It sûnderegister fan Jeruzalem
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, soesto net rjochtdei hâlde, rjochtdei oer dy bloedstêd? Hâld har al har skandlike praktiken foar 3en sis: Dit hat God de Heare te sizzen: Stêd, do dyst it bloed mar streame litst binnen dyn muorren en sadwaande dyn oere nei dy tahellest en smoarge ôfgoaden makkest om dysels mei te besmodzjen – 4it bloed datsto fergetten hast, leit as in skuld op dy en mei de smoarge ôfgoaden dyst makke hast, hast dysels besmodze. Dêrmei hast dyn dagen ynkoarte en de ein fan dyn jierren tichterby brocht. Dêrom meitsje Ik dy in ôfgriis foar de oare folken en in bespotting foar alle lannen. 5Tichteby en fierôf, allegear sille se de gek mei dy hawwe, do mei dyn besmodze namme en altyd yn ûnstjoer. 6De foarmannen fan Israel hawwe stik foar stik mei alle macht dwaande west binnen dyn muorren bloed streame te litten. 7Heit en mem wurde by dy net mear yn eare hâlden, de frjemdling wurdt geweld oandien, wees en widdo wurde min behannele. 8Wat My hillich is, hasto leechlein en myn fêste sabbat hasto ûnthillige. 9By jim binne ferklikkers op bloedferjitten út, wurde offermiellen op ’e bergen holden en oare skandlike dingen dien. 10By jim hat de soan gedoente mei syn styfmem en wurdt de frou dy’t de regels hat, net mei rêst litten. 11De iene komt de frou fan syn buorman tenei, in oarenien kin net fan syn skoandochter ôfbliuwe, in tredden kin syn eigen healsuster net mei rêst litte. 12By jim litte se har omkeapje om ien fan kant te meitsjen; jim jouwe jild te lien tsjin woekerrinte en sette de lju ôf; jim hâlde jim neiste derûnder om him út te rûpeljen. En oan My tinke jimme net mear – is de godsspraak fan de Heare.
13Sjoch, Ik slach mei de fûst om de smoarge winst dysto makke hast en om it bloed dat binnen dyn muorren fergetten is. 14Soe dyn moed en krêft it úthâlde kinne, as de tiid komt, dat Ik dy oanpak? Ik, de Heare, haw sprutsen en doch it. 15Ik sil dy ûnder de folken ferstruie en oer de lannen fersilje; sa help Ik dy finaal fan dyn smoargens ôf. 16Sa silst troch eigen tadwaan foar it each fan ’e folken dyn eare ferspylje en silst witte, dat Ik de Heare bin.
Israel wurdt raand yn ’e oven
17Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 18Minskesoan, it folk fan Israel is foar My slakkeguod wurden: brûns, tin, izer of lead; yn ’e smeltkûp is it allegear slakkeguod wurden. 19Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Om’t jimme allegear slakkeguod wurden binne, dêrom bring Ik jim midden yn Jeruzalem byinoar. 20Sa’t men sulver, brûns, izer, lead en tin byinoar docht yn ’e smeltkûp, dan it fjoer fûl oanpûst om it te ranen, sa sil Ik jimme yn myn grime byinoar dwaan en jim rane litte yn myn grammoedichheid. 21Ja, Ik bring jim byinoar en pûst it fjoer oan fan myn grime tsjin jimme en dêr sille jim yn rane. 22Sa’t sulver yn ’e smeltkûp raand wurdt, sa sille jimme deryn raand wurde en dan sille jim witte, dat Ik, de Heare, myn grime oer jim útstoart haw.
It kwea sit by it hiele folk
23Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 24Minskesoan, sis tsjin har: Do bist as in lân dêr’t gjin reinwetter op fallen is en dêr’t gjin stjalprein op delkommen is yn ’e tiid fan ’e gleone grime. 25De foarmannen dy’t der binne, lykje wol grânzgjende liuwen dy’t har bút ferskuorre; hja hawwe minsken ferslynd, rykdommen en kostberheden meitôge en gâns froulju widdo makke. 26De prysters dy’t der binne, hawwe myn wet ferdraaid en wat My hillich is, ûnthillige; se meitsje gjin ûnderskied tusken hillich en ûnhillich; se leare it folk net rein en ûnrein útinoar te hâlden en myn fêste sabbat nimme se gjin notysje fan. Sa wurd Ik yn har fermidden ûnthillige. 27De hege hearen yn har fermidden binne as wolven dy’t de bút ferskuorre, bloed ferjitte en minsken de ûndergong oandogge om mar ynklauwe te kinnen. 28De profeten dy’t der binne, bestrike de saak mei witerskalk; se komme mei falske fizioenen en leagenorakels oan en sizze dan: ‘Dit hat God de Heare te sizzen!’ wylst de Heare hielendal net sprutsen hat. 29De lânadel is neat oars as in keppel geweldners en rovers; de earme en de lytse man hâlde se derûnder; de frjemdling mishannelje se tsjin alle rjocht yn. 30Ik socht ûnder harren om ien dy’t de muorre wer tichtmitselje koe en dy’t foar myn eagen yn ’e bres stean woe en soargje, dat Ik it lân de ûndergong net hoegde oan te dwaan. Mar Ik fûn gjinien. 31Doe haw Ik myn grime oer harren útstoart; yn it fjoer fan myn grammoedichheid haw Ik harren ferdylge; har hâlden en dragen haw Ik op har eigen holle delkomme litten – is de godsspraak fan God de Heare.