Ezechiël 25
Profesij tsjin ’e Ammoniten
1Dit wurd fan de Heare krige ik: 2Minskesoan, kear dy nei de Ammoniten ta en profetearje tsjin harren. 3Sis tsjin de Ammoniten: Hear it wurd fan God de Heare. Dit hat God de Heare te sizzen: Doe’t se myn hillichdom ûntwijden, doe’t se Israels grûn ferrinnewearren en doe’t it folk fan Juda de ballingskip yn gong, hawwe jimme roppen: ‘Moai sa.’ 4Sjoch, dêrom jou ik jim oan ’e stammen fan it Easten oer, dan kinne dy har tintekampen by jim opslaan en dêr har wenplakken hawwe. Dy sille jim fruchten opite en jimme molke drinke. 5Fan Rabba meitsje Ik in kamiel-weide en fan it hiele Ammonitelân in plak dêr’t it lytsfee him mar deljaan kin. Dan sille jim witte, dat Ik de Heare bin. 6Ja, dit hat God de Heare te sizzen: Jim hawwe yn ’e hannen klapt en mei de fuotten stampt en hienen sa’n wille om dat djip ferachte lân fan Israel. 7Sjoch, dêrom stek Ik myn hân nei jimme út en jou jim as bút oan’e heidenfolken oer; Ik snij jim tusken de naasjes wei en skras jim as ien fan ’e lannen; ferdylgje sil Ik jimme, en dan sille jim witte, dat Ik de Heare bin.
Profesij tsjin ’e Moäbiten
8Dit hat God de Heare te sizzen: Moäb en Seïr hawwe sein: Och, dat folk fan Juda is ek al net oars as de oare folken. 9Sjoch, dêrom sil Ik alle stêden op ’e kanten fan Moäbs bergen keal meitsje en weireagje, stik foar stik, dy pronkstikken fan it lân: Bet-Jesjimot, Baäl-Meön en Kirjataïm. 10De stammen fan it Easten jou Ik it yn eigendom tagelyk mei de Ammoniten; dan sil der ûnder de folken net ien mear oan ’e Ammoniten tinke. 11Sa hâld Ik rjochtdei oer de Moäbiten en dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.
Profesij tsjin ’e Edomiten
12Dit hat God de Heare te sizzen: Om wat Edom misdien hat mei syn wraak op it folk fan Juda, om de swiere skuld dy’t hy him sadwaande op ’e hals helle hat, 13dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Ik stek myn hân nei Edom út en ferdylgje dêr mins en dier; Ik meitsje der in woestenij fan, fan Teman ôf oan Dedan ta: se komme troch it swurd te fallen. 14Myn wraak op Edom jou Ik it folk fan Israel yn hannen; dat sil mei Edom dwaan, sa’t Ik yn myn grime en grammoedigens freegje; it sil gewaar wurde, wat myn wraak betsjut.
Profesij tsjin ’e Filistinen
15Om wat de Filistinen mei har wraak misdien hawwe, om’t se út djippe ferachting wraak nommen hawwe en út ivige fijânskip oan ’t fernielen gien binne, 16sjoch, dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Ik stek de hân út nei de Filistinen en Ik roegje de Kearetiten út en wat der yn it lân oan ’e seekant noch oer is, ferdylgje Ik. 17Sa sil Ik op in skriklike wize wraak nimme en harren yn myn grime ôfstraffe. Dan sille se witte, dat Ik de Heare bin, as Ik wraak op harren nim.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap