Adams geslacht
1Dit is de list fan Adams geslacht. De deis dat God Adam makke, hat Er him makke nei Gods gelikenis. 2Manlik en froulik hat Er har skepen en Hy hat har segene en har de deis dat se skepen waarden, de namme ‘minske’ jûn.
3Doe’t Adam 130 jier libbe hie, krige er in soan, syn gelikens en syn byld en hy neamde him Set. 4Neidat er Set krige hie, libbe Adam noch 800 jier en hy krige soannen en dochters. 5Dat de dagen dat Adam libbe, wienen mei-inoar 930 jier en doe is er stoarn.
6Set hie 105 jier libbe, doe’t er Enosj krige. 7Neidat er Enosj krige hie, libbe Set noch 807 jier en hy krige soannen en dochters. 8Dat de dagen fan Set wienen mei-inoar 912 jier en doe is er stoarn.
9Enosj hie 90 jier libbe, doe’t er Kenan krige. 10Neidat er Kenan krige hie, libbe Enosj noch 815 jier en hy krige soannen en dochters. 11Dat de dagen fan Enosj wienen mei-inoar 905 jier en doe is er stoarn.
12Kenan hie 70 jier libbe doe’t er Mahalaleël krige. 13Neidat er Mahalaleël krige hie, libbe Kenan noch 840 jier en hy krige soannen en dochters. 14Dat de dagen fan Kenan wienen mei-inoar 910 jier en doe is er stoarn.
15Mahalaleël hie 65 jier libbe, doe’t er Jêred krige. 16Neidat er Jêred krige hie, libbe Mahalaleël noch 830 jier en hy krige soannen en dochters. 17Dat de dagen fan Mahalaleël wienen mei-inoar 895 jier en doe is er stoarn.
18Jêred hie 162 jier libbe, doe’t er Henoch krige. 19Neidat er Henoch krige hie, libbe Jêred noch 800 jier en hy krige soannen en dochters. 20Dat de dagen fan Jêred wienen mei-inoar 962 jier en doe is er stoarn.
21Henoch hie 65 jier libbe, doe’t er Metûsjelach krige. 22Henoch libbe neidat er Metûsjelach krige hie, noch 300 jier ticht by God en hy krige soannen en dochters. 23Dat de dagen fan Henoch wienen mei-inoar 365 jier. 24No hie Henoch tichte by God libbe en hy wie der net mear, mei’t God him weinommen hie.
25Metûsjelach hie 187 jier libbe, doe’t er Lamech krige. 26Neidat er Lamech krige hie, libbe Metûsjelach noch 782 jier en hy krige soannen en dochters. 27Dat de dagen fan Metûsjelach wienen mei-inoar 969 jier en doe is er stoarn.
28Lamech hie 182 jier libbe, doe’t er in soan krige. 29Hy neamde him Noäch en sei: Dizze sil ús treaste fanwegen ús wrotten en wramen, fanwegen de grûn, dêr’t de Heare de flok op lein hat. 30Neidat er Noäch krige hie, libbe Lamech noch 595 jier en hy krige soannen en dochters. 31Dat de dagen fan Lamech wienen mei-inoar 777 jier en doe is er stoarn.
32Noäch wie 500 jier. En doe krige er Sem, Cham en Jafet.