Sodom en Gomorra ferwoeste
1De beide ingels kamen de jûns yn Sodom oan, wylst Lot dêr yn ’e poarte siet. Doe’t Lot har seach, gong er oerein, har yn ’e mjitte en hy bûgde him, it gesicht nei de grûn. 2Hy sei: Och hearen, kom dochs by jim tsjinstfeint yn ’e hûs en bliuw in nacht oer. Waskje jim de fuotten en dan kinne jim der moarnier betiid ôfkomme en jim wegen gean. Mar hja seinen: Nee, wy bliuwe fannacht op it plein. 3Mar hy stie der tige by har op oan en doe gongen se mei en kamen by him yn ’e hûs. Hy makke harren in miel klear en bakte ûnsuorre koeken en doe ieten se. 4Hja wienen noch net op bêd, doe besingelen de manlju fan ’e stêd, de manlju fan Sodom, fan ’e jongerein ôf oan ’e âlderein ta, it hiele folk, út alle hoeken wei, it hûs. 5Hja rôpen Lot en seinen tsjin him: Wêr binne de manlju dy’t fannacht by dy kommen binne? Bring se by ús, dan wolle wy mei har omslaan. 6Mar Lot gong nei bûten, nei har ta, mar de doar die er achter him ticht. 7Hy sei: Doch dochs gjin kwea, freonen. 8Sjoch, ik haw twa dochters dy’t noch gjin omgong mei in man hân hawwe. Dy wol ik wol nei jim tabringe en doch dan mar mei har wat jim wolle, mar doch dy mannen neat. Dêrom binne se ommers ûnder de beskerming fan myn dak kommen. 9Mar hja seinen: Gean oan ’e kant. Se seinen ek: Dizze iene is hjir as frjemdling kommen en soe er ús dan no de wet stelle? No sille wy dij noch mear kwea dwaan as har. En hja krongen ferheftich op ’e man, op Lot, oan en kamen op ’e doar ta om dy iepen te brekken. 10Doe pakten de mannen yn ’e hûs Lot beet en hellen him nei har ta en dienen de doar ticht. 11En de manlju bûtendoar sloegen se mei blinens, fan ’e lytste oan ’e grutste ta, dat hja spanden har om ’e nocht yn om de doar te finen.
12– Doe seinen de mannen tsjin Lot: Wa hawwe jo hjir noch mear: in skoansoan, jo soannen en dochters en allegearre dy’t jowes binne? Lit se út dit plak weigean. 13Wy steane nammentlik klear om dit plak te ferdylgjen, want der is in grut gerop oer harren foar de Heare kommen, dat de Heare hat ús stjoerd om de stêd te ferdylgjen. 14– Dat Lot gong hinne en prate mei syn oansteande skoansoannen en hy sei: Meitsje jim klear, gean út dit plak wei, want de Heare ferdylget de stêd. Mar syn skoansoannen besloegen it mei de gek.
15Sadree’t de dage oan ’e loft kaam, fiteren de ingels Lot oan. Hja seinen: Toe! Nim jo frou en jo beide dochters, dy’t hjir binne, mei. Oars komme jo om troch de sûnde fan ’e stêd. 16Mar hy drige der noch tsjinoan, dat doe krigen dy mannen – mei’t de Heare him sparje woe – him, syn frou en beide dochters by de hân en setten har it hûs út en brochten har bûten de stêd.
17En wylst hja him nei bûten fierden, sei ien fan beide mannen: Rin foar jo libben. Sjoch net achterom en bliuw yn ’e hiele omkrite net stean. Rin nei de bergen, dat jo net omkomme. 18Mar Lot sei tsjin har: Och nee, myn hear! 19Sjoch, Jo miene it sa goed mei jo tsjinstfeint en Jo bewize my de grutte woldied dat ik yn it libben bliuwe mei, mar ik kin net mear nei de bergen ûntkomme. Dan soe it ûnheil my ynhelje en soe ik stjerre. 20Mar sjoch, dy stêd dêr is net sa fier ôf; dêr hinne koenen wy wol ûntwike, it is mar in lyts plakje. Lit my no dêrhinne ûntkomme. It is ommers mar lyts en dan rêd ik it libben derôf. 21Hy sei tsjin him: Goed, ek dêryn sil Ik dy te wille wêze, dat Ik dy stêd dysto bedoelst net omkear. 22Meitsje no oan, rin dêr hinne, want Ik kin neat dwaan earsto dêr net oankommen bist. Sadwaande wurdt dy stêd Soär neamd. 23Doe’t de sinne oer it lân opgien wie, kaam Lot te Soär oan.
24Doe liet de Heare swevel en fjoer reine oer Sodom en Gomorra út ’e loft, by de Heare wei. 25Sa kearde Hy dy stêden en de hiele omkrite om, mei alle bewenners fan dy stêden en it gewaaks fan it fjild. 26Lot syn frou lykwols seach achterom en waard in sâltpylder. 27Abraham wie der de moarns betiid ôf en gong nei it plak dêr’t er by de Heare stien hie. 28Doe’t er op Sodom en Gomorra delseach en op it hiele lân fan dy krite, doe seach er reek omheech gean fan it lân, as de reek fan in kalkoven. 29Sa hat de Heare, doe’t er de stêden fan dy krite ferdylge, oan Abraham tocht en Lot ûntkomme litten oan ’e ramp, dêr’t Er de stêden mei rekke hie, dêr’t Lot yn wenne hie.
De dochters fan Lot
30Lot gong út Soär wei en sette him mei syn beide dochters nei wenjen yn it berchlân. Hy doarst net yn Soär te bliuwen, dat sadwaande wennen hy en syn beide dochters yn in grot. 31En de âldste dochter sei tsjin ’e jongste: Us heit is al âld en der is gjin man dy’t by ús komme kin, sa’t dat oeral yn ’e wrâld om-en-ta giet. 32Kom dan, lit ús no ús heit wyn drinke litte en dan by him sliepe, dat wy it libben jaan meie oan in bern fan ús heit. 33Sa joegen se har heit dy nachts wyn te drinken. Doe kaam de âldste en sliepte by har heit. En hy hie der gjin euvelmoed yn, noch doe’t se lizzen gong, noch doe’t se derôf gong.
34De oare moarns sei de âldste tsjin ’e jongste: Sjoch, ik haw justernacht by ús heit sliept, lit ús him fannacht ek wyn jaan. Kom do dan en sliep by him, dat wy it libben jaan meie oan in bern fan ús heit. 35Dat ek dy nachts joegen se har heit wyn. Doe kaam de jongste derôf en sliepte by him en hy hie der gjin euvelmoed yn dat se lizzen gong, noch dat se derôf gong. 36Sa waarden beide dochters fan Lot swier fan har heit. 37De âldste krige in soan en neamde him Moäb. Hy waard de heit fan ’e Moäbiten fan hjoed-de-dei. 38En de jongste krige in soan en hja neamde him Ben-Ammy. Hy waard de heit fan’e Ammoniten fan hjoed-de-dei.