Izaäk by de Filistinen
1Der kaam in hongersneed yn it lân, in oaren as dy eardere dy’t der yn Abrahams dagen west hie. Dat Izaäk gong nei Gearar, nei Abimêlek, de kening fan ’e Filistinen. 2En de Heare ferskynde him en sei: Gean net nei Egypte. Wenje yn it lân dat ik dy sizze sil. 3Hâld as frjemdling ta yn dit lân en Ik sil mei dy wêze. Ik sil dy segenje, want oan dy en dyn neigeslacht sil Ik al dizze lannen jaan. Ik sil my hâlde oan de eed, dy’t Ik dyn heit Abraham dien haw. 4Ik sil dyn neigeslacht oanwinne litte as de stjerren oan ’e loft en al dizze lannen sil Ik har jaan. En troch dyn neigeslacht sille alle folken fan ’e ierde har lokkich priizje. 5Dêrom, omdat Abraham nei myn wurden harke hat en him hâlden hat oan myn tsjinst, myn geboaden, myn foarskriften en myn wetten. 6Dat sadwaande bleau Izaäk te Gearar.
7No fregen de manlju fan dat plak him nei syn frou en hy sei: It is myn suster! Hy doarst it nammentlik net oan om te sizzen: myn frou, oars soenen de manlju fan dit plak, sa tocht er, my wolris deameitsje kinne om Rebekka, want hja is in kreaze ferskining. 8Doe’t er dêr al gâns in skoft west hie, seach Abimêlek, de kening fan de Filistinen, ris troch it finster nei ûnderen ta en doe seach er dat Izaäk en syn frou Rebekka oan it frijen wienen. 9Dat Abimêlek liet Izaäk roppe en hy sei: It is dus dochs jo frou? Hoe koenen jo dan sizze: It is myn suster? Izaäk sei tsjin him: Omdat ik tocht: Oars soe it my it libben kostje kinne. 10Mar Abimêlek sei: Hoe koenen jo ús dat oandwaan! It skeelde mar in bytsje of ien fan it folk hie by jo frou sliept en dan hienen wy dat troch jo op ’e skuld krige. 11En Abimêlek hiet it hiele folk: Dy’t oan dizze man of dizze frou komt, kin der op oan dat er stjerre sil.
12No hie Izaäk yn dat lân siedde en hy rispe dêr dat jiers it hûndertfâldige fan, mei’t de Heare him segene. 13Sa waard dy man ryk en geandewei riker, op it lêst waard er skatryk. 14Hy hie keppels skiep en kij en hiel wat tsjinstfolk, dat de Filistinen waarden oergeunstich op him.
15No hienen de Filistinen alle putten tichtsmiten dy’t syn heite feinten yn ’e dagen fan syn heit Abraham groeven hienen. Hja hienen se fol modder smiten.
16En Abimêlek sei tsjin Izaäk: Jo moatte by ús weigean, want jo binne helte mear mânsk wurden as wy. 17Dat Izaäk gong dêrwei, en sloech syn tinten op yn ’e delling fan Gearar, en dêr bleau er.
Rûzje om de putten
18Izaäk groef de wetterputten wer op, dy’t se yn ’e dagen fan syn heit Abraham groeven hienen en dy’t de Filistinen nei Abraham syn dea tichtsmiten hienen. Hy joech se deselde nammen, as dy’t syn heit deroan jûn hie. 19Doe’t de feinten fan Izaäk ris yn ’e delling groeven, fûnen se dêr in put mei welwetter. 20Mar de hoeders fan Gearar makken spul mei Izaäk syn hoeders. Hja seinen: Dat wetter is fan ús. Dêrom neamde er dy put Ezek om’t se dêr mei him oer tsierd hienen. 21Doe groeven se in oare put en ek dêr krigen se spul om. Dêrom neamde er dy Sitna. 22Dêrop gong er dêrwei, fierderop, en groef in oare put. Dêr krigen se gjin spul om, dat hy neamde dy Rechobot. Want sei er, no hat de Heare ús romte jûn en kinne wy ús ûntjaan yn dit lân.
23Dêrwei gong er omheech nei Beër-Sjêba ta.
De Heare ferskynt oan Izaäk
24Dyselde nachts ferskynde de Heare him en sei:
Ik bin de God fan Abraham, dyn heit,
haw mar gjin noed, want Ik bin by dy.
Ik sil dy segenje en dyn neigeslacht oanwinne litte
om ’e wille fan Abraham, myn feint.
25Doe boude Izaäk dêr in alter en rôp de namme fan de Heare oan. Hy sette dêr syn tinte op en syn feinten kappen dêr in put.
Ferbûn mei Abimêlek
26Abimêlek gong mei syn freon Achûzzat en syn legeroanfierder Pikol út Gearar wei nei him ta. 27Izaäk sei tsjin har: Wêrom komme jim by my? Jimme hawwe ommers wat op my tsjin en hawwe my by jim weistjoerd? 28Mar hja seinen: Wy hawwe wol fergoed sjoen dat de Heare mei jo is, dat wy seinen: Lit der no in flokferbûn tusken ús beiden komme, tusken ús en jo. Lit ús in ferbûn mei jo slute, 29dat jo ús gjin kwea oandwaan sille, likemin as wy jo oanrekke hawwe, jo allinne mar goed dien hawwe en jo yn frede fuortgean litten. En no segenet de Heare jo. 30Doe makke Izaäk har in miel klear en hja ieten en dronken. 31De oare moarns betiid kamen se derôf en doe dienen se inoar in eed. Dêrop liet Izaäk har gean en hja gongen yn frede by him wei.
Beër-Sjêba
32Dyselde deis kamen Izaäk syn feinten thús en fertelden him oer in put dy’t se groeven hienen. Hja seinen tsjin him: Wy hawwe wetter fûn. 33En hy neamde dy: Sjiba. Dêrom is de namme fan dy stêd noch altyd Beër-Sjêba.
De froulju fan Ezau
34Ezau wie fjirtich jier doe’t er troude mei Jehûdit, dochter fan ’e Hetyt Beëary, en mei Basjmat, dochter fan ’e Hetyt Elon. 35En dy froulju hienen Izaäk en Rebekka ynwindich tige fertriet fan.