De earetsjinst wurdt yn oarder brocht
1De sânde moanne kaam oan. De Israeliten wennen no yn ’e stêden. Doe kaam it folk as ien man gear yn Jeruzalem. 2Jesjûa, de soan fan Josadak, mei syn bruorren, de prysters en Serûbbabel, de soan fan Sjeältiël mei syn bruorren, joegen har op om it alter foar Israels God op te bouwen. Se koenen dêrop dan, sa’t foarskreaun wie yn ’e wet fan Mozes, de Godsman, brânoffers offerje. 3Hja setten it alter te plak, mar mei frijwat benaudens oer har foar it frjemde folk (yn it lân). Dêr waarden brânoffers foar de Heare op offere, it moarns- en it jûnsoffer. 4Se hâlden ek, neffens foarskrift, it huttefeest en brochten dei oan dei offers, safolle as der foar elke dei fêststeld wie. 5Sûnt dy dei waard ek it fêste offer wer brocht, de offers foar elke nije moanne en de offers foar alle hjeldagen fan ’e Heare en foar elkenien, dy’t sa mar in offer oan ’e Heare bringe woe.
De fûneminten fan ’e timpel wurde lein
6Fan ’e earste deis ôf fan dy sânde moanne begûnen se brânoffers oan de Heare te bringen, mar de fûneminten fan ’e timpel wienen noch net lein. 7Doe joegen se oan ’e stienhouwers en de timmerlju jild, en iten en drinken en oalje oan ’e Sidoaniërs en Tyriërs, dat dy sederbeammen fan ’e Libanon nei de see fan Jaffa bringe soenen, lykas kening Koaresj fan Perzië tastien hie.
8It twadde jiers, sûnt se har nei it hûs fan God te Jeruzalem opjûn hienen, yn ’e twadde moanne, setten Serûbbabel, de soan fan Sjeältiël en Jesjûa, de soan fan Josadak, út ein, mei de oaren, har bruorren, de prysters, de leviten en allegearre, dy’t út ’e ballingskip nei Jeruzalem weromkommen wienen. Se stelden de leviten fan tweintich jier en âlder oan om lieding te jaan by it wurk oan it hûs fan de Heare. 9Jesjûa, mei syn soannen en bruorren, Kadmiël mei syn soannen, allegearre Judeeërs, stienen ienriedich om lieding te jaan oan wa’t it wurk oan it hûs fan God dienen. Fierder de soannen fan Henadad mei har soannen en bruorren, de leviten.
10De boulju leinen de fûneminten fan ’e timpel fan de Heare. Doe waarden de prysters opsteld, wite klean oan en mei de trompetten, en de leviten, de soannen fan Asaf mei de bekkens, om de Heare lof te bringen neffens de oanwizings fan David, de kening fan Israel. 11Hja songen, de iene ploech nei de oare, fan lof en tank oan de Heare:
‘Want goed, ja sûnder ein,
is syn geunst oer Israel!’
En it hiele folk jubele ta alles út by it loovjen fan de Heare, om’t de fûneminten fan it hûs fan de Heare lein wienen. 12Mar gâns prysters, leviten, famyljehaden en âlden dy’t it earste hûs sjoen hienen, gûlden it út, mei de fûneminten foar eagen fan it hûs fan no. Tagelyk setten in soad har stim út fan blidens en jubel! 13It folk koe it lûd fan ’e blide jubel en dat fan it gûlen net út elkoar. Mar it wie wol sa: de minsken jubelen oanienwei ta alles út en dat lûd wie wit-wêr te hearren!