De twa huorkerige susters
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, der wienen ris twa froulju, dochters fan ien-en-deselde mem; 3dy spilen de hoer yn Egypte. Yn har jonge jierren spilen se de hoer al: dêr lieten se har boarsten streakje en waarden har jongfammetitten betaaste. 4Dit wienen har nammen: de âldste hiet Ohola en har suster Oholiba. Hja waarden Mines en krigen soannen en dochters. Om op dy nammen werom te kommen: Samaria is Ohola en Jeruzalem Oholiba. 5Hoewol’t se oan My hearde, spile Ohola de hoer, sljocht as se wie op har frijers, sa’t se har mar foar de fuotten kamen, de Assyriërs, 6klaaid yn pears-poarper, steedhâlders en lânfâden, kreaze jongkeardels allegearre, ruters dy’t goed op ’t hynder sieten. 7Dêr huorke se mei om. It wie ek allegear earste keur, dy Assyriërs. En se besmodze har mei al de ôfgoaden fan de lju dêr’t se gleon op wie. 8Tagelyk gong se troch mei de huorkerij dy’t se yn Egypte skipe hie, dêr’t de manlju har yn har jonge jierren al besliept hienen en har jonge boarsten betaast en har ûntucht op har úttjirge hienen. 9Dêrom haw Ik har oerlevere oan har frijers, de Assyriërs, dêr’t se sa gleon op is. 10Dy hawwe har neaken útklaaid, har soannen en dochters meinommen en harsels mei it swurd ôfmakke. Sa is se in sprekkend foarbyld wurden by de froulju; der is rjochtdei oer har hâlden.
Oholiba is neat better
11Har suster Oholiba hie dat allegear sjoen, mar dy har sûndige begearte wie noch gleoner as harres en dy spile noch slimmer de hoer as har suster. 12Se wie ek gleon op ’e Assyriërs, de steedhâlders en de lânfâden, striders yn fol ornaat, ruters dy’t goed op ’t hynder sieten, kreaze jongkeardels allegearre. 13Ik seach, hoe’t se harsels besmodze. It wie mei har beiden ien-tût-mem. 14Mar sij huorke noch folle slimmer; se seach mânlju op ’e muorre útskildere, ôfbyldings fan Chaldeeërs, yn reade meny; 15dy hienen in mulbân om en in tulbân mei útstekkende rânen op. It liken allegearre wol hege ofsieren en se seagen derút as Babyloaniërs, fan Chaldeesk komôf. 16Sa gau’t se dy seach, waard se der gleon op en stjoerde se lju nei Chaldéa, mei boadskip foar harren. 17Sa kamen der Babyloaniërs by har om mei har op bêd en dy besmodzen har mei har ûntucht. Mar doe’t se sa troch harren besmodze wie, krige se skjin har nocht fan dy lju. 18Dat huorkjen makke se gjin geheim fan, nee se liet har neaken en bleat sjen. Dat Ik krige skjin myn nocht fan har, sa’t Ik it ek fan har suster hân hie. 19Mar hja gong mar troch mei har huorkerij en tocht oan har jonge jierren, doe’t se yn Egypte de hoer spile. 20Hja wie gleon op har willige frijers, dy’t sa jachtich as ezels en sa geil as hynsten wienen. 21Ja, do woest werom nei de ûntucht fan dyn jonge jierren, doe’t dy fan Egypte dyn titten betaasten, as se op dyn jonge boarsten omstreaken.
Oholiba wurdt de straf oansein
22Dêrom Oholiba, hat God de Heare dit te sizzen: Tink hjir mar om, Ik set dy frijers fan dij, dêrst dyn nocht fan krige hast, tsjin dy op en lit se fan alle kanten op dy ôfkomme: 23De Babyloaniërs en al de Chaldeeërs, de lju fan Pekod, Sjowa en Kowa en alle Assyriërs derby, kreaze jongkeardels, steedhâlders en lânfâden, hege ofsieren en oare mannen fan oansjen, dy’t allegearre goed op ’t hynder sitte. 24Dy komme op dy ôfsetten mei gâns weinen en striidkarren en mei in bûn fan folken achter har, wapene mei grutte en lytse skylden en helms op ’e holle; sa komme se fan alle kanten op dy ta. Ik machtigje harren rjochtdei oer dy te hâlden en se sille dat dwaan neffens har eigen rjocht en wet. 25Ik lit myn baarnende oergeunst op dy los; se sille dij har grime fiele litte; se sille dij noas en earen ôfsnije en wat der fan dy oer is, komt troch it swurd te fallen; dyn soannen en dochters nimme se mei en wat der dan noch fan dy oer is, sil troch it fjoer fertard wurde. 26Se sille dy de klean útstrûpe en dy dyn sieraden ôfnimme. 27Sa meitsje Ik in ein oan dyn ûntucht en huorkerij, dyst al yn Egypte skipe hiest; dan silst net langer mei longerjende eagen nei harren sjen en net mear oan Egypte tinke.
