Sacharja 1
Wat it ferline leard hat
1Yn ’e achtste moanne fan it twadde jier fan Darius liet de Heare profeet Sacharja, de soan fan Berekja, de soan fan Iddo, dit wurd takomme: 2‘De Heare hat slim fergrime west op jimme foarâlden, 3mar sis dit folk no: Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Kom wer by My – is de godsspraak fan de Heare Almachtich – dan sil Ik wer by jimme komme, seit de Heare Almachtich. 4Wês net as jimme foarâlden; de eardere profeten hawwe harren taroppen: Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Kear jim dochs ôf fan jim ferkearde hâlden en dragen! Mar hja hawwe net harke en My gjin acht slein, is de godsspraak fan de Heare. 5Jimme foarâlden, wêr binne dy keard? En de profeten? Libje dy noch altiten? 6Mar hawwe myn warskôgings en besluten, dy’t Ik myn tsjinners, de profeten, as in opdracht meijûn hie, jimme foarâlden dan net rekke?’
Doe kamen de lju ta ynkear en seinen: De Heare Almachtich hat krekt sa mei ús dien as Er op grûn fan ús hâlden en dragen mei ús fan doel wie.
De fizioenen
7It twadde jier fan Darius, op ’e fjouwerentweintichste dei fan ’e alfte moanne, de moanne Sjebat, liet de Heare profeet Sacharja, de soan fan Berekja, de soan fan Iddo, syn wurd takomme yn fizioenen.
It earste fizioen: de fjouwer ruters
8Fannacht haw ik in fizioen hân. Dêr wie in ruter op in read hynder. Hy stie tusken de mirtebeammen yn ’e lichte en achter him wienen reade, brune en wite hynders. 9Doe frege ik: Wat moatte dy, mynhear? De ingel dy’t my útlis die, sei: Ik sil dy sjen litte, wat dat binne. 10De man dy’t tusken de mirtebeammen stie, antwurde: Dat binne de ruters dy’t de Heare útstjoerd hat om de ierde oer te krusen. 11En dy gongen yn op ’e wurden fan ’e ingel dy’t tusken de mirtebeammen stie, en seinen: Wy hawwe de ierde oer west en it is op ’e hiele ierde sa rêstich as ’t mar kin. 12Doe naam de ingel fan de Heare it wurd en sei: Heare Almachtich, hoe lang sil it noch duorje, ear’t Jo meilijen krije mei Jeruzalem en de stêden fan Juda, dy’t Jo no al santich jier lang jo grime fiele litten hawwe?
13Doe spriek de Heare freonlike wurden, wurden fan treast, tsjin de ingel dy’t my útlis die. 14En de ingel dy’t my útlis die, sei tsjin my: Kundigje oan: Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Ik fiel in brânende leafde foar Jeruzalem en foar Sion 15en in fûleinige lilkens tsjin dy selsfoldiene heidenfolken. Want doe’t Ik mar amper lilk wie op myn folk, hawwe sij har yn it ûngelok brocht. 16Dêrom seit de Heare: Fol meilijen kom Ik wer nei Jeruzalem; dêr sil myn hûs boud wurde – is de godsspraak fan de Heare Almachtich – en de mjitline oer Jeruzalem spand wurde. 17Kundigje ek oan: Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Op ’e nij sille myn stêden goede jeften yn oerfloed krije en op ’e nij sil de Heare Sion treaste en op ’e nij sil Er Jeruzalem útkieze.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap