel, de lânfâd fan Juda: Ik bring de himel en de ierde yn ûnstjoer. 22Ik sil de troanen fan ’e keninkriken omreagje en de macht fan ’e heidenfolken ferneatigje. Ik reagje de weinen om mei dy’t derop ride; de hynders mei har ruters sille delstoarte, allegear komme se te fallen troch it swurd fan har maten. 23Dy deis – is de godsspraak fan de Heare Almachtich – nim Ik dij, Serûbbabel, myn tsjinstfeint – is de godsspraak fan de Heare – en Ik meitsje fan dij in segelring, want Ik haw dij útkeazen – is de godsspraak fan de Heare Almachtich.