28Ja, dit hat God de Heare te sizzen: Tink hjir mar om, Ik leverje dy oer oan ’e lju dyst hatest en dêrst skjin dyn nocht fan hast. 29Se sille dij har hate fiele litte, dy alles ôfnimme watst bespûn hast en dy neaken en bleat lizze litte; dyn hiele lichem dêrst de hoer mei spile hast, komt neaken en bleat. It binne dyn ûntucht en huorkerij 30dy’t dij dat oandien hawwe; dat achter de heidenfolken oanrinnen en dermei omhuorkjen, dêr komt it fan; do hast dysels besmodze mei har smoarge ôfgoaden. 31Do bist deselde wei opgien as dyn suster, dêrom jou Ik dij deselde beker te drinken as har. 32Dit hat God de Heare te sizzen:
Deselde beker as dyn suster krijsto te drinken,
sa djip en sa wiid as er is;
– útlake en bespot silst wurde –
om’t dy beker sa folle ynhâldt.
33Dronkenens en ellinde rekkest fol fan:
de beker fan dyn suster Samaria is in beker dy’t fernieling en ferwoesting ynhat.
34Dy moatsto drinke, hielendal leechdrinke,
dan moatst him yn diggels bite
en dêr dysels de boarsten mei iepenritse.
Dat is myn wurd – is de godsspraak fan God de Heare.
35Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Do hast My fergetten en achter dy smiten; draach no sels de straf mar foar dyn ûntucht en dyn huorkerij.
Opdracht oan ’e profeet
36Doe sei de Heare tsjin my: Minskesoan, soesto net rjochtdei hâlde oer Ohola en Oholiba? Hâld harren dan har skandlike praktiken foar! 37Want se hawwe de trou brutsen en it bloed sit har oan ’e hannen; ja se hawwe mei har smoarge ôfgoaden omhuorke en sels har eigen bern, dy’t se foar My te wrâld brocht hienen, har as iten tawijd. 38Boppedat hawwe se My dit oandien: se hawwe tagelyk myn hillichdom besmodze en myn fêste sabbat ûnthillige. 39Deselde deis dat se har soannen foar har smoarge ôfgoaden slachte hienen, gongen se myn hillichdom yn om it dêrmei te besmodzjen, ja, dat dienen se yn myn eigen hûs. 40Dêr komt noch by, dat se manlju út in fier lân komme litten hawwe. Dêr hienen se in boade hinne stjoerd en ja, se kamen; dy manlju hasto dy foar wosken; dêr hasto dy de eagen foar bywurke en hast dy foar oppronke mei sieraden. 41Do bist op in pronkbed sitten gien, dêr’t in reemakke tafel foar stie; dêr hast de wijreek en de oalje op set, dy’t My takamen. 42In rûzige mannichte fan soargeleazen stie dêr omhinne en behalve manlju fan allerhanne naasje wienen der ek Sabeeërs út ’e woestyn hinne brocht; dy dienen de froulju earmbannen om en setten har moaie krânsen op ’e holle. 43Ik tocht: Soenen se mei sa’n fersutere frommis noch omhuorkje? 44En dochs kamen se by har, sa’t men dat by in hoer docht; sa kamen se by Ohola en Oholiba, dy huorren fan froulju. 45Mar rjochtfeardige mannen sille rjochtdei oer har hâlde, sa’t men rjochtdei hâldt oer froulju dy’t troubrekke en bloed ferjitte, want troubreksters binne it en de hannen sitte har ûnder it bloed. 46Ja, dit hat God de Heare te sizzen: Lit in folksfergearring tsjin dy beide froulju yn aksje komme en har oerleverje oan mishanneling en plondering. 47Dy folksfergearring sil harren stiennigje en mei swurden delhouwe. Har soannen en dochters sille se deameitsje en har huzen platbaarne. 48Sa meitsje Ik it lân frij fan ’e ûntucht en alle froulju sille warskôge wêze en doch net sa ûntuchtich as jimme. 49Jimme ûntucht wurdt jim werombetelle en de straf foar jim smoarge ôfgoaderij sille jim drage moatte en dan sille jim witte, dat Ik God de Heare bin.