Oanlieding ta de sûndfloed
1Doe’t der hieltyd mear minsken op ierde kamen en hja dochters krigen, 2seagen de soannen fan God dat de dochters fan ’e minsken kreas wienen, dat se trouden mei dy dêrfan, dêr’t se sin oan hienen. 3Doe sei de Heare: Myn geast sil net foar altyd yn ’e minske bliuwe, omdat er fleis is, dat syn libbensdoer sil hûnderttweintich jier wêze. 4Yn dy dagen – en ek neitiid – wienen der reuzen op ierde. Doe’t de soannen fan God by de dochters fan ’e minsken kamen, krigen se bern. Dat wienen de sterke mannen út ’e âlde tiden, de mannen fan namme.
5Doe’t de Heare seach dat de ferkeardens fan ’e minsken op ierde oanboaze en alles wat har beweegde, alle dagen weroan, allinne mar útgong nei it ferkearde, 6muoide it de Heare dat Er de minske op ierde makke hie, en it die Him fan herten leed. 7Dat de Heare sei: Ik sil de minske dy’t Ik skepen haw, fuortfeie fan ’e ierdboaiem, de minsken likegoed as it fee, de krûpende dieren likegoed as de fûgels yn ’e loft, want it muoit My, dat Ik se makke haw. 8Noäch lykwols fûn genede yn Gods eagen.
Noäch moat de arke meitsje
9Dit is de skiednis fan Noäch: Noäch wie ûnder de lju fan syn tiid in oprjocht man, dêr’t neat op te sizzen foel en Noäch libbe tichtby God. 10Noäch krige trije soannen: Sem, Cham en Jafet. 11No wie de ierde ferdoarn yn Gods eagen. Ja, de ierde wie fol fan geweld. 12En God seach nei de ierde en sjoch, hy wie ferdoarn, want alle minsken op ierde gongen de ferkearde wegen.
13Dat God sei tsjin Noäch: Ik tink deroer in ein te meitsjen oan alle libbene wêzens, want de ierde is troch har tadwaan fol fan geweld. Dat Ik stean klear om har mei de ierde te ferdwaan. 14Meitsje dij in arke fan akaziahout. Do moatst him yn fekken ferdiele en de arke fan binnen en fan bûten mei pik bepleisterje. 15En do moatst him sà meitsje: trijehûndert jellen moat dy arke lang wêze, fyftich jellen breed en tritich jellen heech. 16Do moatst der in dak op meitsje en de arke oan in jellen fan boppen ta ôfbouwe. De doar moatst op ’e side sette. Mei in ûnderste, twadde en tredde fordjipping moatst dy arke meitsje. 17Want Ik bin fan doel om in grutte wetterfloed oer de ierde te bringen en om alles dat sykhellet, fan ûnder de himel te ferdwaan. Alles dat op ierde is, sil omkomme. 18Mar mei dij haw ik myn ferbûn oprjochte, dat do moatst yn ’e arke gean, do en mei dij dyn soannen, dyn frou en de froulju fan dyn soannen. 19En fan alles dat libbet, fan alle dieren, ja fan allegearre, silst twa yn ’e arke komme litte, dat se mei dij yn ’t libben bliuwe; in mantsje en in wyfke moatte it wêze. 20En fan alle soarten fûgels, fan alle soarten fee en fan alle soarten dieren dy’t oer de grûn krûpe, sille fan elk twa by dy komme, dat dy yn libben bliuwe. 21En dan moatst dy fan alle iten wat opslaan, datsto en dy dieren itende bliuwe kinne. 22En Noäch die it. Hy die alles, krektsa’t God him hjitten hie.