Genesis 23
Sara’s dea en begraffenis
1Sara is hûndert-sânentweintich jier âld wurden. Dat wienen Sara har libbensjierren. 2En doe is Sara stoarn te Kirjat Arba – dat is Hebron – yn it lân Kanaän en Abraham gong nei binnen om de rouklacht oer har te hâlden en har te beskriemen. 3Doe gong Abraham oerein, by syn ferstoarne wei, en hy prate mei de Hetiten en sei: 4Ik wenje hjir by jimme as frjemdling, mar jou my no in eigen grêf by jimme, dan kin ik myn ferstoarne útdrage en begrave. 5Mar de Hetiten antwurden Abraham en seinen tsjin him: 6Harkje nei ús, mynhear. Jo binne yn ús fermidden in foarst fan God. Begraaf jo ferstoarne mar yn it bêste grêf dat wy ha. Gjinien fan ús dy’t jo syn grêf wegerje sil om jo ferstoarne te begraven. 7Doe gong Abraham stean en hy makke in bûging foar de Hetiten, de bewenners fan it lân, 8en hy sei tsjin har: As it jimme tinken is dat ik myn ferstoarne útdrage en begrave kin, harkje dan nei my en doch in goed wurd foar my by Efron, de soan fan Sochar, 9dat er my de grot fan Machpela jout. Dy is sines en dy leit op ’e râne fan syn lân. Lit er my dy jaan foar de folle priis ta in eigen grêf yn jimme fermidden. 10No siet Efron dêr ek by de Hetiten. Dat Efron de Hetyt antwurde Abraham yn it bywêzen fan alle Hetiten dy’t yn ’e poarte fan har stêd kommen wienen: 11Welnee, mynhear, harkje ris nei my: Dat fjild jou ik jo en de grot dy’t dêr yn is, dy jou ik jo ek. Yn it bywêzen fan myn lânslju haw ik jo dy jûn. Begraaf jo ferstoarne mar. 12Doe makke Abraham in bûging foar it folk fan it lân 13en hy sei tsjin Efron, yn it bywêzen fan it folk fan it lân: Och, wol sa goed wêze en harkje nei my. Ik jou jo de priis dy’t it lân wurdich is. Nim dat no fan my oan, dan kin ik myn ferstoarne dêr begrave. 14Doe antwurde Efron Abraham en sei tsjin him: 15Mynhear, harkje nei my. Lân fan fjouwerhûndert sikkel sulver, wat hat dat no foar jo en my te betsjutten. Begraaf jo ferstoarne mar. 16En Abraham harke nei Efron en hy woech him it jild ôf, dat er yn it bywêzen fan ’e Hetiten neamd hie: fjouwerhûndert sulversikkels, sa’t dy yn ’e hannel gongber wienen. 17Sa krige Abraham it stik lân fan Efron dat yn Machpela leit, east fan Mamré, yn eigendom, it lân mei de grot dêryn en alle beammen yn it hiele gebiet dêr omhinne 18yn it bywêzen fan ’e Hetiten en fan allegearre dy’t yn ’e stedspoarte kommen wienen.
19Dêrop begroef Abraham syn frou Sara yn ’e grot yn it stik lân fan Machpela, east fan Mamré, dat is Hebron yn it lân Kanaän. 20Sa krige Abraham fan ’e Hetiten dat stik lân mei de grot dêryn ta in eigen grêf.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap