Striid om ’e segen
1Doe’t Izaäk âld wurden wie en syn eagen safolle minder wurden wienen, dat er neat mear seach, rôp er Ezau, syn âldste soan, en sei tsjin him: Myn soan! En dy sei: Hjir bin ik al. 2Hy sei: Sjoch, ik bin al âld, en ik wit de dei fan myn dea net. 3Dat nim no dyn ark, dyn pylkkoker en dyn bôge, gean it fjild yn en sjit my wat wyld. 4Meitsje my dan in smaaksum miel klear, sa’t ik it graach mei, en bring my dat, dan sil ik ite en dy segenje, ear’t ik stjer.
5No hearde Rebekka dat Izaäk dat tsjin syn soan Ezau sei. Ezau gong it fjild yn om wat wyld te sjitten en dat mei nei hûs te nimmen. 6Mar Rebekka sei tsjin har soan Jakob: Sjoch, ik haw jim heit mei dyn broer Ezau praten heard. Hy sei: 7Bring my wat wyld en meitsje my dêr in smaaksum miel fan klear. Dan sil ik ite en sil ik dy foar myn dea ûnder it each fan de Heare segenje. 8No dan myn soan, harkje nei my, nei wat ik dy opdraach: 9Gean nei de keppel en helje my dêr twa bêste geitebokjes wei, dan sil ik dêr in smaaksum miel fan meitsje foar jim heit, sa’t er dat graach mei. 10Bring dat by jim heit, dan sil er ite en dy segenje foar syn dea.
11Mar Jakob sei tsjin syn mem Rebekka: Ja, mar myn broer Ezau is in tichtbehierre man en ik bin glêd. 12Faaks dat heit my betaast en dan sil ik foar him as in bedrager stean. Ynpleats fan in segen soe ik dan in flok oer my helje. 13Mar syn mem sei tsjin him: Dy flok oer dy komt dan op my del, myn jonge. Harkje do mar nei wat ik sis, gean hinne en helje se my. 14Doe gong er hinne, helle se en brocht se syn mem. En syn mem makke dêr in smaaksum miel fan, sa’t syn heit it graach mocht. 15Dêrop krige Rebekka de bêste klean fan har âldste soan Ezau, dy’t se by har yn ’e hûs hie, en dy liet se har jongste soan Jakob oandwaan. 16De hûd fan ’e geitebokjes die se him oer de hannen en oer de glêde plakken fan ’e hals. 17Doe joech se har soan Jakob it smaaksum miel en it brea dat se klearmakke hie, yn ’e hân.
18Dy kaam by syn heit en sei: Heit! Dy sei: Ja? Wa bisto, myn soan? 19Jakob sei tsjin syn heit: Ik bin Ezau, jo âldste soan. Ik haw dien sa’t jo my sein hawwe. Kom oerein, gean sitten en yt fan myn wyld. Dan kinne jo my segenje. 20Mar Izaäk sei tsjin syn soan: Hoe komt it datsto sa gau al wat fûn hast, myn soan? Hy sei: Omdat de Heare, jo God, it nei my tastjoerd hat. 21Izaäk sei tsjin Jakob: Kom ris tichterby, myn soan, dat ik dy betaaste kin oftsto myn soan Ezau bist of net. 22Doe kaam Jakob tichter by syn heit Izaäk en dy betaaste him. It lûd is Jakob syn lûd, sei er, mar de hannen binne Ezau syn hannen. 23En hy koe him net, want syn hannen wienen tichtbehierre, lykas de hannen fan syn broer Ezau. Dat doe woed er him segenje. 24Hy sei: Do bist dochs myn soan Ezau? Hy sei: Ja. 25Doe sei er: Set it mar by my del, dan sil ik ite fan it wyld fan myn soan en dan sil ik dy segenje. Doe sette er it by him del en hy iet. Dêrnei brocht er him wyn en hy dronk. 26Dêrop sei syn heit Izaäk tsjin him: Kom dochs wat tichterby, myn soan, en tútsje my. 27En hy kaam tichterby en joech him in tút. Doe rûkte er de rook fan syn klean, dat hy segene him en sei:
Sjoch de rook fan myn soan
is as de rook fan it fjild,
dat de Heare segene hat.
