1Hy sei tsjin my: Minskesoan, yt watst hjir foar dy sjochst. Yt dizze rôle op, gean dan hinne en sprek it folk fan Israel oan. 2Doe die ik de mûle iepen en Hy joech my de rôle te iten 3en Hy sei tsjin my: Minskesoan, yt dy sêd en triuw dy fol mei dizze rôle dy’t Ik dy jou. Ik iet him op en hy smakke my sa swiet as hunich. 4Minskesoan, sei Er tsjin my, gean nei it folk fan Israel en ferkundigje harren myn wurden. 5Do wurdst net nei in folk tastjoerd mei in tsjustere taal en wyldfrjemde tongfal, mar nei it folk fan Israel. 6Nee, net nei al dy folken mei in tsjustere taal en wyldfrjemde tongfal dêrst de wurden net fan ferstean kinst. As ik dy dêrhinne stjoerde, dy soenen wol nei dy harkje. 7Mar it folk fan Israel wol net nei dy harkje, want nei My harkje, dêr moatte se neat fan hawwe, want dit hiele folk fan Israel, se hawwe allegearre stive koppen en binne spikerhurd. 8Mar tink derom: Ik meitsje fan dij in like grutte stiifkop en dyn holle like hurd as harres. 9As diamant, ja hurder as in balstien meitsje Ik dyn kop. Do hoechst net bang foar har te wêzen en net kjel te wurden fan it gesicht dat se sette, oerhearrich folk dat it is. 10Minskesoan, sei Er tsjin my, nim alle wurden dy’t Ik tsjin dy sis mei it folle ferstân yn dy op en lit dy neat ûntkomme. 11Gean no nei dyn lânslju dy’t mei dy yn ballingskip binne, sprek harren ta en sis: Dit hat God de Heare te sizzen, oft se harkje wolle of net. 12Doe tilde in wynpûst my op en ik hearde achter my it lûd fan in sterk gerûs, mei’t de hearlikheid fan de Heare him fan syn stee opjoech; 13en it lûd fan ’e wjukken fan ’e libbene wêzens dy’t inoar rekken, it lûd fan ’e tsjillen dêrnjonken en it lûd fan in sterk gerûs. 14Doe tilde in wynpûst my op en naam my mei en dêr gong ik hinne, ferbittere en oerstjoer; swier lei de hân fan de Heare op my. 15Sa kaam ik by de oare ballingen yn Tel-Abib, dy’t by it Kebarkanaal wennen. Yn dat wenplak haw ik sân dagen by harren sitten, dat ik gjin wurd útbringe koe.
Ezechiël moat wachter wurde
16Mar doe’t dy sân dagen om wienen, krige ik dit wurd fan de Heare: 17Minskesoan, Ik haw dij wachter foar it folk fan Israel makke. Alle kearen datsto in wurd út myn mûle krijst, warskôgje har dan út myn namme. 18As Ik tsjin de goddeleaze sis, dat er sûnder mis stjerre sil, en do warskôgest him dan net en seist gjin wurd om him foar syn goddeleas dwaan te warskôgjen en him sadwaande yn it libben te hâlden, dan sil dy goddeleaze om syn eigen ûngerjochtichheid stjerre, mar syn bloed freegje Ik dij ferantwurding fan. 19Asto de goddeleaze wol warskôgest en hy him dochs net fan syn goddeleazens en syn goddeleas dwaan ôfkeart, dan sil hy om syn eigen ûngerjochtichheid stjerre, mar do hast dan dyn libben behâlden.
20As in rjochtskepen man net langer rjocht dwaan wol, mar ûnrjocht docht en Ik lit him dêroer stroffelje, dan sil er stjerre. Asto him net warskôgest, dan stjert er om syn sûnde; en de rjochtfeardige dieden dy’t er dien hat, telle net mear mei, mar syn bloed freegje Ik dij ferantwurding fan. 21Mar asto de rjochtskepene warskôgest om net te sûndigjen en hy docht it ek net, dan sil er sûnder mis yn libben bliuwe, omdat er him warskôgje litten hat, en dêrmei hasto dyn libben behâlden.
Juda en Jeruzalem bedrige
22Doe lei de Heare dêr de hân op my en Hy sei: Kom oerein, gean de delling yn en dêr sil Ik dy oansprekke. 23Ik kaam oerein en gong de delling yn. En sjoch, dêr stie de hearlikheid fan de Heare. Dy stie dêr krekt-en-gelyk as de hearlikheid dy’t ik oan it Kebarkanaal sjoen hie. Ik liet my foaroer delfalle. 24Doe kaam der in geast yn my en dy holp my oerein. Hy spriek my oan en sei tsjin my: Gean hinne en slút dysels yn dyn hûs op. 25Mar minskesoan, tink derom, do silst mei bannen bûn en fêstset wurde, datst net mear ûnder de minsken komme kinst. 26Ik lit dy de tonge oan it ferwulft fêstklibje, datsto stom wurdst en net mear de man wêze kinst, dy’t har te plak set, oerhearrich folk dat it is. 27Mar as Ik dy oansprek, dan sil Ik dy de mûle wer iepenmeitsje en dan silst tsjin har sizze: Dit hat God de Heare te sizzen: Wa’t harkje wol, lit dy harkje en wa’t dat net wol, dy docht it mar net, oerhearrich folk dat it is.