Ferbûn en teken
1Doe’t Abram njoggenennjoggentich jier wie, ferskynde de Heare him en sei tsjin him: Ik bin God, de Almachtige. Hâld dy yn dyn libbenswannel oan My, en lit der neat op dy te sizzen wêze. 2Ik set myn ferbûn tusken My en dy. Ik sil dy tige by tige oanwinne litte. 3Doe liet Abram him foaroer falle en God sei tsjin him: 4Wat My oanbelanget: Sjoch hjir is myn ferbûn mei dy: Do silst heit fan in mannichte folken wurde. 5Do silst tenei net langer Abram hjitte, mar Abraham sil dyn namme wêze. Ik haw dy ommers ornearre ta heit fan in mannichte folken. 6Ik sil dy tige by tige fruchtber meitsje, dy ta folken meitsje en der sille keningen út dy fuortkomme. 7Ik gean myn ferbûn oan tusken My en dy en dyn neiteam, it iene geslacht nei it oare, in ivich ferbûn, dat Ik de God fan dy en de God fan dyn neiteam wêze sil. 8En Ik sil it lân dêrst as frjemdling yn tahâldst, it hiele lân Kanaän, dy en dyn neiteam foar altyd yn eigendom jaan en Ik sil har God wêze.
9Fierder sei God tsjin Abraham: En wat dy oanbelanget, myn ferbûn moatst dy oan hâlde, do en dyn neiteam it iene geslacht nei it oare. 10Dit is myn ferbûn, dêr’t jim jim oan hâlde moatte en dat der is tusken My en jimme en dyn neiteam: Alles dat ûnder jimme manlik is, moat besnien wurde. 11Jim moatte it lichem oan ’e foarhûd besnije litte. Dat sil it teken wêze fan it ferbûn tusken My en jimme. 12As se acht dagen âld binne moatte al jim soannen besnien wurde, it iene geslacht nei it oare; en likegoed alle frjemden dy’t net ta dyn neiteam hearre, mar dy’t by dy yn ’e hûs berne of fan frjemden kocht binne. 13Dy’t yn ’e hûs berne is en dy’t mei dyn jild kocht is, moat perfoarst besnien wurde. Sa sil myn ferbûn, jim yn it lichem tekene, in ivich ferbûn wêze. 14En de ûnbesniene, de man waans lichem net oan ’e foarhûd besnien is, sa’n ien sil útroege wurde út syn folk. Hy hat myn ferbûn brutsen.
15Fierders sei God tsjin Abraham: Sarai, dyn frou, har namme sil net mear wêze Sarai, mar Sara. 16En ik sil har segenje en ek by har sil ik dy in soan jaan. Ja, ik sil har segenje en folken sille der fan har wurde; keningen fan naasjes sille út har fuortkomme. 17Doe liet Abraham him foaroer falle en hy lake. Hy tocht by himsels: In man fan hûndert jier, soe dy noch heit wurde? En Sara, in frou fan njoggentich jier, noch mem? 18Dat Abraham sei tsjin God: Och, lit Ismael mar foar Jo libje. 19Mar God sei: Nee, dyn frou, Sara sil in soan fan dy ha en do moatst him de namme Izaäk jaan. Ik gean myn ferbûn oan as in ivich ferbûn mei him en syn neigeslacht. 20En wat Ismael oanbelanget: Ik haw dy ferheard. Him sil Ik likegoed segenje en fruchtber meitsje en Ik sil him tige by tige oanwinne litte. Tolve foarsten sil hy ferwekke en Ik sil in grut folk fan him meitsje. 21Myn ferbûn lykwols gean Ik oan mei Izaäk, dy’t Sara dy jaan sil, takomme jier om dizze tiid.
22Doe’t God dat allegearre sein hie, fear Hy omheech, by Abraham wei.
De besnijenis
23Doe naam Abraham syn soan Ismael en allegearre dy’t by him yn ’e hûs berne wienen en elk dy’t mei syn jild kocht wie, alles dat manlik wie ûnder Abrahams húsgenoaten en besnie se noch dy eigenste deis it lichem oan ’e foarhûd, sa’t God him hjitten hie. 24Abraham wie njoggenennjoggentich jier doe’t him it lichem oan ’e foarhûd besnien waard. 25Syn soan Ismael wie trettjin jier, doe’t him it lichem oan ’e foarhûd besnien waard. 26Dy eigenste deis waarden sawol Abraham as syn soan Ismael besnien; 27ek alle húsgenoaten dy’t by him yn ’e hûs berne wienen en elk dy’t foar jild fan in frjemdling kocht wie, waarden tagelyk mei him besnien.