Abram en Hagar
1Sarai, Abram syn frou, hie him gjin bern jûn. No hie se in Egyptyske slavin, dy’t Hagar hjitte. 2Dat Sarai sei tsjin Abram: Sjoch, de Heare hat my tasletten, dat ik gjin bern krije kin. Kom do no by myn slavin. Faaks dat ik út har in soan krij. En Abram harke nei wat Sarai sei. 3Neidat Abram tsien jier yn it lân Kanaän wenne hie, naam Sarai, de frou fan Abram, Hagar, de Egyptyske, har slavin, en joech dy oan har man Abram ta frou. 4Hy kaam by Hagar en hja waard swier. Doe’t se dat bemurk, wie har frou net mear by har yn tel. 5Doe sei Sarai tsjin Abram: De mislediging dy’t my oandien wurdt, komt foar dyn rekken. Ik haw dy myn slavin yn ’e earmen jûn. En no’t se sjocht dat se swier is, bin ik net mear by har yn tel. De Heare sil Rjochter wêze tusken my en dy. 6Mar Abram sei tsjin Sarai: Sjoch, do bist ommers baas oer dyn slavin. Doch mar mei har sa’t it dy goed tinkt. Doe fernedere Sarai har, dat hja rûn by har wei.
7De ingel fan de Heare trof har lykwols by in wetterwelle yn ’e woestyn, by de welle oan ’e wei nei Sjûr. 8En hy sei: Hagar, slavin fan Sarai, wêr komsto wei en wêr giest hinne? Hja sei: Ik bin fuortrûn by myn frou Sarai wei. 9De ingel fan de Heare sei tsjin har: Gean werom nei dyn frou en jou dy ûnder har del. 10De ingel fan de Heare sei ek tsjin har: Ik sil dyn neiteam tige grut meitsje, sa machtich, dat der gjin tellen oan is.
11Fierder sei de ingel fan de Heare tsjin har:
Sjoch, do bist swier en silst in soan krije
en do moatst him Ismael neame,
want de Heare hat dyn fernederingen heard.
12In wâldezel fan in minske sil er wêze:
Syn hân sil tsjin alleman wêze
en de hân fan alleman tsjin him.
Dwers tsjin al syn bruorren yn sil
er him nei wenjen sette.
13Doe neamde se de namme fan de Heare dy’t mei har spriek: Jo binne in God dy’t sjogge. Want, sei se, ha ik hjir faaks ek omsjoen nei Him dy’t nei my omsjocht? 14Dêrom neamde se dy put: de put fan Lachai-Roï. Hy leit tusken Kadesj en Bêred.
15En Hagar joech Abram in soan en Abram neamde de soan dy’t Hagar krige hie, Ismael. 16Abram wie seis-en-tachtich jier, doe’t Hagar him Ismael joech.