Ezechiël 4
Jeruzalem belegere
1Minskesoan, nim in klaaitichel, lis dy foar dij del en tekenje dêr in stêd op, Jeruzalem. 2Slút dy stêd yn, bou der belegeringswurken tsjin en smyt der in skâns tsjin op, set legerkampen út en stel om de hiele stêd hinne stoarmrammen op. 3Nim dan in izeren bakplaat en set dy as in izeren muorre tusken dysels en dy stêd; kear dy dan mei it gesicht nei de stêd ta; en dy is yn steat fan belegering en do bist de man dy’t it docht. Dat is dan in teken foar it folk fan Israel.
4Gean dan op ’e linkerside lizzen en draach sa de ûngerjochtichheid fan it folk fan Israel: safolle dagen ast op dy side leist, sa lang silst ek har ûngerjochtichheid drage. 5Safolle jierren as har ûngerjochtichheid no al oanhâldt, like folle dagen jou Ik dij om dy te dragen: trijehûndert en njoggentich; sa silsto de ûngerjochtichheid fan it folk fan Israel drage. 6Ast dy tiid fol makke hast, gean dan wer lizzen, mar no op ’e rjochterside en draach de ûngerjochtichheid fan it folk fan Juda; fjirtich dagen lang. Ik rekkenje ien dei foar elk jier. 7Kear dy dan mei it gesicht nei it belegere Jeruzalem ta, strûp de mouwe op en profetearje tsjin dy stêd. 8Sjoch hoe’t Ik dij mei touwen byn, datst dy net fan ’e iene side op ’e oare keare kinst; do moatst de dagen fan dyn benearing earst fol meitsje.
De úthongere stêd
9Nim dan weet en koarn, grutte beane en reade earte, swart koarn en spjelt, doch dat trochinoar yn in pôt en meitsje dêr dyn brea fan: dat sil dyn iten wêze al de dagen datsto op dyn iene side lizze moatst, 390 dagen lang. 10It iten datst krigest, moatst ôfwage, tweintich sikkel deis en op fêste tiden moatst it opite. 11Wetter moatst ek sunich mei wêze: in mingel deis; en op fêste tiden moatst it opdrinke. 12Dyn iten moat der útsjen as koarnkoeken en do moatst it foar har eagen bakke op droege minskedong. 13En de Heare sei: Sa sille dy fan Israel har brea ûnrein ite by de heidenfolken dêr’t Ik har hinne ferbalje.
14Mar ik sei: O God myn Heare, ik ha mysels noch noait ûnrein wurde litten: fleis fan in stoarn of fan in ferskuord bist haw ik fan jongs ôf oan noch noait iten, bidoarn offerfleis haw ik noch noait in mûle op set. 15Doe sei Er tsjin my: No, dan meist fan my kowedong ynpleats fan minskedong brûke om dêr dyn brea op te bakken.
16Dêrnei sei Er tsjin my: Minskesoan, tink der mar om, Ik meitsje, dat der krapte fan brea komt yn Jeruzalem: yn soargen sille se it brea ôfwage om te iten en mei benaudens it wetter ôftaapje om te drinken. 17Ja, it sil mei iten en drinken by harren sà krap omkomme, dat de iene nei de oare dermei oan is en weitart troch syn ûngerjochtichheid.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap