Jeruzalem in rustige pôt
1Yn it njoggende jier, op ’e tsiende dei fan ’e tsiende moanne, krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, skriuw foar dysels op wat mannichste oft it hjoed is, want hjoed hat de kening fan Babel Jeruzalem ynsletten.
3Hâld dat oerhearrich skaai no in gelikenis foar en sis tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen:
Set in pôt op it fjoer,
doch dat en jit der wetter yn.
4Doch der stikken fleis by,
allegear útsochte stikken fan foar- en achterbout,
meitsje him fierders fol mei it bêste fan ’e bonken.
5Nim ien fan ’e fetste skiep
en lis it hout derûnder om.
Bring de saak fiks oan ’e soad,
dat sels de bonken goed trochsiede.
6Want God de Heare hat dit te sizzen:
Wee dy bloedstêd, wee dy rustige pôt,
dêr’t de rust net ôf te krijen is.
Se helje de stikken fleis der ien foar ien út,
al is it lot noch net fallen.
7It bloed, dat se fergetten hat, leit der noch:
se hat it op ’e keale rots rinne litten
en net op ’e grûn útgetten,
dêr’t it yn ’e moude weisakje soe.
8Om grammoedichheid op te roppen
en wraak komme te litten haw Ik dat fergettene bloed op ’e keale rots rinne litten,
dat it net weireitsje soe.
9Dêrom hat God de Heare dit te sizzen:
Wee dy bloedstêd,
Ik sels sil in grut houtfjoer oanlizze.
10Tôgje mar in heap hout oan,
en stek it yn ’e brân,
lit it fleis goed gear wurde,
lit it sop fersiede,
dat de bonken ferbaarne.
11Set de lege pôt dan op it koalfjoer,
dat er sa hjit wurdt,
dat it koper der read fan is,
de smoargens dy’t der oan sit, weiraant
en de rust dêrof giet.
12Mar alle geskrep hat om ’e nocht west,
de rust siet sa djip, dat dy woe der net ôf,
al dy rust moat it fjoer yn!
13Sa haw Ik ek besocht dyn smoarge ûntucht, dêrst dysels mei besmodze hiest, fan dy ôf te krijen, mar do wiest net skjin te krijen en dêrom silst noait wer skjin wurde, oant Ik myn grime op dy kuolle haw. 14Ik, de Heare, haw sprutsen en sa komt it, Ik doch it en lit it net oergean. Ik sil nimmen of neat út meilijen ûntsjen. Do krijst lean nei wurken, – is de godsspraak fan God de Heare.
Ezechiël mei net rouje oer syn frou
15Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 16Minskesoan, Ik sil dy mei ien slach de frou ôfnimme dy’t dyn eachappel is, en do meist der gjin rouklacht om hearre litte; do meist der net om skrieme of der in trien om litte. 17Suchtsje yn stilte, mar hâld gjin deadeklacht; doch gewoan de tulbân op en de skuon oan, doch neat oer de boppelippe en yt net fan it leedbrea dat de lju bringe. 18De moarns spriek ik it folk ta en de jûns stoar myn frou. De oare moarns die ik wat my oplein wie. 19De minsken fregen my: Soenen jo ús net sizze kinne watfoar doel it hat, dat jo sa dogge? 20Ik sei tsjin harren: Dit wurd haw ik fan de Heare krige: 21Sis tsjin it folk fan Israel: Dit hat God de Heare te sizzen: Sjoch, Ik sil myn hillichdom ûntwije, de pracht dêr’t jim sa grut op geane, jimme eachappel, dêr’t jim mei hert en siel oanhingje. De soannen en dochters dy’t jim achterlitte moatte, komme troch it swurd te fallen. 22Dan sille jimme krekt sa dwaan, as ik dien haw; de boppelippe sille jim net wat oer dwaan en it leedbrea dat de lju jim bringe, sille jimme net fan ite. 23Hâld de tulbân mar op en de skuon oan; hâld gjin rouklacht en gean net sitten te skriemen; om jim ûngerjochtichhede sille jim weikwine en mei-inoar sitte te suchtsjen. 24Sa wurdt Ezechiël in teken foar jimme. As it komt, sille jim krekt sa dwaan, as hy dien hat, en dan sille jim witte, dat Ik God de Heare bin. 25En do, minskesoan, as it safier is, dat Ik fan harren weinim: har skoandere taflecht, dêr’t se sa wiis mei binne, har eachappel, dêr’t se mei hert en siel oan hingje, har soannen en har dochters, – 26dyselde deis sil, dy’t dêroan ûntkommen is, grif by dy komme om dy it nijs oer te bringen. 27Dyselde deis sil dy de mûle wer iepengean om mei dy ûntkommene te praten en do silst wer prate kinne en net langer stom wêze. Sa silst in teken foar harren wêze en hja sille witte, dat Ik de Heare bin.