De ferbûnssluting
Nei dy foarfallen liet de Heare yn in fizioen Abram dit wurd takomme:
Haw gjin noed Abram, Ik bin dyn skyld.
Dyn lean sil tige grut wêze.
Abram lykwols sei: God, myn Heare, wat sille Jo my jaan, no’t ik sûnder bern hjirwei moat en Eliêzer fan Damaskus mei de tiid de eigener fan myn hûs wurde sil? Fierders sei Abram: Sjoch, Jo hawwe my gjin bern jûn, dat no sil in húsgenoat fan my ervje. Mar doe liet de Heare him dit wurd takomme: Nee, dy sil net fan dy ervje, mar dyn bloedeigen soan, dy sil fan dy ervje. Hy brocht him nei bûten ta en sei: Sjochris nei de loft en tel de stjerren, ast se telle kinst. En Hy sei tsjin him: Sa sil no dyn neiteam wêze. Doe leaude er de Heare en Dy hat it him as gerjochtichheid oanrekkene.
Hy sei tsjin him: Ik bin de Heare, dy’t dy út Oer, de stêd fan ’e Chaldeeërs helle haw om dy dit lân yn eigendom te jaan. Hy sei: God, myn Heare, hoe kin ik witte, dat it wier mines wurde sil? Hy sei tsjin him: Helje my in trijejierrige ko, in trijejierrige geit, in trijejierrige raam, in toarteldo en in jonge do. Hy helle Him dat allegearre en die se midstwa. Elk stik lei er lyk foar it oare oer, mar de fûgels die er net midstwa. De rooffûgels kamen op ’e deade bisten ôf, mar Abram jage se fuort.
Doe’t de sinne op ûndergean stie, rekke Abram yn in djippe sliep. In benaude, djippe tsjusternis foel oer him hinne. Doe sei Er tsjin Abram: Do moatst goed witte, dat dyn neiteam frjemdlingen wêze sille yn in lân dat harres net is. Hja sille har dêr foar slaaf brûke en har derûnder hâlde, fjouwerhûndert jier lang. Lykwols Ik sil oer it folk, dêr’t hja dan tsjinstber oan binne, rjochtdei hâlde en dan sille se ôfsette, ryk oan goed. Do sels silst op hege jierren yn frede by dyn foarfaars komme. Yn goede âlderdom silst begroeven wurde. It fjirde geslacht lykwols sil hjir weromkomme, want oant no ta is de skuld fan ’e Amoryt noch net folslein.
Doe’t de sinne ûnder wie en it tsjuster wie, sjoch, doe wie der in rikjende oven en in baarnende fakkel en dy gongen tusken de stikken troch. Dyselde deis sleat de Heare in ferbûn mei Abram en Hy sei:
Oan dyn neiteam jou Ik dit lân,
fan ’e rivier fan Egypte ôf oan de grutte rivier, de Eufraat, ta, it lân fan de Kenyt, de Kenisyt en de Kadmonyt, de Hetyt, de Perizzyt en de Refayt, de Amoryt, de Kanaänyt, de Girgasjyt en de Jebûsyt.