Izaäk kriget in frou
1Abraham wie âld. Hy wie al heech op jierren kommen en de Heare hie him yn alles segene. 2Doe sei Abraham tsjin syn earste húsfeint, dy’t gong oer alles dat er hie: Lis my dochs de hân ûnder de heupe 3en lit my dy de eed ôfnimme by de Heare, de God fan ’e himel en de God fan ’e ierde, datst foar myn soan gjin frou nimme silst út ’e fammen fan ’e Kanaäniten, dêr’t ik middenyn wenje. 4Mar do moatst nei it lân gean dêr’t ik weikom, nei myn famylje en dêr in frou foar myn soan Izaäk weihelje. 5De feint sei tsjin him: Faaks dat de frou net mei wol nei dit lân ta. Moat ik dan jo soan werombringe nei it lân dêr’t jo út weigien binne? 6Mar Abraham sei tsjin him: Tink derom datst myn soan dêr net wer hinnebringst. 7De Heare, de God fan ’e himel, dy’t my helle hat út ús heite hûs en út it lân dêr’t ik opgroeid bin, dy’t mei my sprutsen hat en dy’t my sward hat: Oan dyn neigeslacht sil Ik dit lân jaan, dy sil syn ingel foar dy útstjoere. Dat do moatst dêr in frou foar myn soan weihelje. 8En as dy frou net mei dy mei wol, dan bist ûntslein fan ’e eed dyst my dien hast. Allinne, bring myn soan dêr net wer hinne. 9Doe lei de feint Abraham de hân ûnder de heupe en hy die dêr in eed op.
10Dêrop naam dy feint tsien kamielen fan syn hear sines en gong fuort mei allegear kostber spul fan syn hear by him. Nei’t er him klearmakke hie, gong er nei Mesopotamië, nei de stêd fan Nachor. 11Bûten de stêd liet er de kamielen by in wetterput op ’e knibbels sakje. It rûn tsjin ’e jûn, de tiid dat de froulju derop útgongen om wetter te heljen. 12Hy sei: Heare, God fan myn hear Abraham, lit my hjoed dochs slagje en bewiis myn hear Abraham geunst. 13Sjoch, ik stean by in wetterwelle en de jonge froulju fan ’e stêd komme nei bûten om wetter te heljen. 14Lit no de jongfaam tsjin wa’t ik sis: Hâld de krûk wat foaroer dat ik wat drinke kin en dy’t dan seit: Drink mar en ik sil ek jo kamielen drinken jaan – lit dy it wêze dy’t Jo foar jo tsjinstfeint Izaäk ornearre hawwe. Dêr sil ik dan oan witte, dat Jo myn hear geunst bewiisd hawwe.
15Hy hie dy wurden noch net sein, of dêr kaam Rebekka de stêd út, in dochter fan Betûel, de soan fan Milka, de frou fan Nachor, Abraham syn broer, de krûk op it skouder. 16It fanke wie tige kreas fan oansjen. Hja wie noch faam, gjin man hie noch by har west. Hja gong del nei de welle, die har krûk fol en kaam wer nei boppen. 17Doe rûn dy feint fluch op har ta en sei: Mei ik wat drinken út jo krûk? 18Hja sei: Drink, mynhear en liet doe fuort de krûk yn ’e hân delsakje en liet him drinke. 19Doe’t se him genôch drinke litten hie, sei se: Ik sil ek foar jo kamielen opputte, oant dy har sêd dronken hawwe. 20Hastich lege se de krûk yn ’e drinkensbak en skrepte op ’e nij nei de put om wetter te heljen. Sa boarnde se alle kamielen. 21De man sei neat en naam har goed op om te witten te kommen oft de Heare syn reis slagje litten hie of net.
22Sagau’t de kamielen har sêd dronken hienen, krige de man in gouden ring, mei in gewicht fan in heale sikkel en die har twa gouden earmbannen om, fan tsien sikkel 23en hy sei: Fertel my ris, fan wa binne jo in dochter? Soe der by jim heit-en-dy ek sliepplak foar ús wêze? 24Hja sei tsjin him: Ik bin in dochter fan Betûel, de soan fan Milka, dy’t hja fan Nachor krige hat. 25Fierders sei se tsjin him: Strie en foer is der by ús thús genôch en ek wol sliepplak. 26Doe bûgde de man him en oanbidde de Heare, 27en hy sei: Heech te priizjen is de Heare, de God fan myn hear Abraham, dy’t syn geunst en trou net oan myn hear ûnthâlden hat. De Heare hat my lyk op myn heare folk oangean litten. 28Doe rûn it fanke hurd fuort en die dat hiele ferhaal thús by har mem. 29No hie Rebekka in broer, dy’t Laban hiet. En Laban rûn hurd nei de man bûten by de welle. 30Want sagau’t er de ring en de earmbannen om ’e earmen fan syn suster sjoen hie en it ferhaal fan syn suster heard, dy’t sein hie: Sa en sa hat de man tsjin my sein, gong er nei dy man ta. Dy stie noch mei de kamielen by de welle. 31Hy sei: Kom mei, jo dy’t troch de Heare segene binne. Wêrom bliuwe jo bûten stean? Ik meitsje it hûs wol klear en ek plak foar de kamielen. 32Sa kaam de man dêr yn ’e hûs. Se dienen de kamielen it gereid ôf en joegen se strie en foer; ek wetter dat de feint en de mannen dy’t er by him hie, fuotwaskje koenen. 33Doe waard him iten foarset, mar hy sei: Ik sil net ite ear’t ik myn boadskip dien haw. Laban sei: Sis it mar.
