De belofte fan in soan fernijd
1De Heare ferskynde Abraham by de terebinten fan Mamré, doe’t er op it hjitst fan ’e dei by de yngong fan syn tinte siet. 2Doe’t er de eagen opsloech, seach er ynienen trije manlju foar him oer stean. Mei’t er har seach rûn er by de yngong fan ’e tinte wei, har yn ’e mjitte en hy bûgde him nei de grûn. 3Hy sei: Mynhear, jo soenen my in deugd dwaan, as jo jo tsjinstfeint net foarbygongen. 4Lit my wat wetter helje litte, dat jim jimme de fuotten waskje en jou jim dan wat del ûnder de beam. 5Ik sil dan wat iten helje, dan kinne jim jim wat ferkwikke en dêrnei wer fierder gean. Faaks dat jim dêrom by jim tsjinstfeint lâns komme moasten. Hja seinen: Doch sa’t jo it sizze. 6Doe gong Abraham gau nei de tinte ta, nei Sara, en sei: Meitsje oan! Knetsje trije mjitten fyn moal en bak koeken. 7En Abraham rûn nei de kij, naam in keal, tierich en skoan, en joech dat oan in feint en dy skrepte om it klear te meitsjen. 8Doe naam er bûter en molke en it keal dat er klearmakke hie, en sette dat harren foar. Sels bleau er by harren stean ûnder de beam, wylst hja ieten.
9Doe seinen se tsjin him: Wêr is Sara, jo frou? Hy sei: Dy is yn ’e tinte. 10Hy sei: Ik kom oer in jier ferfêst by dy werom en dan hat Sara, dyn frou, in soan. Sara hearde it by de yngong fan ’e tinte, dy’t achter Him wie. 11No wienen Abraham en Sara âld, al tige op jierren kommen. En Sara wie al oer de jierren. 12Sara lake der ynwindich om en tocht: Soe ik noch befrediging ha no’t ik útlibbe bin en myn hear âld is? 13Mar de Heare sei tsjin Abraham: Wêrom hat Sara dochs lake en freget se har ôf: Soe ik dan wier noch bern krije no ’t ik al sa âld bin? 14Soe der foar de Heare in ding te wûnderlik wêze? It oare jier op deselde tiid kom Ik by dy werom en dan hat Sara in soan. 15Mar Sara – bang dat se wie – hiet it ligen en sei: Nee, ik haw net lake. Mar Hy sei: Dat is net wier, do hast àl lake.
Abraham foar Sodom yn ’e pleit
16Doe gongen dy mannen oerein om fuort. En hja seagen fan ’e hichte ôf op Sodom del. Abraham rûn mei har op om har in ein fuort te bringen. 17De Heare sei: Soe Ik foar Abraham ferswije, wêr’t Ik mei dwaande bin? 18Abraham sil ommers in grut en machtich folk wurde en yn him sille alle folken fan ’e ierde segene wurde? 19Want him haw Ik kenne wollen, dat hy syn soannen en ek syn neigeslacht oplizze soe, om har oan ’e wet fan de Heare te hâlden, deugdsum te libjen en rjocht te dwaan. Dan sil de Heare alles oer Abraham komme litte, dêr’t Hy it mei him oer hân hat. 20En de Heare sei: De rop oer Sodom en Gomorra, dy giet fier en har sûnden, dy binne tige slim. 21Lit My no delkomme en sjen oft se it sa bûnt meitsje as de rop oer harren is dy ta My kommen is. En sa net – Ik wol it witte.
22Doe kearden dy mannen har om, en gongen dêrwei, de kant út nei Sodom, mar de Heare bleau noch by Abraham stean. 23En Abraham kaam tichterby en sei: Sille Jo dan wier de rjochtfeardigen mei de goddeleazen ombringe? 24Faaks dat der fyftich rjochtfeardigen yn ’e stêd binne. Sille Jo dy dan wier ombringe en sille Jo de stêd de skuld net ferjaan om dy fyftich rjochtfeardigen, dy’t yn har fermidden binne? 25Jo fersmite it dochs fier, dat Jo soks dwaan soenen en jei de rjochtfeardigen mei de goddeleazen de dea yn. Soe de rjochtfeardige lyk stean mei de goddeleaze? Dat fersmite Jo dochs fier! Soe de Rjochter fan ’e hiele ierde gjin rjocht dwaan? 26De Heare sei: As Ik te Sodom fyftich rjochtfeardigen yn ’e stêd fyn, dan sil Ik om ’e wille fan harren it hiele plak ferjaan. 27Abraham ferfette: Sjoch, ik haw it weage en sprek tsjin de Heare, wylst ik mar stof en jiske bin: 28Faaks dat der fiif rjochtfeardigen oan dy fyftich ûntbrekke. Sille Jo dan om dy fiif de hiele stêd ferwoeste? Hy sei: Ik sil him net ferwoeste as Ik dêr fiifenfjirtich fyn. 29Hy gong troch mei tsjin Him te sprekken en sei: Faaks dat dêr fjirtich te finen binne. Hy sei: Ik sil it net dwaan om ’e wille fan ’e fjirtich. 30Hy sei: Lit de Hear net lilk wurde, mar lit my noch sizze: Faaks dat dêr tritich te finen binne. Hy sei: Ik sil it net dwaan as Ik dêr tritich fyn. 31Hy sei: Sjoch, ik haw it weage en sprek tsjin de Heare: Faaks dat dêr tweintich te finen binne. En Hy sei: Ik sil him net ferwoeste om ’e wille fan ’e tweintich. 32Hy sei: Lit de Heare net lilk wurde, mar ik woe ek dizze kear noch wat sizze: Faaks sille dêr tsien te finen wêze. En Hy sei: Ik sil him net ferwoeste om ’e wille fan ’e tsien. 33Sagau’t de Heare ophâlden wie mei Abraham te praten, gong Hy fuort en Abraham gong werom nei syn hûs ta.