Ezra set ôf nei Jeruzalem
1Nei’t dat him foardien hie, yn ’e tiid dat Artachsjasta kening fan Perzië wie, kaam dan Ezra. Hy wie de soan fan Seraja, de soan fan Azarja, de soan fan Chilkía, 2de soan fan Sjallûm, de soan fan Achitûb, 3de soan fan Amarja, de soan fan Mearajot, 4de soan fan Serachja, de soan fan Oezzy, de soan fan Bûkky, 5de soan fan Abisjûa, de soan fan Pinechas, de soan fan Eleäzar, de soan fan ’e hegepryster Aäron. 6Dy Ezra no sette ôf út Babel. Hy wie in skriuwer, in earsten kenner fan de wet fan Mozes, dy’t de Heare, de God fan Israel, jûn hie. Om’t de Heare, syn God, mei him wie, joech de kening him alles wat er begearde.
7Ek gongen guon út ’e Israeliten en út ’e prysters, leviten, sjongers, poartewachters en it wurkfolk fan ’e timpeltsjinst op nei Jeruzalem. It wie yn it sânde jier fan kening Artachsjasta. 8Hy kaam dan yn Jeruzalem oan yn ’e fyfte moanne, yn datselde sânde jier fan kening Artachsjasta. 9Om krekt te wêzen: op de earste fan ’e earste moanne makke hy de tarissing foar de tocht út Babel en op de earste fan ’e fyfte moanne kaam er yn Jeruzalem oan, mei’t de goede hân fan syn God him hoede. 10Ezra hie it hert der ommers op set om de wet fan ’e Heare te ûndersykjen en te ûnderhâlden, en yn Israel it fêstleine rjocht te ûnderwizen.
De brief fan Artachsjasta
11Hjir is in ôfskrift fan ’e brief dy’t kening Artachsjasta oan de prysterskriuwer Ezra meijoech. Hy wie de beskriuwer fan wat de Heare wurdlik oangeande Israel oplein en fêststeld hie.
12Artachsjasta, kening boppe alle keningen, oan pryster Ezra, útblinker yn it beskriuwen fan wat de God fan ’e himel oplein hat. Op de dei fan hjoed. 13Ik haw oarder jûn: elkenien dy’t yn myn keninkryk by it folk fan Israel, by de prysters en by de leviten heart en dy’t der sin oan hat om nei Jeruzalem ta, dy mei dy beselskipje. 14Dat mei, omdatsto troch de kening en syn sân riedshearen derop útstjoerd wurdste om nei te gean, hoe’t it der yn Juda en Jeruzalem foar stiet mei de wet fan dyn God dyst by dy haste. 15Ek moatsto it sulver en it goud oerbringe dat de kening en syn riedshearen út harsels jûn hawwe oan de God fan Israel, dy’t yn Jeruzalem wennet. 16En dan ek noch al it sulver en it goud, dat yn ’e hiele provinsje Babel te finen is, by de frijwillige stipe fan it folk en de prysters foar it hûs fan God yn Jeruzalem. 17Dêrom moatsto foar dat jild inkeld en allinne bollen, rammen en lammen keapje, mei de moaloffers dy’t dêrby hearre. En do moatst se op it alter offerje fan it hûs fan jimme God yn Jeruzalem. 18Doch mei it oare sulver en goud, sa’t it dy en dyn bruorren goed taliket neffens de wet fan jimme God. 19It ark dat se dy foar de earetsjinst fan it hûs fan dyn God jûn hawwe, moatsto ôfleverje foar de God fan Jeruzalem. 20It oare, dêr’t it hûs fan dyn God ferlet fan hawwe mocht en dêr’t it beteljen fan foar dy opkomt, meist út it skathûs fan ’e kening jaan. 21Ik, kening Artachsjasta, haw in oarder útjûn oan alle útbetellers fan Oare-kant-de-rivier: Alles, wat pryster Ezra, beskriuwer fan wat de God fan ’e himel oplein hat, fan jimme freget, moat sekuer útfierd wurde, 22oant hûndert talinten sulver ta en hûndert mjitten weet fan sa’n twahûndert mingels, hûndert mjitten wyn fan sawat tweintich mingels, hûndert mjitten oalje krektsa en sâlt by de bult. 23Lit alles wat it gebod fan de God fan ’e himel meibringt, flitich útfierd wurde foar it hûs fan de God fan ’e himel. Oars soe der faaks grime komme oer it keninkryk fan ’e kening en syn soannen. 24Wy dogge jimme te witten, dat it jimme net frij stiet om lêsten, skatting en tol op te lizzen oan ’e prysters, de leviten, de sjongers, de poartewachters, it wurkfolk en de tsjinners fan dit Godshûs. 25En do, Ezra, moatst, neffens de wysheid fan dyn God dysto haste, bestjoerders en rjochters oanwize om foar it hiele folk fan Oare-kant-de-rivier rjocht te sprekken. It moatte allegearre guon wêze dy’t fan de wet fan dyn God ôfwitte. En jimme sille ien dy’t der net fan ôfwit, kundich meitsje. 26Elk dy’t him net hâldt oan ’e wet fan dyn God en de wet fan ’e kening sil strang berjochte wurde. Dat kin sawol de dea wêze as ferbaljen, jildboete of tichthús.
Ezra tankber en moedich
27Heech te priizjen is de Heare, de God fan ús foarfaars, dy’t de kening soks ynjûn hat om it hûs fan de Heare yn Jeruzalem sa op te kreazjen. 28Dêrby hat Er my yn ’e geunst brocht by de kening en syn riedjouwers, likegoed as by al syn moedige foarsten. Mei’t de Heare myn God my moed en krêft joech, waard ik krigel en brocht út Israel foarmannen byinoar om har mei my op te jaan.