1Doe rôp Izaäk Jakob, segene him en lei him op: Do moatst dy gjin frou nimme út ’e Kanaänityske fammen. 2Meitsje dy klear en gean nei Paddan-Aram ta, nei it hûs fan Betûel, jim memme heit, en helje dy dêr in frou wei út ’e dochters fan Laban, jim memme broer. 3God de Almachtige mei dy segenje, dy fruchtber meitsje en oanwinne litte, datst in mienskip fan folken wurde meist. 4Hy mei dij en ek dyn neigeslacht de segen jaan, dy’t foar Abraham wie, datst it lân besitte meist dêrst as frjemdling tahâlden hast en dat God oan Abraham jûn hat. 5Sa stjoerde Izaäk Jakob fuort en dy gong nei Paddan-Aram, nei Laban, de soan fan Betûel, de Arameeër en de broer fan Rebekka, de mem fan Jakob en Ezau.
Ezau nimt mear froulju
6Doe’t Ezau gewaar waard dat Izaäk Jakob segene hie en him nei Paddan-Aram stjoerd om dêr in frou wei te heljen, en dat er him yn dy segen oplein hie: Do meist dy gjin frou nimme út ’e Kanaänityske fammen, 7en dat Jakob nei syn heit en mem harke hie en nei Paddan-Aram gien wie, 8doe seach Ezau yn dat de Kanaänityske froulju syn heit min nei it sin wienen. 9Dat dêrom gong Ezau nei Ismael en naam, by de froulju dy’t er al hie, as frou Machalat, in dochter fan Abraham syn soan Ismael en in suster fan Nebajot.
Jakob te Bet-El
10Jakob dan reizge ôf fan Beër-Sjêba en gong nei Charan. 11Hy kaam op in plak dêr’t er de nacht oerbliuwe woe, want de sinne wie al ûndergien. Hy naam ien fan ’e stiennen dêr en brûkte dy foar holkjessen. Doe joech er him dêr del. 12Hy krige in dream: Der wie in ljedder delset op ’e ierde en de boppe-ein kaam oan ’e himel ta en sjoch, Gods ingelen gongen derby op en del. 13En sjedêr: de Heare stie boppe-oan en sei: Ik bin de Heare, de God fan dyn pake Abraham en de God fan Izaäk. It lân dêrst op leist, dat sil Ik dij en dyn neigeslacht jaan. 14Dyn neigeslacht sil wurde as it stof fan ’e ierde en do silst dy útwreidzje nei it westen, it easten, it noarden en it suden en yn dij en dyn neigeslacht sille alle famyljes fan de ierdboaiem segene wurde. 15Ik bin ommers by dy en Ik sil dy bewarje oeral dêrst mar hinnegiest en Ik sil dy nei dizze grûn werombringe. Ik sil dy net ferlitte oant Ik dien haw, wat Ik dy ûnthjitten haw.
16Doe’t Jakob wekker waard út ’e sliep, sei er: Wier, de Heare is op dit plak en ik wist der neat fan. 17En hy waard bang en sei: Wat is dit in skriklik plak. Dit is oars net as in hûs fan God. Dit is de poarte fan ’e himel.
18Doe’t Jakob de moarns betiid oereinkaam, naam er de stien dy’t er as holkjessen brûkt hie en sette dy rjocht oerein en geat dêr oalje boppe op. 19En hy neamde dat plak Bet-El. Foartiids lykwols hiet dy stêd Lûz. 20Jakob die ek in gelofte. Hy sei: As God mei my is en my bewarret op ’e reis dy’t ik ûndernim, as Hy my brea jout om te iten en klean om oan te dwaan, 21en ik kom goed en wol yn myn heite hûs werom, dan sil de Heare myn God wêze. 22En dizze stien, dy’t ik as in wijstien rjocht oerein set haw, sil in hûs fan God wêze. Fan alles dat Jo my jouwe, sil ik Jo in tsiende part ôfstean.