Berte fan Izaäk
1De Heare tocht oan Sara, lykas Er sein hie, en de Heare die har sa’t Er ûnthjitten hie. 2Dat Sara waard swier en joech op syn âlde dei Abraham in soan, op ’e stelde tiid, dy’t God him sein hie. 3En Abraham joech de soan dy’t er by Sara krige hie, de namme Izaäk. 4Sa’t God him opdroegen hie, besnie Abraham syn soan Izaäk doe’t dy acht dagen âld wie. 5Abraham wie hûndert jier, doe’t er syn soan Izaäk krige. 6Sara sei: God hat my laitsje litten. Elk dy’t it heart, sil mei my laitsje. 7Fierder sei se: Wa soe tsjin Abraham sein hawwe: Sara sil noch bern oan it boarst hawwe? Dochs haw ik him noch in soan jûn op syn âlde dei.
Hagar en Ismael fuortstjoerd
8Doe’t it bern grutter waard en fan it boarst ôf koe, joech Abraham de deis dat Izaäk fan it boarst ôf kaam, in grut feestmiel. 9En Sara seach dat de soan fan Hagar, de Egyptyske, dy’t se by Abraham krige hie, oan it spotten wie, 10dat hja sei tsjin Abraham: Jei dy slavin en har soan fuort, want de soan fan dy slavinne sil net ervje mei myn soan Izaäk. 11Mar dat wie Abraham tige min nei ’t sin, want it wie op ’t lêst syn soan. 12God lykwols sei tsjin Abraham: It mei dy net slim tsjin ’t sin wêze fanwegen de jonge en de slavinne. Harkje nei alles dat Sara tsjin dy seit, want troch Izaäk sil dyn neigeslacht namme krije. 13Alhoewol, ek de soan fan ’e slavinne sil Ik ta in folk útgroeie litte. It is ommers dyn neigeslacht.
14De oare moarns kaam Abraham der betiid ôf. Hy naam brea en in sek mei wetter en joech dy Hagar en lei har dy op it skouder en stjoerde har mei it bern fuort. Hja sette ôf en doarme om yn ’e woestyn fan Beër-Sjêba. 15Doe’t it wetter út ’e sek oprekke, lei se it bern ûnder ien fan ’e strûken del. 16Sels gong se op in ôfstân sitten, sa fier as in bôge sjitte kin, want hja tocht: Ik kin it net oansjen dat myn bern stjert. Dat sa siet se in ein fan him ôf en begûn lûdop te gûlen.
17God hearde de stim fan ’e jonge en in ingel fan God rôp út ’e himel wei oan Hagar. Hy sei tsjin har: Wat is deroan, Hagar? Sit mar net yn noed, want God hat nei de stim fan ’e jonge heard, dêr wêr’t er is. 18Kom oerein, nim de jonge op en krij him by de hân, want Ik sil him útgroeie litte ta in grut folk.
19Doe liet God har de eagen iepengean, dat se seach in wetterput. Hja gong derhinne, die de wettersek fol en liet de jonge drinke. 20En God wie mei de jonge. Doe’t er grut wie, wenne er yn ’e woestyn en hy waard in skutter, in man fan ’e bôge. 21Hy wenne yn ’e woestyn Paran en syn mem naam foar him in frou út Egypte.
Ferbûn tusken Abraham en Abimêlek
22It wie yn dyselde tiid dat Abimêlek mei Pikol, syn legeroanfierder, tsjin Abraham sei: God is mei jo yn alles dat jo dogge. 23Dat swar my no hjirre by God, dat jo net falsk mei my omgean sille en ek net mei myn bern en myn bernsbern, mar dat jo mei my en it lân dêr’t jo as frjemdling yn ferkeard hawwe, omgean sille mei deselde trou dy’t ik jo bewiisd haw. 24Abraham sei: Dat swar ik. 25Mar Abraham makke Abimêlek in ferwyt oer in wetterput dy’t Abimêlek syn feinten har ta-eigene hienen. 26Abimêlek sei: Ik wit net wa’t dit stik útheefd hat. Jo hawwe it der ek noait mei my oer hân en ik hear der hjoed foar it earst fan.
27Doe naam Abraham skiep en kij en joech dy Abimêlek en hja sleaten tegearre in ferbûn. 28Mar Abraham sette sân eilammen apart. 29En Abimêlek sei tsjin Abraham: Wat moatte dy sân eilammen dêr, dy’t jo apart set hawwe? 30Hy sei: Dy sân eilammen moatte jo fan my oannimme. Dat is foar my it bewiis, dat ik dy put groeven haw. 31Dêrom wurdt dat plak Beër-Sjêba neamd, want dêr hawwe se beide in eed dien. 32Nei’t se te Beër-Sjêba in ferbûn sletten hienen, gongen Abimêlek en Pikol, syn legeroanfierder oerein en reizgen werom nei it Filistynske lân.
33Doe plante Abraham in tamarisk te Beër-Sjêba en hy rôp dêr de namme fan de Heare, de ivige God, oan. 34En hy wenne gâns in skoft as frjemdling yn it Filistynske lân.