Offer fan Izaäk
1It wie nei dizze dingen, dat God Abraham hifke en Hy sei tsjin him: Abraham. Dy sei: Hjir bin ik al. 2Hy sei: Nim dyn soan mei, dyn iennichste, dysto leafhast, Izaäk, en gean nei de kontreien fan Moria. Dêr moatst him as in brânoffer bringe op ien fan ’e bergen dy’t Ik dy sizze sil. 3Doe gong Abraham der de moarns betiid ôf, seale syn ezel, naam twa fan syn feinten en syn soan Izaäk mei en sloech it hout foar it brânoffer fyn. Doe makke er him klear en gong nei it plak dêr’t God it mei him oer hân hie. 4Doe’t Abraham de tredde deis de eagen opsloech, seach er it plak yn ’e fierte lizzen. 5Doe sei Abraham tsjin syn feinten: Bliuw jimme hjir by de ezel, dan sil ik dêr mei de jonge hinnegean en as wy dan oanbidden hawwe, komme wy wer by jim werom. 6Doe naam Abraham it hout foar it brânoffer en joech dat syn soan Izaäk te dragen. Sels naam er it fjoer en it mes yn ’e hân. En sa gongen se tegearre, dy beide. 7En Izaäk sei tsjin syn heit Abraham: Heit! Dy sei: Ja, jonge. Hy sei: Sjoch, hjir is wol fjoer en hout, mar wêr is no it laam foar it brânoffer? 8Abraham sei: God sil sels wol foar in laam foar it brânoffer soargje, myn jonge. En sa gongen se tegearre, dy beide.
9Doe’t se op it plak oankommen wienen dat God sein hie, boude Abraham dêr in alter en skikte it hout te plak. Doe bûn er syn soan Izaäk en lei him op it alter, boppe op it hout. 10En Abraham stiek de hân út en naam it mes om syn soan te slachtsjen. 11Mar in ingel fan de Heare rôp út ’e himel wei en sei: Abraham! Abraham! Hy sei: Hjir bin ik! 12Hy sei: Kom net oan ’e jonge en doch him neat, want no wit Ik datsto God frezest en dyn soan, dyn iennichste, My net ûnthâlden hast. 13Doe’t Abraham opseach, waard er achteroan in raam gewaar, dy’t mei de hoarnen yn ’e strûken fêstsiet. Doe gong Abraham dêrhinne, naam dy raam en brocht dy as offer foar syn soan yn it plak. 14En Abraham neamde dat plak: De Heare soarget. Dêrom wurdt no noch sein: Op ’e berch fan de Heare wurdt derfoar soarge.
15Doe rôp de ingel fan de Heare foar de twadde kear út ’e himel wei oan Abraham 16en sei: Ik haw by Mysels sward, sa is de godsspraak fan de Heare, omdatsto soks dien hast en dyn soan, dyn iennichste, My net ûnthâlden hast, 17dêrom sil Ik dy tige segenje. Ik sil dyn neigeslacht o sa oanwinne litte: as de stjerren oan ’e loft en as de sânkerrels op it strân by de see. Dyn neigeslacht sil de stêden fan har fijannen yn besit nimme. 18En mei dyn neigeslacht sille alle folken fan ’e ierde har lokkich priizje, omdatsto harke hast nei wat Ik sei. 19Doe gong Abraham nei syn feinten werom. Hja gongen oerein en mei-inoar gongen se nei Beër-Sjêba en Abraham bleau yn Beër-Sjêba te wenjen.
De soannen fan Milka
20It wie in skoft letter, dat Abraham it berjocht krige: Ek Milka hat jo broer Nachor soannen jûn. 21Oes, syn âldste en dy syn broer Bûz en Kemûel, de heit fan Aram; 22fierder Kêsed, Chazo, Pildasj, Jidlaf en Betûel. 23Betûel krige Rebekka. Dy acht krige Milka fan Nachor, Abraham syn broer. 24Syn byfrou, by namme Remûel krige ek bern: Têbach, Gacham, Tachasj en Maäka.