28Mei God dy jaan
fan ’e dauwe út ’e loft,
fan it fette fan ’e ierde,
en de romte fan nôt en druvesop.
29Folken sille dy tsjinje
en naasjes har foar dy bûge.
Baas silst wêze oer dyn bruorren,
dyn memme soannen sille har foar dy bûge.
Wa’t dij ferflokt, dy mei ferflokt wêze,
wa’t dij segenet, dy mei segene wêze.
30Krekt doe’t Izaäk klear wie mei Jakob te segenjen en doe’t dy noch mar amper by syn heit Izaäk wei wie, kaam syn broer Ezau thús fan ’e jacht. 31Hy makke ek in smaaksum miel klear en brocht dat by syn heit. Hy sei tsjin syn heit: As heit him no wat oerein jaan wol en ite fan it wyld fan syn soan, dan kin heit my segenje. 32Mar syn heit Izaäk sei tsjin him: Wa bisto? Hy sei: Ik bin heit syn âldste soan, Ezau. 33Doe begûn Izaäk oer syn hiele lea te triljen en hy sei: Wa wie it dan dy’t dat wyld sketten hat en it my brocht? Ik haw fan alles al iten, earsto kaamst en ik haw him segene. En dy segen, dy hat er no ienkear. 34Doe’t Ezau dy wurden fan syn heit hearde, joech er in ferheftige en bittere skreau en hy sei tsjin syn heit: Toe heit, segenje my ek noch! 35Mar hy sei: Dyn broer is mei bedroch kommen en hat dy de segen ûntnadere. 36Hy sei: Grif hat er dêrom de namme Jakob krige, dat er my twaris bedrage soe, myn rjocht fan ’e âldste hat er nommen en no wer de segen dy’t foar my wie. Hat heit foar my noch net in segen oer? 37Mar Izaäk antwurde Ezau: Sjoch, ik haw him baas oer dy makke en al syn bruorren haw ik him ta slaven jûn; nôt en druvesop haw ik him taskikt. Wat soe ik dan noch foar dij dwaan kinne, myn jonge? 38Ezau lykwols sei tsjin syn heit: Hat heit dan oars net as dy iene segen mar? Segenje my, ek my noch, heit! En Ezau begûn lûdop te gûlen. 39Doe antwurde syn heit Izaäk him:
Sjoch, fier fan it fette fan ’e ierde sil dyn wenplak wêze,
en fier fan ’e dauwe út ’e loft dêrboppe.
40Fan dyn swurd silst libje
en dyn broer silst tsjinje.
Mar ast dan letter omdoarmest
dan silst dij syn jok fan ’e nekke smite.
Jakob moat foar Ezau op ’e flecht
41Ezau hate Jakob om ’e segen dy’t dy fan syn heit krige hie, en Ezau tocht by himsels: De routiid oer heit komt neier en dan sil ik myn broer Jakob fermoardzje. 42Doe’t Rebekka dy wurden fan har âldste soan Ezau oerbrocht waarden, stjoerde se om har jongste soan Jakob te roppen. Hja sei tsjin him: Tink derom, dyn broer Ezau treastet him dêrmei, dat er dy fermoardzje sil. 43No dan myn soan, harkje nei wat ik sis: Meitsje dy klear en nim de wyk nei Charan, nei myn broer Laban. 44Bliuw dan in skoft by him, oant dyn broer syn opsternatens wer wat saksearre is. 45As dan dyn broer syn lilkens tsjin dy wer bekommen is en it him út it sin gien is watsto him oandien hast, dan sil ik berjocht stjoere en dy dêrwei helje. Wêrom soe ik op ien dei jim allebeide kwytreitsje? 46En tsjin Izaäk sei Rebekka: It libben is my ta in lêst wurden fanwegen dy Hetityske froulju. As Jakob no ek noch sa’n frommes nimme soe, fan ’e Hetityske fammen, fan ’e fammen fan it lân, dan is it libben my langer neat mear.