De sûndefal
1No wie de slange gewykster as alle oare dieren fan it fjild, dy’t God de Heare makke hie. Dy sei tsjin ’e frou: Hat God wier sein, dat jimme fan gjinien fan ’e beammen fan it hôf ite meie? 2En de frou sei tsjin ’e slange: Wy meie ite fan ’e beamfruchten yn it hôf, 3mar fan ’e fruchten fan ’e beam dy’t midden yn it hôf stiet hat God sein: Dêr meie jim net fan ite en dêr ek net oankomme, oars sille jimme stjerre. 4De slange sei lykwols tsjin de frou: Jim sille wier net stjerre, 5mar God wit wol, dat de deis dat jim dêrfan ite, jimme de eagen iepen gean sille en dat jim dan as God wêze sille en weet hawwe fan goed en kwea. 6Doe seach de frou, dat de beam goed wie om fan te iten, en dat er in lust foar de eagen wie, ja in oanloklike beam om oardiel te krijen. Dat se naam fan syn frucht en iet. Hja joech dêr fan oan har man dy’t by har wie en ek dy iet. 7Doe gongen har beide de eagen iepen en hja waarden gewaar dat se neaken wienen, dat hja knoopten figeblêden oaninoar en makken harsels skelkjes.
God siket de minsken
8Doe hearden se yn ’e wyn oerdei it lûd fan God de Heare troch it hôf gean en de minske en syn frou ferskûlen har foar God de Heare tusken de beammen yn it hôf. 9Mar God de Heare rôp de minske en frege him: Wêr biste? 10Hy sei: Ik hearde jo lûd yn it hôf en doe waard ik bang, want ik bin neaken en doe haw ik my ferskûle. 11Mar Hy sei: Wa hat dy ferteld datst neaken bist? Hast faaks fan ’e beam iten dêr’t Ik dij fan hjitten hie datst der net fan ite mochtst? 12De minske sei: De frou, dy’t Jo njonken my set hawwe, dy hat my fan ’e beam jûn en doe haw ik iten. 13Doe sei God de Heare tsjin ’e frou: Wat hast no dien? En de frou sei: De slange hat my bedragen en doe haw ik iten.
De straf
14Doe sei God de Heare tsjin ’e slange:
Omdatst dit dien hast, bist ferflokt,
mear as it fee en as alle dieren op it fjild.
Op dyn liif silste gean en stof silst ite al dyn libbensdagen.
15Fijânskip set Ik tusken dij en de frou,
tusken dyn neigeslacht en harres.
Dat sil dij de kop temoarselje
en do silst it de hakke temoarselje.
16Tsjin ’e frou hat Er sein:
Tige swier sil Ik meitsje
de lêst fan dyn dracht.
Mei lêst silste bern krije.
Nei dyn man sil dyn begearte útgean
en hy sil oer dy hearskje.
17Tsjin ’e minske hat Er sein: Omdatsto harke hast nei wat dyn frou sei en iten hast fan ’e beam, dêr’t Ik dy fan hjitten hie: Do silst dêr net fan ite:
Ferflokt is de grûn om dij.
Mei lêst silste dêrfan ite
al dyn libbensdagen.
18Toarnen en stikels sil er dy opbringe
en it griene krûd fan it fjild silst ite.
19Mei it swit op ’e foarholle silste breaite
salang datst weromgiest nei de grûn,
want dêr bist út nommen.
Want stof biste
en stof silst wer wurde.
20De minske neamde syn frou Eva, omdat se de mem wurden is fan alle libbenen. 21God de Heare makke foar de minske en syn frou klean fan hûden en die har dy oan.
De minske fuortstjoerd út it Paradys
22En God de Heare sei: Sjoch, wat it witten fan goed en kwea oanbelanget, is de minske wurden as ien fan ús. As er no mar net de hân útstekt en nim ek fan ’e libbensbeam en yt dêrfan, want dan soe der oan syn libben noait in ein komme. 23Dat God de Heare stjoerde him út it hôf fan Eden wei, om de grûn te be-arbeidzjen dêr’t er út nommen wie. 24Sa ferdreau Er de minske en Hy sette kearûb-ingels east fan it hôf fan Eden del en de flam fan it beweegjende swurd, om wacht te hâlden oer de wei nei de libbensbeam.