Hja geane yn ’e arke
1De Heare sei tsjin Noäch: Gean do mei dyn hiele húshâlding yn ’e arke, want Ik haw sjoen datsto ûnder de minsken fan no ien bist dy’t yn myn wegen giet. 2Fan al it reine fee moatst sân pear, in mantsje en syn wyfke, nimme, mar fan it ûnreine fee ien pear, hieltiten in mantsje en syn wyfke. 3Ek fan ’e fûgels yn ’e loft moatst sân pear nimme, hieltiten in mantsje en in wyfke, dat har soarte op ’e hiele ierde yn wêzen bliuwe sil. 4Want noch sân dagen en dan sil Ik it fjirtich dagen en nachten lang op ’e ierde reine litte en alles dat op ierde bestiet en dat Ik makke haw, sil Ik fan ’e ierdboaiem ôffeie.
5En Noäch die krekt sa’t de Heare him opdroegen hie. 6Noäch wie seishûndert jier doe’t de grutte wetterfloed oer de ierde kaam. 7En Noäch gong mei syn soannen, syn frou en de froulju fan syn soannen by him, yn ’e arke fanwegen it wetter fan ’e grutte floed. 8Fan it reine en it net-reine fee, fan ’e fûgels en fan alles dat oer de grûn krûpt, 9kamen se hieltyd twa by twa, mantsje mei wyfke, by Noäch yn ’e arke, lykas God Noäch hjitten hie.
10It wie nei sân dagen, dat it wetter fan ’e grutte floed oer de ierde kaam. 11Yn it seishûndertste jier fan Noäch syn libben, op ’e santjinde dei fan ’e twadde moanne, dy deis barsten de boarnen fan ’e grutte ôfgrûn los, en gongen de lûken fan ’e himel iepen. 12En fjirtich dagen en nachten lang foel der rein op ’e ierde.
13Dy eigenste deis gong Noäch mei Sem, Cham en Jafet, Noächs soannen, syn frou en de froulju fan syn soannen mei har, yn ’e arke. 14Hjasels en de wylde dieren yn alle soarten, it fee yn alle soarten, de dieren dy’t oer de ierde krûpe yn alle soarten, alle soarten fûgels, alles dat wjukken hat, 15ja, fan alles dat sykhellet kamen se by Noäch, yn de arke, hieltiten, twa by twa. 16Dy’t der kamen, dy kamen mantsje en wyfke, fan alle dieren, lykas God him hjitten hie. En de Heare die de doar achter him ticht.
De sûntfloed
17Doe kaam de floed fjirtich dagen oer de ierde. Mei’t it wetter al mar heger kaam, tilde it de arke op, dat dy boppe de ierde útriisde. 18Doe’t der al mar mear wetter kaam en dat tige heech op ’e ierde kaam te stean, dreau de arke op it wetter. 19It wetter waard sa machtich en heech op ’e ierde, dat alle hege bergen dy’t ûnder de himel binne, derûnder strûpten. 20Nei’t de bergen derûnder rekke wienen, kaam it wetter noch fyftjin jellen heger. 21Dat alle wêzens dy’t har op ’e ierde beweegden, alle fûgels, alle fee, alle wylde dieren en alle dieren, dy’t oer de ierde krûpe en alle minsken kamen om. 22En alles dat sykhelle, alles dat op it droege libbe, stoar. 23Hy fage alles dat op ’e ierde bestie fuort, sawol de minsken, as it fee, de krûpende dieren en de fûgels yn de loft. Hja waarden fuortfage fan ’e ierde en allinne Noäch bleau oer en wat mei him yn ’e arke wie. 24En it wetter hie de oerhân oer de ierde, hûndert fyftich dagen oanien.