Kaïn en Abel
1De minske hie mienskip mei syn frou Eva en hja waard swier en krige Kaïn. Doe sei se: Mei help fan de Heare haw ik in man krige. 2Fierders krige se syn broer Abel. Abel waard skieppehoeder en Kaïn bouboer.
3Nei ferrin fan tiid brocht Kaïn de Heare in offer fan ’e fruchten fan it lân. 4Abel fan syn kant brocht fan ’e earstelingen fan syn lytsfee, te witten fan ’e bêsten dêrfan. No seach de Heare nei Abel en syn offer om, 5mar Kaïn en syn offer seach Er net nei om. Dat Kaïn waard tige lilk en hâlde de holle foardel. 6Doe sei de Heare tsjin Kaïn: Wêrom bist lilk en wêrom hâldst de holle foardel? 7Is it net sa, dat ast it goede dochst, datst dan de holle wer opstekke kinst? Mar ast it goede net dochst, dan leit de sûnde by dy op ’e loer. Syn begearte giet nei dy út, mar do, do silst him oer kinne.
8Mar Kaïn sei tsjin syn broer Abel: Lit ús in eintsje rinne. En doe’t se yn it fjild wienen, kaam Kaïn op Abel ta en sloech him dea. 9Doe sei de Heare tsjin Kaïn: Wêr is dyn broer Abel? Hy sei: Wit ik net! Moat ik soms op myn broer passe? 10Mar Hy sei: Wat hast dien? Hark! it bloed fan dyn broer skreaut My ta út ’e grûn wei. 11No dan, ferflokt biste, fuortband fan ’e grûn, dy’t de mûle opdien hat om it bloed fan dyn broer út dyn hân op te nimmen. 12Ast de grûn beärbeidest, sil dy dij net langer syn frucht dwaan. Dwelmje en doarmje silst oer de ierde. 13Kaïn sei tsjin de Heare: Myn straf is te swier om te dragen. 14Sjoch, Jo hawwe my hjoed ferdreaun fan ’e ierdboaiem en foar jo each moat ik my ferskûlje. Dwelmje en doarmje moat ik oer de ierde en wa’t my mar treft, dy sil my deaslaan. 15Mar de Heare sei tsjin him: Nee, elk dy’t Kaïn deadet, sil dêr sândûbeld foar boetsje. Doe joech de Heare Kaïn in teken, dat gjinien dy’t him trof, him deaslaan soe. 16Sa gong Kaïn fuort, by de Heare wei. Hy sette him nei wenjen yn it lân Nod, east fan Eden.
Kaïns neiteam
17Kaïn hie mienskip mei syn frou, dat se waard swier en krige Henoch. Hy wie doe dwaande in stêd te bouwen en hy neamde dy stêd Henoch, nei syn soan. 18Henoch krige Irad; Irad krige Mechûjael; Mechûjael krige Metûsjael en Metûsjael krige Lamech. 19Lamech troude mei twa froulju. De iene hiet Ada en de oare Silla. 20Ada krige Jabal. Hy is de stamheit wurden fan harren dy’t yn tinten by de keppels wenje. 21Syn broer hiet Jûbal. Hy is de stamheit wurden fan allegearre dy’t mei de liere en de fluit omgean kinne. 22Silla krige ek bern: Tûbalkaïn, in smid, dy’t alle soarten ark fan brûns en izer makke. Tûbalkaïn syn suster wie Naäma. 23Lamech sei tsjin syn froulju Ada en Silla:
Hear nei myn stim, froulju fan Lamech,
harkje nei wat ik te sizzen haw:
Wierliken, ik fermoardzje in man om in wûne
en in bern om in skram.
24As sânfâldich Kaïn wreke wurdt,
dan Lamech sânensantichfâld.
Berte fan Set
25Op ’e nij hie Adam mienskip mei syn frou en hja krige in soan, dy’t se Set neamde: want God hat my wer in soan foar Abel yn it plak jûn, mei’t Kaïn him deade hat. 26Set krige ek in soan en neamde him Enosj. Doe begûnen se de namme fan de Heare oan te roppen.