Wa’t mei Ezra weromkamen
1Dit binne de famyljehaden, sa’t se mei har famyljes ynskreaun waarden, dy’t har mei my opjoegen út Babel, doe’t kening Artachsjasta regearre. 2Fan ’e soannen fan Pinechas: Gersjom; fan ’e soannen fan Itamar: Daniël; fan ’e soannen fan David: Chattûsj; 3fan ’e soannen fan Sjekanja, fan dy fan Parosj: Sekarja en mei him 150 manlju; 4fan ’e soannen fan Pachat-Moäb: Eljehoënai, de soan fan Serachja en mei him 200 manlju; 5fan ’e soannen fan Sjekanja: de soan fan Jachaziël en mei him 300 manlju; 6fan ’e soannen fan Adin: Ebed, de soan fan Jonatan en mei him 50 manlju; 7fan ’e soannen fan Elam: Jesjaja, de soan fan Atalja en mei him 70 manlju; 8fan ’e soannen fan Sjefatja: Sebadja, de soan fan Mikael en mei him 80 manlju; 9fan ’e soannen fan Joäb: Obadja, de soan fan Jechiël en mei him 218 manlju; 10fan ’e soannen fan Sjelomit: de soan fan Josifja en mei him 160 manlju; 11fan ’e soannen fan Bebai: Sekarja, de soan fan Bebai en mei him 28 manlju; 12fan ’e soannen fan Azgad: Jochanan, de soan fan Hakkatan en mei him 110 manlju; 13fan ’e soannen fan Adonikam, neikommers en dit binne har nammen: Elifêlet, Jeiël en Sjemaja en mei har 60 manlju; 14en fan ’e soannen fan Bigwai: Oetai en Sabbûd en mei him 70 manlju.
15Ik brocht se byinoar by de rivier dy’t nei Ahawa ta streamt. Dêr setten wy ús trije dagen del. Doe’t ik it folk en de prysters goed achtsloech, fûn ik dêr gjinien fan ’e bern fan Levy. 16Dêrom stjoerde ik út om Eliêzer, Ariël, Sjemaja, Elnatan, Jarib, Elnatan, Natan, Sekarja, Mesjûllam, foaroanmannen en Jojarib en Elnatan, lju mei in goed oardiel. 17Ik liet se nei Iddo ta gean, de foaroanman yn Kasifja en omkriten en joech se in boadskip mei foar Iddo en it wurkfolk fan ’e timpeltsjinst dêre; se soenen ús tsjinners foar it hûs fan ús God taskikke. 18Mei’t de goede hân fan ús God oer ús wie, brochten se ús in man mei ynsjoch, út ’e neiteam fan Machly, de soan fan Levy, de soan fan Israel: dat wie Sjerebja, mei syn soannen en bruorren: achttjin yn tal. 19Ek Chasjabja en mei him Jesjaja út ’e neiteam fan Merary, dy syn bruorren mei har soannen: tweintich yn tal. 20En dan wienen der noch út it wurkfolk fan ’e timpeltsjinst, dy’t David en de foarsten foar it wurk fan ’e leviten jûn hienen, 120 helpers. Har nammen waarden allegearre ynskreaun.
Tarissing foar de reis
21Doe kundige ik dêr by de rivier de Ahawa oan om in festeldei te hâlden, dat wy ús lyts meitsje soenen foar ús God. Sa fregen wy foar ússels, ús bern en al ús guod in goede reis. 22Ik skamme my der nammentlik foar om fan ’e kening soldaten en hynstefolk te freegjen om ús ûnderweis tsjin ’e fijân te helpen, want wy hienen tsjin ’e kening sein: De Heare ús God sterket allegearre dy’t it by Him sykje ta har eigen bêst, mar syn hurde grime is oer allegearre dy’t har by Him weikeare. 23Sa lieten wy dan it iten stean en fregen dy dingen allegearre oan ús God en Hy woe Him nei ús bidden jaan.
24Doe sûndere ik mei doel tolve fan ’e prysterhaden ôf. Dat wienen dan: Sjerebja, Chasjabja en mei har, út har bruorren, 10 man. 25Ik woech foar har it sulver, it goud en it ark ôf: it heefoffer foar it hûs fan ús God. De kening, syn riedslju, syn foarsten en hiele Israel dat men dêr oantrof, hienen dat opbrocht. 26Ik woech har yn hannen ôf oan sulver, seishûndertenfyftich talinten; oan sulveren reau: hûndert stikken yn talinten; oan goud: hûndert talinten; 27oan gouden bekers: foar tweintichtûzen drachmen; dan noch twa stikken moai goudglânzjend brûnzen ark, like kostber as goud. 28Ik sei tsjin harren: Jimme binne hillich foar de Heare, dit ark is hillich en it sulver en it goud binne frijwillich jûne stikken foar de Heare, de God fan jimme âffaars. 29It is op jimme hoed en noed, oant jimme se ôfweage kinne yn it bywêzen fan ’e foarsten, fan ’e prysters en de leviten en fan ’e famyljehaden fan Israel, yn Jeruzalem, om krekt te wêzen yn ’e keamers fan it hûs fan de Heare. 30Doe krigen de prysters en de leviten it sulver, it goud en it ark, allegearre ôfwoegen, om it nei Jeruzalem te bringen, nei it hûs fan ús God.
Ferrin fan ’e reis
31Wy joegen ús doe fan ’e rivier de Ahawa op, de tolfte fan ’e earste moanne om nei Jeruzalem ta. De Heare ús God joech ús syn lieding en hâlde ús ûnderweis bûten it berik fan fijân en strûkrover. 32Sa kamen wy te Jeruzalem en bleauwen dêr trije dagen.
33Op ’e fjirde dei woegen wy it sulver, it goud en it ark ôf yn it hûs fan ús God yn hannen fan Meremot, de soan fan pryster Oería. Hy hie Elazar, de soan fan Pinechas, by him; ek wienen Jozabad, de soan fan Jesjûa, mei Noädja, de soan fan Binnûi, de leviten, by har. 34It gong allegear neffens tal en gewicht en it hiele gewicht waard mei-iens ynskreaun.
35Dêrop brochten hja dy’t wer los kommen wienen, de ballingen, offers oan de God fan Israel, bollen foar hiele Israel, seisennjoggentich rammen, sânensantich lammen en tolve sûndebokken, allegearre as offers oan de Heare. 36Hja joegen ek de oarders fan ’e kening oer oan ’e keninklike steedhâlders en lânfâden fan Oare-kant-de-Rivier. Dat makke dat dy it folk en it hûs fan (de iennige) God bystienen.