It bouwen giet wer oan
1Mar Haggai, de profeet, en Sacharja, de soan fan Iddo, de profeten doe, profetearren by de Joaden yn Jeruzalem en Juda yn ’e namme fan de God fan Israel, dy’t op har lein wie. 2Ridlik gau makken Serûbbabel, de soan fan Sjeältiël en Jesjûa, de soan fan Josadak, doe tarissing en begûnen mei it hûs fan God, dy’t yn Jeruzalem wennet, te bouwen. By harren wienen de profeten fan God en dy stipen har. 3Yn dyselde snuorje kamen Tattenai, de lânfâd fan Oare-kant-de-rivier en Sjetar-Boznai mei har selskip by har. Hja sprieken har sa oan: Wa hat jimme oarder jûn om dit hûs te bouwen en dizze muorren klear te meitsjen? 4Dêrop seinen se fan ús kant hoe’t it siet, en joegen de nammen fan wa’t mei dit bouwurk te set wienen. 5Mar it each fan har God wie oer de âldsten fan ’e Joaden en se hawwe har net opkeard, salang ’t der gjin antwurdbrief weromkommen wie op har boadskip oan Darius.
It ferslach fan ’e lânfâd
6Ofskrift fan ’e brief dy’t Tattenai, lânfâd fan Oare-kant-de-rivier, Sjetar-Boznai mei syn maten, Perzyske amtners fan Oare-kant-de-rivier oan kening Darius stjoerd hawwe. 7Se stjoerden him in ferslach en dêryn stie it neikommende:
Kening Darius, it allerbêste! 8De kening moat witte, dat wy derop útgien binne nei de provinsje Juda ta, nei it hûs fan de grutte God. It wurdt mei stienblokken optrutsen, tsjin de muorren wurdt hout oanbrocht. Dat wurk wurdt mei soarch dien en eint hurd ûnder har hannen. 9Dêrop hawwe wy de âldsten ûnderstien. Sa en sa hawwe wy tsjin har sein: Wa hat jimme oarder jûn om dit hûs te bouwen en dizze muorren klear te meitsjen? 10Ek hawwe wy har om har nammen frege om dy oan jo troch te dwaan. It wie der ús om te rêden, dat wy de nammen fan ’e lju, dy’t oer har stienen, opskriuwe koenen. 11No, sa en sa antwurden se ús: Wy binne tsjinstfeinten fan de God fan ’e himel en fan ’e ierde. Wy binne deroer gear om it hûs wer op te bouwen dat foartyd, al in grut tal jierren tebek, set waard. In grut kening fan Israel hat it opboud en ôfmakke. 12Mar om’t ús foarfaars de God fan ’e himel en ’e ierde grammoedich makken, joech Hy har oer yn ’e hannen fan kening Nebûkadnessar fan Babel, de Chaldeeër. Hy hat dit hûs ferwoeste en it folk yn ballingskip nei Babel brocht. 13It earste jiers lykwols fan kening Koaresj fan Babel, joech dy oarder om it hûs fan God wer op te bouwen. 14Kening Koaresj hat ek it gouden sulverguod fan it hûs fan God dat Nebûkadnessar út ’e timpel fan Jeruzalem wei, nei de timpel fan Babel oerbrocht hie, dêr wer úthelle. Hy joech it oan ien, in Sjesjbassar, dy’t hy as lânfâd oansteld hie. 15Hy hiet dy: Nim dit guod op, gean hinne en bring it yn ’e timpel te Jeruzalem. En it hûs fan God moat op itselde stee wer opboud wurde. 16Dêrop is dy Sjesbassar kommen en hat de fûneminten fan it hûs fan God yn Jeruzalem lein. Sûnt is der oant no ta boud, mar it is noch net dien. 17No dan, as it de kening goed taliket, lit der dan yn it skathûs fan ’e kening dêre yn Babel ûndersyk dien wurde, oft it sa is, dat der fan kening Koaresj oarder jûn is om dat hûs fan God yn Jeruzalem op te bouwen. En soenen wy dan witte meie, hoe’t de kening dêrmei oan wol?