De timpelbou wurdt opkeard
1De tsjinstanners fan Juda en Benjamin hearden derfan: de ballingen wienen no dwaande mei it bouwen fan in timpel foar de Heare, de God fan Israel. 2Hja setten op Serûbbabel en de famyljehaden ta en seinen tsjin har: ‘Lit ús mei jimme bouwe, want wy binne der likegoed op út om jimme God te tsjinjen as jimme. Wy hawwe sûnt de dagen fan Esarhaddon, kening fan Assyrië, dy’t ús hjirhinne opbrocht hat, al brânoffers oan Him brocht’. 3Serûbbabel, Jesjûa en de oare famyljehaden fan Israel seinen tsjin har: ‘It jout gjin foech dat jimme mei ús in hûs foar ús God bouwe. Nee, wy moatte it allinne dwaan en it bouwe foar de Heare, de God fan Israel, lykas de kening, kening Koaresj fan Perzië, ús hjitten hat’.
4Mar doe makke de befolking fan it lân, dat it folk fan Juda yn it wurk fersleauke. Troch har de skrik op ’e lea te jeien gong de kriich derút by de bouwerij. 5Ja, se kochten sels riedslju om tsjin har, dat har plan mislearje soe. Dat gong sa de hiele regearingstiid fan kening Koaresj fan Perzië en oant Darius kening fan Perzië waard. 6Alhiel yn it begjin fan it regear fan kening Ahasfearos, hawwe hja in skriftlike oanklacht tsjin ’e bewenners fan Juda en Jeruzalem yntsjinne.
De skriftelike oanklacht fan Rechûm en Sjimsjaj
7Yn ’e dagen fan Artachsjasta skreau Tabeël, mei goedachtsjen fan Mitredat, en yn ’e mande mei syn maten, oan kening Artachsjasta fan Perzië. De brief wie yn it Arameesk skreaun en waard dêryn nei foaren brocht.
8Rechûm, kânselier en Sjimsjai, skriuwer, hawwe in brief tsjin Jeruzalem oan kening Artachsjasta fan Perzië opsteld en dêr stiet yn: 9Dy en dy mannichste. Rechûm, kânselier en Sjimsjai, skriuwer, mei har maten, de rjochters, de Perzyske hearen, de amtners, de Afarsiten, de Erekiten, de Babyloaniërs, de Sjûsjaniten, Elamiten fan komôf 10en oare folken, dy’t de grutte en trochloftige Asnappar fuortfierd hat en in wenstee jûn yn ’e stêd Samaria en de oare kriten fan Oare-kant-de-rivier, ensafuorthinne.
11No komt it ôfskrift fan ’e brief sels, dy’t se oan him, oan kening Artachsjasta, stjoerden:
Jo tsjinners, manlju fan Oare-kant-de-rivier ensfh. 12De kening mei witte, dat de Joaden dy’t by jo wei nei ús optein binne, yn Jeruzalem oankommen binne. Se binne drok dwaande dy rebelske en ûndogenske stêd wer op te bouwen. Se krije de muorren wol klear en kinne de fûneminten mar grave! 13No mei de kening wol goed witte: as dy stêd opboud is en de muorren klear binne dan jouwe hja gjin lêsten op ’e fruchten fan it lân, gjin persoanlike belesting noch tolrjochten mear. By einsluten sille de keningen noch bekaaid weikomme! 14Krekt om’t wy it sâlt fan it paleis ite, past it ús net en sjoch it mar oan, dat de kening der skealik foarwei komt. Dêrom stjoere wy tiding om de kening op ’e hichte te bringen. 15Lit it tinkboek fan jo foarfaars neisneupe, jo sille yn dat tinkboek fine en dêrút te witten komme, dat dy stêd in oerhearrige stêd west hat, dy’t oanienwei de keningen en har gebieten in hopen lijen jûn hat. Se meitsje dêr reboelje al fan âlde tiden ôf. Dêrom is dy stêd doedestiids ferdylge! 16Wy moatte de kening dit wol te witten dwaan: As dy stêd opboud wurdt en de muorren komme klear, dan is dat fan dy gefolgen dat gjin stik lân fan Oare-kant-de-rivier mear fan jo is.’
De kening stjoert antwurd
17De kening stjoerde antwurd oan kânselier Rechûm en skriuwer Sjimsjai mei de oare maten, dy’t yn Samaria en it fierdere gebiet fan Oare-kant-de-rivier wennen: Groetenis. Op de dei fan hjoed.
18De brief, dy’t jimme my stjoerd hawwe, is oerset en my foarlêzen. 19Ik haw oarder jûn en doe hawwe se it neisneupt en fûn, dat dy stêd fan âlde tiden ôf de holle tsjin ’e keningen opstutsen hat en dat it dêr optilde fan ôffalligens en reboelje. 20Machtige keningen hat Jeruzalem hân en dy hearsken oer de hiele kontrei fan Oare-kant-de-rivier en der koenen mar lêsten op ’e fruchten, persoanlike belesting en tolrjochten foar har opbrocht wurde. 21Jimme moatte oarder jaan dat dy manlju ophâlde en dat dy stêd net opboud wurde mei, foardat ik dêrta beslút. 22Wês op jimme iepenst en doch net sleau: de skea moat net grutter wurde en de keningen moatte net yn it lijen reitsje.
23It ôfskrift fan ’e brief fan kening Artachsjasta wie noch mar krekt oan Rechûm en Sjimsjai mei har maten foarlêzen of hja setten hommels op Jeruzalem ta, nei de Joaden en hâlden har mei de sterke hân tsjin. 24Doe waard it wurk oan it hûs fan God stillein en dat bleau sa oant it twadde regearingsjier fan Daríus, kening fan Perzië.