Ezechiël 2
Ezechiël wurdt ta profeet roppen
1Dy sei tsjin my: Minskesoan, kom oerein, dan sil Ik dy oansprekke. 2Mei’t Er my oanspriek, kaam der in geast yn my en dy holp my oerein. Ik hearde Him tsjin my praten 3en tsjin my sizzen: Minskesoan, Ik stjoer dy nei de Israeliten ta, in oerhearrich folk, dat it tsjin My yn ’e kant set hat; se binne tsjin My yngien, hjasels en har foarâlden en dat duorret oan hjoed-de-dei ta; 4dy fan no, dêr’t Ik dij op ôfstjoer, hawwe stive koppen en binne spikerhurd. Do moatst tsjin har sizze: Dit hat God de Heare te sizzen: 5Oft se dernei harkje wolle of net, oerhearrich folk dat it is, se sille teminsten witte, dat se in profeet yn har fermidden hawwe. 6Mar do, minskesoan, wês net bang foar har en foar wat se sizze, en wurd net kjel, ast har sjochste al is ’t allegear toarnen en stikels om dy hinne en sitst op skorpioenen. Wês net bang foar wat se sizze, en wurd net kjel fan it gesicht dat se sette, oerhearrich folk dat it is. 7Do moatst har myn wurden hearre litte, oft se dernei harkje wolle of nèt, oerhearrich folk dat it is.
8Mar do, minskesoan, hear nei wat Ik tsjin dy sis: Wês net oerhearrich lykas dat oerhearrich skaai. Doch de mûle iepen en yt wat Ik dy jou. 9Doe seach ik dat my in hân tastutsen waard mei in boekrôle. 10Hy rôle dy foar my iepen en dy wie oan ’e foar- en oan ’e achterkant hielendal folskreaun; it wienen kleilieten, wee- en jammerklachten.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap