Abraham en Ketûra
1Abraham naam noch in frou, dy’t Ketûra hiet. 2Hja krige fan him Zimram, Joksjan, Medan, Midjan, Jisjbak en Sjûach. 3Joksjan krige Sjeba en Dedan. De soannen fan Dedan wienen de Asjûriten, de Letûsjiten en de Leûmiten. 4De soannen fan Midjan: Efa, Efer, Chanok, Abida en Eldaä. Dat wienen allegearre soannen fan Ketûra. 5Abraham joech lykwols alles dat er hie oan Izaäk. 6Mar de soannen fan syn byfroulju, joech Abraham geskinken en hy hat se noch by syn libben fuortstjoerd, by syn soan Izaäk wei, it easten yn, nei it Eastlân.
Abrahams dea en begraffenis
7De jierren dat Abraham libbe hat, wienen mei-inoar hûndert-fiif-en-santich jier. 8Doe joech Abraham de geast en hy stoar yn goede âlderdom, âld en foldien en hy waard mei syn foarfaars ferienige. 9En syn soannen Izaäk en Ismael begroeven him yn ’e grot fan Machpela yn it stik lân fan Efron de soan fan Sochar, de Hetyt, dat east fan Mamré leit. 10Itselde stik lân, dat Abraham kocht hie fan de soannen fan Het. Dêr is Abraham begroeven en ek syn frou Sara. 11Nei de dea fan Abraham segene God dy syn soan Izaäk. En Izaäk wenne by de put Lachai-Roï.
It neigeslacht fan Ismael
12Dit is it neigeslacht fan Ismael, de soan fan Abraham, dy’t Hagar, de Egyptyske slavin fan Sara fan Abraham krige hie. 13Dit binne de nammen fan ’e soannen fan Ismael, de nammen neffens har geslachten: Ismaels âldste Nebajot, dan Kedar, Adbeël, Mibsjan, 14Misjma, Dûma, Massa, 15Chadad, Tema, Jetûr, Nafisj en Kedma. 16Dat binne de soannen fan Ismael en dat binne har nammen nei har doarpen en kampen, tolve foarsten oer har stammen. 17De jierren dat Ismael libbe hat, wienen hûndert-en-tritich jier. Doe joech er de geast en stoar en waard ferienige mei syn foarfaars. 18Hja wennen fan Chawila ôf oan Sjoer ta, dat east fan Egypte leit, de kant fan Assyrië út. Eastliker as al syn bruorren is er telâne kommen.
Berte fan Ezau en Jakob
19Dit is it neigeslacht fan Izaäk, de soan fan Abraham: Abraham krige Izaäk. 20Izaäk wie fjirtich jier, doe’t er troude mei Rebekka, dy’t in dochter wie fan de Arameeër Betûel út Paddan-Aram en in suster fan Laban, de Arameeër. 21No bidde Izaäk de Heare ynmoedich yn it bywêzen fan syn frou, want hja wie ûnfruchtber. En de Heare liet Him troch him ferbidde, dat syn frou Rebekka waard swier. 22Doe’t de bern yn har binnenst tsjininoar oanstompten, sei se: As it sa is, wêrom bin ik sa? Dat hja gong hinne om de Heare te befreegjen. 23En de Heare sei tsjin har:
Twa folken binne yn dyn skurte,
twa naasjes út dyn yngewant sille eigen wegen gean.
De iene naasje sil de oare oermânsk wêze
en de âldste sil de jongste tsjinje.
24Doe’t de tiid fan ’e befalling kommen wie, sjoch, doe hie se twillingen by har. 25De earste kaam derút, rodzich, hielendal ûnder it hier, suver in mantel gelyk en se neamden him Ezau. 26Dêrnei kaam syn broer derút en dy hâlde mei de hân de hakke fan Ezau fêst en se neamden him Jakob. Izaäk wier sechstich jier doe’t se te wrâld kamen.
It rjocht fan ’e âldste ferkocht
27Doe’t de jonges grutter waarden, waard Ezau in man, betûft yn it jeien, in echte fjildman, mar Jakob wie in húslik man, dy’t yn tinten tahâlde. 28No hâlde Izaäk meast fan Ezau, want it wyld smakke him tige. Rebekka lykwols hâlde mear fan Jakob.
29Jakob hie ris wat iten sean, doe’t Ezau wurch út it fjild kaam. 30En Ezau sei tsjin Jakob: Lit my dochs slobberje fan dy reade brij, want ik bin wurch. Dêrom wurdt er Edom neamd. 31Jakob sei: Ferkeapje my dan no daliks dyn rjocht fan ’e âldste. 32Ezau sei: Man, ik stjer sawat, wat maal ik om it rjocht fan ’e âldste! 33Mar Jakob sei: Doch der my dan no daliks in eed op. En hy die der him in eed op. Sa ferkocht er Jakob syn rjocht fan ’e âldste. 34En doe joech Jakob Ezau brea en seane reade earte. En dy iet en dronk. Doe gong er oerein en sette ôf. Sa’n bytsje joech Ezau om it rjocht fan ’e âldste.