Tsjin ’e ôfgodtsjinners
1Guon fan ’e âldsten fan Israel kamen by my en doe’t se foar my stienen, 2krige ik dit wurd fan de Heare: 3Minskesoan, dizze mannen hingje mei hert en siel oan har smoarge ôfgoaden en hâlde de eagen stiif op ’e ûngerjochtichheden dêr’t se troch stroffelje. Soe Ik My dan troch sokke lju befreegje litte? 4Dêrom sprek har sa ta: Dit hat God de Heare te sizzen: Elke man fan Israel dy’t mei hert en siel oan syn smoarge ôfgoaden hinget en de eagen stiif hâldt op ’e ûngerjochtichheden dêr’t er troch stroffelet, en dan by de profeet ferskynt, dy krijt fan My, de Heare, sadree’t er komt, it antwurd dat past by al syn smoarge ôfgoaden. 5Dat ik dêrmei it folk fan Israel yn it hert reitsje mei, ferfrjemde as se fan My binne, allegearre, troch har smoarge ôfgoaden.
6Sis dêrom tsjin it folk fan Israel: Dit hat God de Heare te sizzen: Bekear jimme, kear jim ôf fan jim smoarge ôfgoaden en sjoch net mear om nei al dy stikken ôfgriis fan jimme. 7Want foar elke man út it folk fan Israel of fan ’e frjemden dy’t yn Israel tahâlde, jildt: Wa’t him fan My losmakket en mei hert en siel oan syn smoarge ôfgoaden hinget en de eagen stiif hâldt op ’e ûngerjochtichheden dêr’t er troch stroffelet, en dan by de profeet komt om in útspraak fan My, dy kriget fan My, de Heare, it passende antwurd. 8Ik kear My tsjin dy man. Ik meitsje dat er foar spot komt te stean; Ik sil him út myn folk weisnoeie en dan sille jim witte, dat Ik de Heare bin. 9Mar as dy profeet him ferliede lit en doch in útspraak, dan bin Ik, de Heare, it, dy’t dy profeet ferlied. En Ik sil myn hân tsjin him keare en him út myn folk Israel weiroegje. 10Beide moatte se foar har skuld stean, de profeet likegoed as de man dy’t him om in útspraak freget. 11Dan sil it folk fan Israel net mear fan My ôfdwale en har net langer besmoargje mei har wandieden. Dan sille se myn folk wêze en Ik har God, is de godsspraak fan God de Heare.
Trije pleiters en fjouwer oardielen
12Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 13Minskesoan, bywannear’t in lân tsjin My sûndiget troch ûntrou, en Ik kear myn hân tsjin dat lân en meitsje, dat der krapte fan brea komt, en Ik stjoer de honger derop ôf en roegje minske en bist út, 14al wienen dan dizze trije mannen yn har fermidden, Noäch, Daniël en Job, dan soenen dy mei har gerjochtichheid allinne harsels rêde kinne, is de godsspraak fan God de Heare. 15Of as Ik wylde dieren op dat lân loslit om it folk dêr te ferdylgjen, dat it in wyldernis wurdt dêr’t gjin mins mear troch giet fanwegen de wylde bisten, 16al wienen dan dy trije mannen yn har fermidden, – sa wier as Ik libje, is de godsspraak fan God de Heare – se soenen har soannen en dochters net iens rêde kinne; se soenen allinne harsels rêde en it lân soe likegoed in wyldernis wurde. 17Of as Ik it swurd oer dat lân bring en sis: Swurd, gean dat lân troch en roegje dêr minske en bist út, 18al wienen dan dy trije mannen yn har fermidden, – sa wier as Ik libje, is de godsspraak fan God de Heare – se soenen har soannen en dochters net iens rêde kinne, se soenen allinne harsels rêde. 19Of as Ik de pest op dat lân ôfstjoer en myn grammoedichheid deroer útstoart, dat it bloed dernei giet om minske en bist út te roegjen, 20al wienen dan Noäch, Daniël en Job yn har fermidden, – sa wier as Ik libje, is de godsspraak fan God de Heare – se soenen soan noch dochter rêde kinne; mei har gerjochtichheid soenen se allinne harsels rêde. 21Ja, dit hat God de Heare te sizzen: Hoefolleste slimmer sjocht it der dan net út as Ik myn fjouwer slimme oardielen op Jeruzalem ôfstjoer: it swurd, de honger, de wylde bisten en de pest, om dêr minske en bist út te roegjen. 22En as dêr dan guon oerbliuwe dy’t der libben útkomme en soannen en dochters derút bringe, as dy dan by jimme komme en jim sjogge har hâlden en dragen, dan sille jim it goed krije kinne dat Ik al dat ûnheil oer Jeruzalem komme litten haw, ja alles wat Ik oer dy stêd komme litten haw. 23Jim sille it goed krije kinne, as jim sjogge, hoe’t har hâlden en dragen west hat. Jim sille dan witte, dat Ik alles wat Ik Jeruzalem oandie, net samar dien haw, is de godsspraak fan de Heare God.