34Hy sei: Ik bin in tsjinstfeint fan Abraham. 35De Heare hat myn hear tige segene, dat hy is in grut man wurden. Hy hat him skiep jûn en kij, sulver en goud, slaven en slavinnen, kamielen en ezels. 36En Sara, myn hear syn frou, hat nei’t har âlde dei al kommen wie, myn hear in soan jûn en dy hat er syn hiele besit tamakke. 37No hat myn hear my in eed ôfnommen en sein: Do meist foar myn soan net in frou nimme út ’e fammen fan ’e Kanaäniten yn waans lân ik wenje, 38mar do moatst nei myn heite hûs en nei myn famylje gean en dêr foar myn soan in frou weihelje. 39Ik sei tsjin myn hear: Faaks dat dy frou net mei wol. 40En hy sei tsjin my: De Heare, mei wa’t ik myn wei gien bin, sil syn ingel mei dy stjoere en dy in foarspoedige reis jaan. Do moatst in frou foar myn soan helje út myn famylje en út myn heite hûs. 41Earst dan silst ûntslein wêze fan ’e eed dy’t ik dy ôfnommen haw, ast by myn famylje kommen bist en se har dy net meijaan wolle. Dan bist ûntslein fan ’e eed dy’t ik dy ôfnommen haw. 42Sa kaam ik hjoed by de welle en ik sei: Heare, God fan myn hear Abraham, och, meitsje Jo dochs de reis dy’t ik no ûndernim, foarspoedich. 43Sjoch, ik stean hjir by in wetterwelle. Lit no de jonge frou, dy’t nei bûten komt om wetter te heljen, en dêr’t ik tsjin sis: Mei ik wat wetter drinke út jo krûk, 44en dy’t dan tsjin my seit: Drinke jo mar en ik sil ek foar jo kamielen opputte – lit dat dan de frou wêze dy’t de Heare foar de soan fan myn hear ornearre hat. 45Ik hie dy wurden by mysels noch net sein, of dêr kaam Rebekka de stêd al út mei har krûk op it skouder. Hja gong del nei de welle en putte wetter op. Ik sei tsjin har: Hawwe jo ek wat drinken foar my? 46Hja liet doe fuort de krûk sakje en sei: Drinke jo mar en ik sil jo kamielen ek wol boarne. Dat sa dronk ik en hja boarnde de kamielen ek. 47Doe frege ik har: Fan wa binne jo in dochter? Hja sei: In dochter fan Betûel, de soan fan Nachor, dy’t Milka fan him krige hat. Dêrop die ik har de ring yn ’e noas en de earmbannen om ’e earmen. 48Doe bûgde ik my en rôp de Heare oan. Ik prize de Heare, de God fan myn hear Abraham, dy’t my op ’e goede wei brocht hat om in dochter út ’e famylje fan myn hear foar syn soan te nimmen. 49No dan, as jimme leafde en trou oan myn hear bewize wolle, sis it my dan en sa net, sis it ek, want dan sil ik oars omsjen moatte.
50Doe antwurden Laban en Betûel en hja seinen: Dizze saak is fan ’e Heare útgien, dat wy kinne der goed noch kwea fan sizze. 51Sjoch, dêr is Rebekka, nim har mei en gean fuort, dan kin se de frou wurde fan ’e soan fan jo hear, sa’t de Heare it sein hat. 52Doe’t de feint fan Abraham har wurden heard hie, bûgde er him nei de grûn foar de Heare. 53Dêrop helle de feint sulver en goudguod foar it ljocht en klean en joech it oan Rebekka. Ek har broer en har mem joech er kostberheden.
54Doe ieten en dronken hy en de mannen by him en hja bleauwen dêr dy nacht oer. Doe’t se de moarns derôf kamen, sei er: Lit my no nei myn hear ta gean. 55Mar har broer sei, en har mem: Lit it fanke noch in dei of tsien by ús bliuwe en dêrnei kinne jimme dan fuortgean. 56Hy lykwols sei tsjin harren: Hâld my net op, no’t de Heare my in foarspoedige reis jûn hat. Lit my ôfreizgje, dat ik nei myn hear gean kin. 57Hja seinen: Wy sille it fanke roppe en freegje wat se der sels fan seit. 58Dat se rôpen Rebekka en seinen tsjin har: Wolst mei dizze man mei? Hja sei: Jawol. 59Doe lieten se har suster Rebekka en ek har minne mei de feint fan Abraham en syn mannen gean. 60Hja segenen Rebekka en seinen tsjin har:
O suster fan ús, wurd ta tûzen kear tsientûzenen!
Mei dyn neigeslacht de poarten fan dyn fijannen yn besit nimme.
61Doe makke Rebekka har klear, mei har fammen; hja klommen op ’e kamielen en gongen achter de man oan. Sa naam de feint Rebekka mei en gong fuort.
62Izaäk wie krekt werom fan de put Lachai-Roï. Hy wenne nammentlik yn it Suderlân. 63Tsjin ’e jûn wie Izaäk it fjild yngien om him wat te fertrêdzjen; en doe’t er opseach, sjedêr, dêr kamen kamielen oan. 64Doe’t Rebekka opseach, waard se Izaäk gewaar en hja liet har fan ’e kamiel sakje. 65Hja sei tsjin ’e feint: Wa is dy man dêre, dy’t ús yn it fjild temjitte komt? De feint sei: Dat is myn hear. Doe naam se de wale en die dy foar. 66De feint brocht Izaäk ferslach út oer alles dat er dien hie. 67En Izaäk brocht har yn ’e tinte fan syn mem Sara; hy naam Rebekka en dy waard syn frou en hy krige har leaf. Sa waard er treaste oer it ferlies fan syn mem.