Oantrún ta opbou fan ’e timpel
1Yn it twadde jier fan kening Daríus, op ’e earste dei fan ’e sechste moanne, liet de Heare, troch profeet Haggai, Serûbbabel, de soan fan Sjeältiël, de lânfâd fan Juda, en hegepryster Josjûa, de soan fan Josadak, syn wurd takomme. 2Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Dit folk seit: It is de tiid noch net om te begjinnen mei it hûs fan de Heare wer op te bouwen.
3Mar it wurd fan de Heare, dat profeet Haggai oerbrocht, wie: 4Is it foar jimme dan wòl de tiid om goed ûnderdak te hawwen yn jim huzen, wylst dit hûs yn pún leit? 5No dan, dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Lit ris goed yn jim omgean, hoe’t it mei jim dwaan en litten stiet! 6Jim hawwe wit-wat siedde, mar in bedroefd bytsje ynhelle; jim ite wol, mar wurde der net sêd fan; jim drinke wol, mar de toarst giet der net fan oer; jim dogge klean oan, mar kinne de waarmte der net by hâlde; de arbeider bart syn deihier wol, mar yn in ponge mei gatten deryn. 7Lit ris goed yn jim omgean, hoe’t it mei jim dwaan en litten stiet! 8Gean de bergen yn om hout en bou it hûs wer op; Ik sil der gefallichheid yn hawwe en myn gloarje wer sjen litte, seit de Heare.
9Jim hienen op wit-wat rekkene, mar it waard in bedroefd bytsje. En doe’t jim it ynhellen, haw Ik deryn blaasd. En wêrom? – is de godsspraak fan de Heare Almachtich. Om myn hûs dat yn pún leit, wylst jimme wol drok yn ’e skrep binne, mar elk foar syn eigen hûs. 10Dêrom hat de himel boppe jimme de dauwe ynhâlden en de ierde har frucht 11en dêrom haw Ik de droechte roppen oer it lân en de bergen, oer nôt en druvesop en oalje, oar al wat it lân jout, oer minske en bist en oer al wat de hannen beskreppe.
Oantrún fan Haggai docht fertuten
12Doe harken Serûbbabel, de soan fan Sjeältiël, en hegepryster Josjûa, de soan fan Josadak, en al it oare folk nei de stim fan de Heare, har God, nei de wurden dêr’t de Heare, har God, profeet Haggai mei stjoerd hie; en it folk krige ûntsach foar de Heare. 13Doe die Haggai, de boade fan de Heare, dit boadskip fan de Heare oan it folk troch: ‘Ik bin mei jimme, is de godsspraak fan de Heare!’
14Sa rôp de Heare de geast wekker by Serûbbabel, de soan fan Sjeältiël, de lânfâd fan Juda, en by hegepryster Josjûa, de soan fan Josadak, en by al it oare folk; sadwaande begûnen se mei it wurk oan it hûs fan har God, de Heare Almachtich. 15Dat wie op ’e fjouwerentweintichste dei fan ’e sechste moanne.