Yn-inoar-om-trouwen mei de heidenske befolking
1Doe’t dat syn folle gerak krige hie, kamen de foaroansteanden my bynei mei it boadskip: It folk fan Israel hat him krekt likemin as de prysters en de leviten, frij fan ’e (heidenske) befolking út de lannen hâlden, mei har ôfgryslik dwaan: de Kanaäniten, Hetiten, Perizziten, Jebûsiten, Ammoniten, Moäbiten, Egyptners en Amoriten. 2Hja hawwe nammentlik guon fan har dochters as frou nommen foar harsels en foar har soannen. Sa hat de hillige neiteam him mei de befolking út ’e lannen wei fermongen. En de foarmannen en de bestjoerders hawwe by dizze troubreuk de foarstap nommen.
3Doe’t ik dat hearde, skuorde ik my de klean stikken, ek de mantel; ik roppe my it hier út ’e holle en it burd en siet doe oer ’e grûn, alhiel ridderslein. 4En allegearre dy’t ûntsach hienen foar de wurden fan de God fan Israel, fanwegen de troubreuk fan ’e ballingen, sleaten har by my oan. En ik bleau teheistere sitten oan it jûnsoffer ta. 5By dat jûnsoffer joech ik my oerein út myn ferbûke wêzen. Mei ferskuorde klean en mantel bûgde ik my doe op ’e knibbels del, ik sprate de iepene hannen út nei de Heare myn God. 6Ik sei: Ik stean foar skande en skamje my sa, dat ik doar de eagen net nei Jo, myn God, op te slaan: ús ôfdwalings wurde wy ûnder wei, ús skuld is sa grut en komt oan ’e himel ta.
7Fan ’e dagen fan ús âffaars ôf oan hjoed-de-dei ta steane wy djip yn ’e skuld. En om ús ôfwiken binne wy, ús keningen en ús prysters yn ’e hannen fan ’e keningen fan ’e lannen oerjûn. Se meie ús deameitsje, fêstsette, útrûpelje en foar skande sette. Sa stiet it der hjoed-de-dei foar. 8Lykwols is no, yn in koart skoftsje tiid, op ús smeekjen genede oer ús kommen fan ’e kant fan de Heare ús God. Hy liet ús guon oer, dy’t ûntkomme mochten en woe ús spikerhâld jaan yn syn hillich plak. Us God woe ús de eagen glânzje litte mei ús in blinkje fan oplibjen te jaan yn ús tsjinstberens. 9Wy binne ommers tsjinstfeinten, mar yn ús tsjinstberens hat ús God ús net ferlitten. Hy hat ús geunst taskikt fan ’e kant fan ’e keningen fan Perzië. Hja soenen derfoar soargje dat wy oplibben. Wy mochten it hûs fan ús God oerein sette en de púnfallen nij opmeitsje. Sa woenen se ús yn Juda en Jeruzalem in ôffrede hoeke jaan.
10Mar no, wat kinne wy sizze, ús God, nei wat him foardien hat? Wy hawwe ommers jo geboaden ferlitten, 11dy’t Jo troch de tsjinst fan jo tsjinstfeinten, de profeten, hjitten hienen. Jo seinen: It lân dêr’t jimme komme om it te ervjen, dat is in smoarch lân troch de ûnhuerigens fan ’e befolking út heidenske lannen mei har skandalige stikken. Dêr hawwe se it, fan ’e iene ein oan ’e oare ta, fol mei makke, ûnrein dat se binne. 12No dan, jou jimme dochters dochs net oan har soannen en nim har dochters net as frou foar jimme soannen. Jimme meie der ek nea en te ninter foar skreppe, dat hja it noflik en goed hawwe. Sa wurde jimme sterk, ite it bêste fan it lân en litte it jimme soannen foar altyd as in erfskip nei. 13Wat is der net allegearre troch ús min dwaan in grutte skuld oer ús kommen! Sa net: Jo hawwe mijen west, o God fan ús; de strafmjitte bleau ûnder ús sûnden en hoe’n útrêding joegen Jo ús noch dêrby! 14En soenen wy no jo geboaden op ’e nij skeine en yntrouwe by folken dy’t sokke ôfgryslike dingen dogge? Soenen Jo dan net âlderfergrimendste lilk op ús wurde, dat der gjin inkelden-ien rêden waard en oerbleau? 15Heare, God fan Israel, Jo binne rjochtfeardich, dat wy oerbleaun binne en ûntkomme mochten, sa’t it hjoed-de-dei it gefal is. Hjir steane wy no skuldich foar jo antlit. ’t Is sa slim dat gjinien him dêrom foar Jo op fuotten hâlde kin.