Genesis 20
Abraham en Abimêlek
1Abraham ferreizge dêrwei nei it Suderlân en sette him nei wenjen tusken Kadesj en Sjoer en hy hâlde ta yn Gearar. 2No hie Abraham fan syn frou Sara sein: Hja is myn suster, dat Abimêlek stjoerde guon om Sara te heljen. 3Mar God kaam de nachts yn in dream by Abimêlek en sei tsjin him: Sjoch, do bist in deade fanwegen de frou dyst ophelje litten hast, want it is in troude frou. 4Mar Abimêlek hie noch net oan har west, dat hy sei: Hear, Jo sille dochs net in rjochtfeardich folk deadzje? 5Hat hy net tsjin my sein: It is myn suster? En sels sei se ek: Hy is myn broer. Dat ik hie gjin kwea yn ’t sin, ik haw it yn myn ûnskuld dien. 6God sei tsjin him yn ’e dream: Ik wit ek wol datst dit net mei kwea bedoelen dien hast. Ik haw dy der dan ek fan tebekhâlden om tsjin My te sûndigjen en Ik haw it keard datst oan har kaamst. 7Dat jou no dy man syn frou werom, want hy is in profeet en sil foar dy bidde datst yn it libben bliuwst. Mar ast har net weromjoust, wit dan datst it wis bestjerre silst, do en allegearre dy’t dines binne.
8Dy moarns kaam Abimêlek der betiid ôf, rôp al syn tsjinstfeinten byinoar en die har dat hiele ferhaal, dat dy manlju waarden dêr tige kjel fan. 9Doe rôp Abimêlek Abraham en sei tsjin him: Wat hawwe jo ús no oandien? En wat haw ik jo misdien, dat jo in grutte sûnde oer my en myn keninkryk brocht hawwe? Dat is gjin manier fan dwaan, sa’t jo mei my dien hawwe. 10Fierder sei Abimêlek tsjin Abraham: Wat hienen jo dêrmei foar om soks te dwaan? 11Abraham sei: Ik tocht: As hja yn dit plak ris neat om God jouwe, dan soe it bêst ris wêze kinne dat se my omreden fan myn frou, fermoardzje. 12Alhoewol, it is ek echt myn suster, de dochter fan ús heit, mar net fan ús mem en se is myn frou wurden. 13En it wie doe’t God my út ús heite hûs wei omswalkje liet, dat ik tsjin har sein haw: Doch my no dizze deugd, datst oeral dêr’t wy komme, fan my seist: Hy is myn broer.
14Doe naam Abimêlek skiep, kij, slaven en slavinnen en joech dy Abraham. Hy joech him ek syn frou Sara werom. 15En Abimêlek sei: Sjoch, myn hiele lân leit foar jo iepen. Jo kinne wenje wêr’t jo mar wolle. 16En tsjin Sara sei er: Sjoch, ik haw jo broer tûzen sulverstikken jûn as bewiis fan jo earberheid foar allegearre dy’t by jo binne en sa is foar alleman jo rjocht dien. 17Doe bidde Abraham ta God en God makke Abimêlek, syn frou en slavinnen wer better, dat hja koenen wer bern krije. 18Want de Heare hie makke dat alle froulju yn Abimêleks hûs ûnfruchtber wienen fanwegen dy kwestje mei Sara, Abraham syn frou.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap