De sabbat
Sa wienen dan de himel en de ierde, mei alles dat derby heart, klearkommen. Op de sânde dei hie God it wurk dêr’t Er mei dwaande west hie, ta in ein brocht en Hy rêste dy sânde deis út fan alle wurk dat Er dien hie. Dat God segene de sânde dei en hillige dy, want dy deis rêste Er út fan al syn wurk dat Er skeppende ta stân brocht hie.
De skepping fan ’e minske
Dit is de skiednis fan ’e himel en ’e ierde wat har skepping oanbelanget. De deis dat God de Heare ierde en himel makke, doe wie der noch hielendal gjin beamkeguod op ierde en der wie hielendal gjin grien útspruten op it fjild, want God de Heare hie it noch net reine litten op ierde en der wie gjin minske om de grûn te be-arbeidzjen, mar der kaam in damp op út ’e ierde en hâlde de hiele boppegrûn wiet. En God de Heare hat de minske foarme, stof út ’e ierde, en de libbenssiken blies Er him yn ’e noas. Sa waard de minske in libben wêzen.
It Paradys
God de Heare lei in hôf oan yn Eden, yn it easten en dêr sette Er de minske del, dy’t Er foarme hie. En God de Heare liet allegear beammen út ’e grûn opsjitte, begearlik om nei te sjen en goed om fan te iten. De libbensbeam stie midden yn it hôf en ek de beam om te witten fan goed en kwea.
Ut Eden wei rûn in rivier, dy’t it hôf wetter joech. Dêrwei splitste er him yn fjouwer earmen. De iene hjit Pisjon, dy’t om it hiele lân Chawila hinne rint; dêr sit goud en it goud dêr is bêst. Dêr is ek balsemhars en de sjohamstien. De twadde rivier hjit Gichon; dy rint om it hiele lân Kûsj hinne. De tredde rivier hjit Tigris; dy rint eastlik fan Assyrië. En de fjirde rivier is de Eufraat.
It proefgebod
God de Heare naam de minske en joech him in plak yn it hôf fan Eden om dat te be-arbeidzjen en der op te passen. En God de Heare hiet de minske: Alle beammen yn it hôf meisto frij fan ite, mar de beam om te witten fan goed en kwea, dêr meist net fan ite, want de deis datst dêrfan ytst, silst grif stjerre.
De skepping fan ’e frou
God de Heare sei: It is net goed dat de minske allinne is. Ik sil in help foar him meitsje dy’t by him past. Doe’t God de Heare alle dieren op it fjild en alle fûgels yn ’e loft foarme hie út ierde, liet Er se by de minske komme, om te sjen hoe’t dy har beneame soe, en sa’t de minske elk libben wêzen beneamde, sa soe er hjitte. Sa joech de minske nammen oan alle fee, oan ’e fûgels yn ’e loft en oan ’e wylde dieren op it fjild, mar in help dy’t by him paste, fûn de minske net. Doe liet God de Heare in djippe sliep op ’e minske falle. En wylst er sliepte, naam Er ien fan syn ribben en makke dat plak wer ticht mei fleis. En fan ’e ribbe, dy’t Er út ’e minske nommen hie, boude God de Heare in frou en dy brocht Er by de minske. Doe sei de minske:
Dizze kear is it
bien fan myn biente
en fleis fan myn fleis.
Manninne sil se hjitte
want út ’e man is se nommen.
Dêrom giet in man by syn heit en mem wei en hinget syn frou oan en hja wurde folslein ien. En de minske en syn frou wienen beide neaken, mar hja skammen har net foarinoar.