De tastimming fan Koaresj wurdt fûn
1Dêrop joech kening Darius oarder en se sochten wakker yn Babel, yn ’e kânselarije, ûnderyn by de skatten. 2It wie lykwols yn ’e stins Achmeta, yn ’e provinsje Medië, dat in rol fûn waard, dêr’t op skreaun stie: Om te ûnthâlden.
3Yn it earste jier fan syn regear hat kening Koaresj in oarder útjûn oangeande de timpel yn Jeruzalem. It hûs moat wer opboud wurde om dêr fleisoffers bringe te kinnen. Lis de fûneminten dus mar. De hichte sil sechstich jellen, de breedte ek sechstich jellen wêze. 4Der komme trije lagen stienblokken en in laach hout. De kosten sille út ’e keninklike kas betelle wurde. 5Se moatte ek it goud- en sulverguod fan it hûs fan God, dat Nebûkadnessar út ’e timpel yn Jeruzalem wei nei Babel tabrocht hat, weromjaan. It moat wer te plak nei de timpel te Jeruzalem ta en yn it hûs fan God delset wurde.
Darius jout útslútsel
6No dan, Tattenai, lânfâd fan Oare-kant-de-rivier, Sjetar-Boznai en jimme maten, Perzyske hearen fan Oare-kant-de-rivier, bliuw dêr in ein út ’e reek! 7Lit it bouwen oan dit hûs fan God gewurde. De steedhâlder fan ’e Joaden mei har âldsten meie dat hûs fan God bouwe op it âlde stee. 8Ik jou in oarder út, hoe’t jimme jim by de âldsten fan ’e Joaden hâlde moatte, wat de nije opbou fan dat hûs fan God oanbelanget. De ûnkosten sille sekuer oan dy manlju fergoede wurde. Dat kin út ’e ynkomsten, dy’t de kening bart fan ’e belesting fan Oare-kant-de-rivier. Der moat flot útbetelle wurde. 9Fierders: alles dêr’t se ferlet fan hawwe: jonge bollen, rammen en lammen as brânoffers foar de God fan ’e himel, weet, sâlt, wyn en oalje, wat de prysters mar foarderje, sil har elke dei jûn wurde, sûnder dêrmei te sloeren. 10Sa kinne se swietrokige offers oan de God fan ’e himel bringe en bidde foar it libben fan ’e kening en syn soannen. 11En dan jou ik noch dizze oarder: as ien him net oan dit gebod hâldt, sil der in bynt út syn hûs skuord wurde en hy dêroan ophongen en fêstspikere. Syn hûs wurdt dêrnei in púnfal fan makke. 12De God, dy’t dêr in hússtee foar syn namme makke hat, sil elke kening mei elk folk delsaaie, dy’t syn hân útstekke doar om oan dizze oarder wat te feroarjen en it hûs fan dy God yn Jeruzalem tenei te kommen. Ik, Darius, haw it sa oansein. Krektsa moat it dien wurde!
De timpel wurdt ynwijd
13Dêrop dienen Tattenai, de lânfâd fan Oare-kant-de rivier, Sjetar-Boznai en har maten sekuer nei de letter, sa’t kening Darius it besteld hie. 14Doe avensearren de âldsten fan ’e Joaden hurd mei de bouwerij, dêrby oantrune troch it profetearjen fan Haggai en Sacharja, de soan fan Iddo. Neffens it gebod fan de God fan Israel en nei de oarder fan Koaresj, Darius en ek fan kening Artachsjasta fan Perzië, bouden se en makken dien wurk. 15Sa kaam dat hûs klear op ’e tredde dei fan ’e tolfte moanne, it sechste jier, dat Darius kening wie. 16De Israeliten, de prysters, de leviten en de oaren út ’e ballingskip fierden it feest fan ’e ynwijing fan it Godshûs mei blidens. 17Hja offeren foar de ynwijing fan it Godshûs hûndert bollen, twahûndert rammen en fjouwerhûndert lammen; ek tolve geitebokken as sûndeoffer foar hiele Israel. Sa folle stammen wienen der ommers yn Israel. 18De prysters krigen plak tawiisd yn har ôfdielings en de leviten yn har klassen foar de tsjinst fan God, dy’t yn Jeruzalem wennet, sa’t it boek fan Mozes dat foarskriuwt.
Se hâlde Peaske
19It folk út ’e ballingskip hâlde op ’e fjirtjinde fan ’e earste moanne Peaske. 20Dat koe, want de prysters en de leviten hienen har as ien man suvere, allegearre wienen se rein. Doe slachten se it peaskelaam foar de lju dy’t út ’e ballingskip kommen wienen, foar har bruorren de profeten en foar harsels. 21De Israeliten dy’t út ’e ballingskip weromkommen wienen, ieten it, mei elkenien dy’t him fan ’e ûnreinens fan ’e folken fan it lân ôfkeard en him by har jûn hie om de Heare, de God fan Israel, te sykjen. 22Se fierden sân dagen, wakkere bliid, it feest fan ’e ûnsuorre breaën. De Heare hie har ommers bliid makke en de geunst fan ’e kening fan Assyrië nei har takeard, dat dy har stipe by it wurk oan it hûs fan God, de God fan Israel.